New American Library

(Trochferwiisd fan Mentor Executive Library)

De New American Library (NAL), in namme dy't oerset wurde kin as de "Nije Amerikaanske Bibleteek", is in Amerikaanske útjouwerij dy't oprjochte is yn 1948 en fêstige is yn New York. Dit bedriuw leit him benammen ta op 'e publikaasje fan betelbere paperback-werprintings fan literêre klassiken en wittenskiplike útjeften, hoewol't it ek wol populêre lektuer en net-wittenskiplike non-fiksje op 'e merk bringt.

New American Library
algemien
hist. namme American Library of World Literature
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1948
oprjochter Victor Weybright en Kurt Enoch
eigner Pearson PLC
mem Penguin Group
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.nalauthors.com

De NAL waard yn 1948 oprjochte troch de Amerikaanske útjouwers Victor Weybright en Kurt Enoch, yn 't earstoan ûnder de namme fan American Library of World Literature ("Amerikaanske Bibleteek fan Wrâldliteratuer"). Fan it begjin ôf oan wie it in autonome Amerikaanske difyzje fan 'e Britske útjouwerij Penguin Books. By de NAL kamen wurken út fan skriuwers as James Joyce en William Faulkner, en hoewol't de ferkeap yn 'e Feriene Steaten sels de wichtichste merk foarme, eksportearre de NAL ek in protte nei it bûtenlân. Dêr kaam noch by dat it Amerikaanske Peace Corps, in helporganisaasje dy't jonge Amerikanen útstjoerde nei ûntwikkelingslannen, op in stuit 150.000 eksimplaren fan 52 NAL-titels bestelde om wei te jaan oan 'e frijwilligers.

Mei dêrtroch wie de NAL tige súksesfol en hie de útjouwerij tsjin 1965 fan 'e útjeften fan syn wichtichste ymprints, Mentor en Signet, mear as 50 miljoen eksimplaren ferkocht. Sels gie de NAL trije kear oer yn oare hannen. Yn 1960 waard it bedriuw oankocht troch Times Mirror fan Los Angeles, al behold it ûnder it nije bewâld syn autonomy. Yn 1983 kochten Odyssey Partners en Ira J. Hechler de NAL foar in bedrach fan mear as $50 miljoen fan Times Mirror. Fjouwer jier letter, yn 1987, waard de útjouwerij lykwols wer yntegrearre yn syn oarspronklike memme-ûndernimming, doe't de NAL oankocht waard troch de Penguin Group. Sûnt dy tiid is de NAL in difyzje fan Penguin bleaun.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.