Melissa Pander
Melissa Pander (Himmelum, 8 juny 2001) is in Fryske sjongeres út Aldemardum.
Melissa Pander | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Melissa Pander (2023) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 8 juny 2001 | |
berteplak | Himmelum | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
ynstrumint | Gitaar, piano | |
grutste hit(s) | Foarby | |
jierren aktyf | 2020 - no | |
prizen | Liet 2023 |
Har âlden meitsje muzyk en har beide susters dogge dat ek. Melissa Pander die by D’Drive yn Ljouwert in oplieding foar artyst, útfierend muzikant en die de MUZT musicaloplieding yn Snits. Neist sjongen spilet hja ek piano en gitaar. Se spile har eineksamenkonsert mei har ûndersteunende band ‘De Panders’. De band bestiet neist har as leadsjongeres (+akoestyske gitaar) út Jesper Huitema op toetsen, Danny van der Mei op drums, Boaz van der Brink op bas, Hylco Kootstra op elektryske gitaar en mei Rimke Span en Carinda Pander as eftergrûnstimmen.
Har repertoire bestiet út Nederlânsktalige, eigen skreaune muzyk fan akûstyske nûmers. Sûnt 2020 skriuwt Pander har eigen nûmers. Dat hja faker yn it Frysk skriuwe sil, stiet ek wol hast fêst.[1] Teffens spilet Pander yn musicals.[2]
Liet 2023
bewurkje seksjeYn 2023 wûn Melissa Pander yn it Ljouwerter poppoadium Neushoorn Liet 2023 mei it nûmer 'Foarby'. Fan de acht finalisten krige de band fan Melissa de measte punten fan de fak- en de publyksjuery. [3] Sadwaande mocht hja in moanne letter Fryslân fertsjintwurdigje by de earste edysje fan it Regio Songfestival. It Regio Songfestival wie in inisjatyf fan de trettjin regionale omroppen yn Nederlân. Se woene mei in eigen songfestival de rykdom oan (streek)talen en dialecten yn Nederlân fiere en it sjongen yn de eigen taal stypje. It Regio Songfestival waard op 4 novimber holden yn de Stedsskouboarch yn Utert. Alle trettjin regionale omroppen furdigen elk ien kanddaat ôf. Pander einige dêr as fyfte. [4] Yn maaie fan dat jier trede se op by it Befrijingsfestival yn Ljouwert.
It winnen fan Liet 2023 betsjutte dat se meidwaan mocht oan Liet International, it sjongfestival foar minderheidstalen yn Bastia op it Frânske eilân Korsika.[5] Hja einige dêr op it twadde plak.[6]
'Foarby' is in leafdesferske. ’It giet oer it gefoel datst wolst dat dat momint noait mear foarby giet’, sei se hjir sels oer.
Yn jannewaris 2024 wie Pander as ûnderdiel fan Gloria's Sound Machine te sjen yn it SBS6-telefyzjeprogramma Battle of the Bands.[7]
Yn de Fryske Top 100 fan 2023 wie 'Foarby’ mei in njoggende plak de heechste nije binnenkommer.
Diskografy
bewurkje seksje- Water bij de wijn (2024)
- Foarby (2023)
- Sta ik stil (2022)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|