Meisenheim
Meisenheim is in plak oan de rivier de Glan yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
Meisenheim | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Bad Kreuznach | |
ferbânsgemeente | Nahe-Glan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.805 (2021) | |
Oerflak | 10,33 km² | |
Befolkingsticht. | 272 ynw./km² | |
Hichte | 158 m | |
Oar | ||
Stifting | Midsiuwen (ierste ferm: 1154) | |
Postkoade | 55590 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 49° 42'N 7° 40'E | |
Offisjele webside | ||
www.stadt-meisenheim | ||
Kaart | ||
Bestjoer
bewurkje seksjeMeisenheim makket diel út fan de Nahe-Glan en is de sit fan de ferbânsgemeente Meisenheim.
Skiednis
bewurkje seksjeDe oarsprong fan Meisenheim leit nei alle gedachten yn in 7e-iuwske Frankyske delsetting. De namme Meisenheim dûkt foar it earst op yn in oarkonde fan it kleaster Disibodenberg (Meysinheim: Hûs fan Meiso). Loadewyk de Beier ferliende de stêd op 22 maart 1315 stedsrjochten. Fan de midsiuwske stedsmuorren dy't doe boud binne bleaune grutte dielen mei in poarte en twa tuorren bewarre. Doe't yn 1444 de hartoggen fan Palts-Zweibrücken de stêd bestjoerden briek in grutte bloei oan fan de stêd, itjinge hjoeddedei noch oan in tal grutte bouwurken is te sjen (De Slottsjerke (1479-1504), de Markthal, it Thayn'sches Hûs, it let-goatyske Riedshûs, de Ridderherberch en in grut tal huzen).
Under it Hûs Palts-Zweibrücken waard de reformaasje al betiid ynfierd; yn 1526 fûn de earste protestantske tsjinst yn de Slottsjerke plak. Noch altiten is Meisenheim in yn mearderheid protestantske stêd (yn 2011 wie 57 % fan de ynwenners lid fan de protestantske tsjerke, wylst 20 % katolyk wie).[1]).
Yn de 19e en 20e iuw bleau it âlde stedsbyld foar in grut part yntakt.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De protestantske Slottsjerke (Schlosskirche) is in trijeskippige letgoatyske halletsjerke; boud yn 1479-1504. De tsjerke hat in monumintaal Stumm-oargel en in rokoko-preekstoel.
- De katolike Sint-Antonius fan Paduatsjerke waard yn de 17e iuw boud; de neobarokke toer stamt út 1902.
- De synagoge fan Meisenheim (Saarstraße) is ien fan de grutste en bêst bewarre synagoges fan de regio.
- It letgoatyske riedshûs (Untergasse/Marktplatz) datearret út it begjin fan de 16e iuw.
- Merkehal (Martkplatz)
- De lutherske tsjerke oan de Rathausgasse tsjinne oant de foarming fan de uny mei de kalvinisten yn 1836 as tsjerke foar de lutheranen.
- It Herzog-Wolfgangs-Haus waard yn 1614 boud en is it iennige dat oerbleau fan it eardere slot. Dit diel, dat súdlik fan de Slottsjerke stiet, waard yn gebrûk nommen troch de mem fan hartoch Johan II en tsjinne was widdosit foar de grevinnen fan it Hûs Palts-Zweibrücken.
- Op ferskate plakken yn de stêd binne dielen fan de âlde stedsfêsting te sjen.
- Yn de Amtsgasse is it Giele Hûs, ien fan de âldste fakwurkgebouwen fan it Glan- en Nahegebiet te sjen.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Slottsjerke
-
Benedenpoarte
-
Merkehal
-
Synagoge
-
Fakwurkhûzen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Meisenheim
|