Michael Wood (skiedkundige)

Michael Wood (folút: Michael David Wood; Manchester, 23 july 1948) is in Britsk skiedkundige, dokumintêremakker en presintator. Hy hat foar de BBC in grut tal dokumintêresearjes makke en presintearre oer histoaryske ûnderwerpen, wêrûnder guon dy't ek yn Nederlân útstjoerd binne troch Teleac. Wood is op 't heden heechlearaar skiednis oan 'e Universiteit fan Manchester.

Michael Wood (skiedkundige)
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Michael David Wood
nasjonaliteit Britsk
berne 23 july 1948
berteplak Manchester (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
wurksum as skiedkundige, dokumintêremakker
presintator
medium tillefyzje
jierren aktyf 1979 – no
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Michael Wood waard yn 1948 berne yn it Ingelske Manchester. Syn iere jonkheid brocht er troch yn 'e wyk Moss Side, mar doe't er acht jier wie, ferhuzen syn âlden mei him nei Wythenshawe. Hy trochrûn de middelbere skoalle oan 'e Manchester Grammar School, dêr't er belangstelling opfette foar toaniel. Neitiid studearre er skiednis en Ingelske taal- en letterkunde oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Oxford. Yn syn lêste stúdzjejier makke er in seis wiken duorjende rûnreis troch de Feriene Steaten. Nei't er yn sawol skiednis as Ingelsk in bachelortitel behelle hie, learde er oan deselde universiteit fierder om in mastergraad te beheljen yn Angelsaksyske skiednis. Nei trije jier briek er syn masterstúdzje lykwols ôf om sjoernalist te wurden foar de tillefyzjestjoerder ITV.

Yn 'e 1970-er jierren wurke Wood yn Manchester foar de BBC, wêrby't er earst ferslachjouwer wie en him doe opwurke ta produsint fan ferskate aktualiteiterubriken. Uteinlik kearde er lykwols werom nei syn skiedkundige eftergrûn, troch fan 1979 oant 1981 de dokumintêresearje In Search of the Dark Ages ("Op 'e Siik nei de Midsiuwen") te produsearjen en presintearjen. Yn dy rige died er ûndersyk nei de libbens fan û.m. Bûdikka, kening Arthur, Alfred de Grutte, Athelstan, Earik Bloedbile en Willem de Oermasterder. Op basis fan dizze tillefyzjerige skreau Wood ek syn earste boek.

Letter makke Wood dokumintêresearjes as In Search of the Trojan War ("Op 'e Siik nei de Trojaanske Oarloch") en Domesday: A Search for the Roots of England ("It Domesday Book: In Syktocht nei de Woartels fan Ingelân"). Fanwegen syn fermogen om skiednis op begryplike en ûnderhâldende wize út te lizzen, wûn er al rillegau grutte populariteit, benammen yn Grut-Brittanje, mar ek yn de Feriene Steaten en oare Angelsaksyske lannen, dêr't syn programma's ek geregeldwei útstjoerd waarden. Yn Nederlân waarden yn 'e 1990-er jierren syn searjes Legacy: A Search for the Origins of Civilisation ("Erfskip: In Syktocht nei de Boarnen fan 'e Beskaving") en In the Footsteps of Alexander the Great ("Yn de Fuotstappen fan Aleksander de Grutte") útstjoerd troch Teleac.

Yn 2006 joech Wood him by de saneamde Britske Skoalle foar Argeology yn Irak, in kampanje mei as doel om nije Iraakske argeologen te trenen. Oer dat ûnderwerp hold er yn Grut-Brittanje ek rûnom lêzings. Yn 2009 waard him in earedoktoraat takend troch de Sunderland Universiteit, folge troch noch ien fan 'e Universiteit fan Leicester yn 2011. Wood waard yn 2013 heechlearaar publike skiednis oan de Universiteit fan Manchester.

Priveelibben

bewurkje seksje

Ein santiger, begjin tachtiger jierren hie Wood in skoft in relaasje mei sjoernaliste en presintatrise Pattie Coldwell. Tsjintwurdich wennet er yn it noarden fan 'e Britske haadstêd Londen mei syn frou, tillefyzjeprodusinte Rebecca Ysabel Dobbs, en harren beide dochters Minakshi en Jyoti.

Dokumintêresearjes

bewurkje seksje
  • 1979-1980 – In Search of the Dark Ages
  • 1980 – Great Railway Journeys (ôfl. Zambezi Express)
  • 1983 – Great Little Railways (ôfl. Slow Train to Olympia)
  • 1985 – In Search of the Trojan War
  • 1986 – Domesday: A Search for the Roots of England
  • 1989 – Art of the Western World
  • 1992 – Legacy: A Search for the Origins of Civilisation
  • 1997 – In the Footsteps of Alexander the Great
  • 2000 – Conquistadors
  • 2003 – In Search of Shakespeare
  • 2005 – In Search of Myths and Heroes
  • 2007 – The Story of India
  • 2008 – Christina: A Medieval Life
  • 2009 – In Search of Beowulf
  • 2010 – Michael Wood's Story of England
  • 2012 – The Great British Story: A People's History
  • 2013 – King Alfred and the Anglo Saxons

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.