Mielikki (útspr.: [miḙliki], likernôch "mjeelykky") is yn 'e Finske mytology de goadinne fan it wâld en de jacht. Yn ûnderskate myten wurdt hja oantsjut as itsij de oarehelte, itsij de skoandochter fan Tapio, in wâldgeast út eastlik Finlân dy't ek de jacht ta syn domein hat. Teffens is Mielikki de mem fan 'e goaden Nyyrikki en Tuulikki. Neffens guon ferhalen soe se in sintrale rol spile hawwe by de skepping fan 'e bear. De namme 'Mielikki' komt fan it Aldfinske wurd mielu, dat 'lok' betsjut.

Mielikki
persoanlike bysûnderheden
religy Finsk heidendom
domein it wâld en de jacht
famyljerelaasjes en oare besibskip
oarehelte Tapio
soan Nyyrikki
dochter Tuulikki
ekwifalint Diana, Artemis, Skadi
attributen
bist bear

Yn it Kalevala, it nasjonale epos fan Finlân dat fierhinne basearre is op 'e Karelyske folkloare, bidt de held Lemminkäinen oan Mielikki en Tapio en bringt er harren geskinken fan goud en sulver, mei as bedoeling om harren help ôf te smeekjen foar it fangen fan 'e Hiisi-eland. Yn in oare passaazje fan it Kalevala wurdt Mielikki frege om kij te beskermjen dy't yn 'e bosk weidzje.

Ut oare ferhalen komt Mielikki nei foarren as in kundich genêzeresse, dy't de poaten fan wylde bisten behannelet dy't ûntsnapt binne út strûpen en fâlen; dy't pykjes helpt dy't út har nêst rûgele binne; en dy't de wûnen fan auwerhinnen fersoarget dy't hja by de balts oprûn hawwe. Fierders stiet se bekend as in autoriteit op it mêd fan genêskundige krûden, dy't ek wol minsken helpe wol as se it fatsoen opbringe kinne om it har te freegjen. Yn in lân dêr't wâlden in krúsjale rol spilen by it sammeljen fan iten troch de jacht, it plôkjen fan wylde beien en it sammeljen fan poddestuollen waard it fan it heechste belang achte om in godheid as Mielikki te freon te hâlden.

De Mielikki Mons, in berch op 'e planeet Fenus, is nei Mielikki ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links en References, op dizze side.