Michaeltsjerke (Eanjum)
De Michaeltsjerke is in tsjerkegebou fan de protestantske gemeente yn Eanjum.
Michaeltsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Eanjum | |
adres | Tsjerkepaed 2 | |
koördinaten | 53° 22'N 6° 07'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
patroanhillige | Aartsingel Michael | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 12e iuw | |
boustyl | romanogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31557 [1] | |
Webside | ||
PKN gemeente Eanjum | ||
Kaart | ||
Gemeente
bewurkje seksjeDe protestantske gemeente fan Eanjum ûntstie yn 2009, doe't de herfoarme en de grifformearde gemeente nei in skieding sûnt 1886 fusearren. De grifformearden hiene in grut modern tsjerkegebou, nei't yn 1969 harren âlde tsjerke troch brân ferneatige waard. Nei de fúzje krige it grifformearde tsjerkegebou de namme "De Bron". By "De Bron' is in sealesintrum dat it doarp brûke kin foar allegear aktiviteiten. Sûnt 14 febrewaris 2016 makket de gemeente allinne noch gebrûk fan de eardere herfoarme Michaeltsjerke.
Skiednis
bewurkje seksjeDe yn de katolike tiid oan de aartsingel Michael wijde tsjerke datearret út de 12e iuw. De âldste fan dowestien boude dielen fan de lange tsjerke binne te finen yn it westwurk en it westlike diel fan de noardlike muorre. It eastlike diel fan de noardlike muorre is 13e iuwsk, doe't de tsjerke langer makke waard. De ienskepige tsjerke waard yn de 16e iuw nei it suden ta ferbrede, sa dat de toer sûnt dy tiid net mear hielendal yn it midden fan it westwurk stiet. Tagelyk waard de noardlike muorre fan de tsjerke heger makke. Ut dy tiid datearret ek it fiifsidige koer. Yn de tiid fan de reformaasje trof in brân de tsjerke, wêrnei't de tsjerke in nije kape krige. By in sykloan yn 1681 rekke de tsjerke slim skansearre, doe't de toer op it dak stoarte en it oargel en de preekstoel ferneatige. De toer waard op 'e nij boud, mar minder heech as foarhinne. Yn de 18e iuw waarden steunbearen oan de noardlike muorre fan de tsjerke oanboud. De steunbearen oan it súdlike skip en it koer binne by de restauraasje fan de jierren 1970 oanbrocht. In foarse steunbear tsjin it westwurk waard yn dy tiid ferwidere.
Ynrjochting
bewurkje seksjeBewarre út de roomske tiid is it goatyske sakramintshûs oan de noardlike muorre fan it koer. Under de toer is in 17e iuwsk hûnegat. De klok fan de toer waard yn 1618 troch Hans Falck getten en hat in diameter fan 130 sintimeter. In twadde klok út 1742 waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere en kaam net werom. De iken preekstoel waard krekt nei 1681 oanskaft. De trep is 18e iuwsk en oarspronklik ôfkomstich út de katolike tsjerke fan De Kúnder (Oerisel). De preekstoel stie yn de 20e iuw oant 1975 noch yn it eastlike koer, mar krige nei de restauraasje it plak oan de súdlike muorre werom. Op de preekstoel leit in steatebibel út 1637. Yn it koer steane twa 17e iuwske hearebanken, foar de preekstoel oer twa 18e iuwske hearebanken. Fjouwer psalmbuordsjes datearje út de 18e iuw. Oer de flier lizze meardere sarken. Yn de tsjerke hongen eartiids meardere roubuorden, dy't yn de rin fan de tiid ferdwûn binne.
Oargel
bewurkje seksjeDe skiednis fan in oargel yn de Michaeltsjerke giet werom oant 1667. Yn dy tiid boude Coenraad Bader op de nije galerij it earste oargel yn de tsjerke. De oargelbouwer ferstoar lykwols noch yn itselde jier en waard ûnder de galerij yn de tsjerke begroeven. De Berltsumer oargelbouwer Harmen Jans makke it wurk fan Coeraads ôf, mar noch gjin tolve jier letter gyng by it ynstoarten fan de toer it nije oargel ferlern. Nei de ramp fan 1681 boude Harmen Jans wer in ynstrumint foar de tsjerke. Syn yn 1686 foltôge wurk waard troch ferskate bekende oargelbouwers yn de rin fan de tiid renovearre en oanpast, oant yn 1872 de tsjerkfâden it beslút namen in nij oargel bouwe te litten. It âlde oargel waard ferkocht oan de grifformearde tsjerke fan Ljussens. It rêchwurk fan dat ynstrumint kaam troch omswervings yn de rin fan de tiid lang om let telâne yn de kristlik-grifformearde tsjerke fan Snits, dêr't it by de brân op 13 novimber 1966 ferlern gyng.
It tsjintwurdige oargel fan de Michaeltsjerke waard yn de jierren 1874-1875 troch oargelbouwer Van Dam en Soannen út Ljouwert boud.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|