Michel Faber
Michel Faber (De Haach, 13 april 1960) is in Nederlânsk skriuwer fan fiksje, dy't yn it Ingelsk skriuwt. Teffens docht er sjoernalistike arbeid, ûnder oaren is er literatuerkritikus.
Faber emigrearre mei syn âlden nei Austraalje yn 1967. Hy gie yn foarstêden (Boronia en Bayswater) fan Melbourne nei de legere en middelbere skoalle. oan de Universiteit fan Melbourne studearre er Nederlânsk, filosofy, retoarika, Ingelsk en Ingelske literatuer. Yn 1980 studearre er ôf en gie oan it wurk as skjinmakker en letter hie er noch ferskate oare baantsjes. Dêrnei folge er in oplieding ta ferpleechkundige yn Marrickville, yn Nij-Súd-Wales en sikehûzen yn Sydney. Hy wie ferpleger oant midden jierren 1990. Yn 1993 emigrearre er mei syn twadde frou Eva nei Skotlân dêr't er noch altyd wennet (2007).
Fiksje
bewurkje seksjeFaber debutearre yn 1998 mei, de ek yn it Nederlânsk ferskynde, ferhalebondel Gods speelgoed. Hy krige fuortendaliks goede kritiken en ûntfong mear as ien priis foar dit wurk. Sûnt is er in wurdearre skriuwer yn de ynternasjonale moderne letterkunde. Ek de roman Under the Skin (Ned.:Onderhuids), ynspirearre troch de Skotske Heechlannen, de dûbelnovelle The Hundred and Ninety-Nine Steps & The Courage Consort en de ferhalebondels The Fahrenheit Twins (2005) en The Apple waard er tige om priizge.
Dan yn 2002 komt Faber mei syn mânske magnum opus The Crimson Petal and the White (Ned.:Lelieblank, scharlakenrood, sa'n 900 siden) dêr't oer de hiele wrâld hunderttûzenen fan ferkocht waarden (foaral yn de USA, Itaalje, Frankryk, Nederlân en Belgje). De roman spilet yn it Londen fan om 1870 hinne en giet oer in 19 jier âlde prostituee dy't Sugar hjit. Guon kritisy beskriuwe it boek as postmodern, oaren hawwe oannaam dat dit de roman wie that Dickens might have written had he been allowed to speak freely.[1] It boek lit Faber syn bewûnderring sjen foar Dicken's proaza en George Eliot's ferhaalopbou, mar de tema's binne fansels beynfloede troch it feminisme, post-Freudiaanske opfettings oer seksuele patology, en Marx syn analyses fan de maatskiplike klassen; fierders hie Faber Viktoariaanske pornografyske teksten ta syn foldwaan dêr't de publikaasje fan tsjinhâlden is oant yn de lette 20e iuw. De roman hat in wat iepen ein, mar nettsjinsteande it grutte súkses fan it boek hat Faber besletten der gjin ferfolch oan te jaan om foar te kommen yn in beskaat hokje pleatst te wurden.
Utjouwer Canongate trune Faber oan om in offisjeel boarger fan it Feriene Keninkryk te wurden sadat The Crimson Petal and the White yn de beneaming komme koe foar de Booker Prize, dy't doetiids allinnich jûn wurde mocht oan Commonwealth-paspoarthâlders. Faber wegere lykwols om't de Britske oerheid him doe tarette op it folgjen fan de Feriene Steaten yn de oarloggen mei Afganistan en Irak. Faber bleau Nederlânsk boarger.
Faber’s lêste roman, The Fire Gospel, waard publisearre yn 2008 as part fan de Canongate Myth Searje en waard ynspirearre troch de myte fan Prometheus. It ferhellet oer in gelearde yn it Arameesk dy't in âld evangeelje, dêr't de dea fan Jesus yn beskreaun wurdt, út in bombardearre museum yn Irak stelt. It boek is ûnder mear in mylde satire op de útjouwerswrâld.
Sjoernalistyk
bewurkje seksjeYn de jierren 2001 oant 2004 bespriek Faber boeken foar de krante Scotland on Sunday. Hiel 2004 hie er in rubryk yn de Sunday Herald mei de titel ‘Image Conscious’; dêryn analisearre er de bedoeling, betsjuttingslagen fan ferskate foto's en de assosjaasjes dy't sy oproppe kinne.. Sûnt 2003 wie er literatuerkritikus foar The Guardian. Yn dy krante bespriek er fral oersette literatuer, koarte-ferhalesamlings en boeken oer muzyk.
Yn 2004 reizget Faber nei de Oekraïne mei Médecins Sans Frontières (AzG), as part fan AzG har Authors On The Frontline-projekt. Yn dit projekt besykje 14 skriuwers projekten fan Artsen sûnder Grinzen yn fier bûtenút lizzende dielen fan de wrâld om tsjûge te wêzen fan medyske needhelp fan AzG en dêr neifolgjend in artikel oer te skriuwen yn de The Sunday Times. Faber’s Sunday Timesartikel, Heart of Darkness hannelt oer de HIV/AIDS epidemy yn Oekraïne en waard op 9 jannewaris 2005 publisearre.
Yn 2006 skreau Faber in essay, Dreams in the Dumpster, Language Down the Drain, syn bydrage oan Not One More Death (Verso/Stop The War Coalition), in samling fan stikken dêr't belutsenens fan de FS en FK by de Irakkriich yn ûndersocht wurdt.
Wurk
bewurkje seksjeProaza
bewurkje seksje- Some Rain Must Fall, ferhalen (1998)
- Under the Skin (2000),
- The Courage Consort (2001), novelle, ISBN 3471775625
- The Hundred and Ninety-Nine Steps, novelle, ISBN 3546003918
- The Crimson Petal and the White (2002), Nederlânske oersetting: Lelieblank, scharlakenrood ISBN 3548604781 (ynternasjonale bestseller)
- The Fahrenheit Twins, koarte ferhalen (2005)
- The Apple, ferhalen (2006)
- The Fire Gospel, roman (2008)
- The Book of Strange New Things, roman (2014)
- D: A Tale of Two Worlds, roman (2020)
Poezy
bewurkje seksje- Undying (2016)
Keppelings om utens
bewurkje seksje- [2] Ynterview mei Ramona Koval, The Book Show, ABC Radio National, oer The Fire Gospel, 25/11/08.
- Faber by Canongate
- 3:AM Magazine ynterview
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |