Milo Moiré
Milo Moiré, wier namme: Sue Pruzina[1] (Switserlân, 1983), is in Switsersk keunstneresse fan mingd Slowaaksk en Spaansk etnysk komôf, dy't yn Luzern[1] wennet. Hja is ferneamd (of berucht) om har neakene optredens en om't se har eigen lichem as medium foar har keunst brûkt. Neffens har biedt dat de sjogger in autentike en streekrjochte ûnderfining fan keunst.
Milo Moiré | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sue Pruzina[1] | |
nasjonaliteit | Switsersk | |
berne | 1983 | |
berteplak | yn Switserlân | |
etnisiteit | Slowaaksk Spaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | byldzjend keunstneresse | |
medium | eigen lichem | |
bekendste wurk(en) |
PlopEgg No. 1 The Script System No. 2 | |
jierren aktyf | 2007 – no | |
offisjele webside | ||
www.milomoire.com |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMoiré waard yn 1983 berne yn Switserlân út âlden dy't fan Slowaaksk en Spaansk etnysk komôf wiene. Hja hat keunst studearre en is yn it besit fan in bachelorstitel yn 'e psychology dy't se helle oan 'e Universiteit fan Bern. Yn 2004 wurke se as model (dy't in kofferke mei jild fêsthold) yn (de Dútske ferzje fan) de kwis Deal or No Deal. Yn 2005 die se mei oan in skientmewedstryd en wûn de titel 'Miss Bodensee'.[1]
Karriêre
bewurkje seksjeFan 2007 ôf ynkorporearre Moiré har eigen neakenens yn har keunst. Hja kaam foar it earst breder yn it nijs mei har keunstwurk PlopEgg No. 1, dat se yn 2014 útfierde op 'e tentoanstelling Art Cologne, yn Keulen. Dêrby dreau se mei ferve folle aaien út har fagina op in kanvas dat neitiid dûbel teard waard om sa in abstrakt keunstwurk te meitsjen.
Yn juny 2014 reizge Moiré as ûnderdiel fan har wurk The Script System No. 2 mei it iepenbier ferfier fan har wenplak Düsseldorf nei it Switserske Basel, dêr't de tentoanstelling Art Basel holden waard. By dy reis wie Moiré hielendal neaken, mar hie se foarôf mei swarte ferve de nammen fan stikken klean ("broek", "beha", "topke", ensfh.) op 'e tapaslike lichemsdielen skriuwe litten. Yn Basel oankommen waard har lykwols de tagong ta de tentoanstelling wegere, en wie se twongen om har oan te klaaien ear't se deryn koe.
Moiré hat harsels mei opsetsin op it reitsflak fan keunst en pornografy pleatst, mei fideo's op har webside dy't se sels omskriuwt as "ûnsinsurearre", en dy't men tsjin betelling besjen kin. Hja liket aktyf te sykjen nei sinsuer fan 'e tradisjonele keunstkanalen (lykas museä en tillefyzje). Neffens har eigen sizzen, fynt Moiré dat keunst gjin grinzen heart te kennen. Sadwaande is de dea de iennichste grins dy't hja akseptearret. Moiré har optredens hawwe in protte krityk oproppen, net inkeld fan skokte museumbesikers, mar ek fan 'e keunstkritisy, fan wa't ien har wurk yn 'e Britske krante The Independent omskreau as "it jongste wanhopige besykjen om te shockearjen yn 'e namme fan 'e keunst."
Yn 2015 waard Moiré oppakt troch de Frânske plysje en brocht se in nacht yn 'e sel troch, doe't se neaken mei toeristen by de Eiffeltoer posearre foar selfys. Yn jannewaris 2016 hold se solo in neaken protest yn Keulen tsjin 'e massale seksuële oantaasting fan Dútske froulju yn 'e âldjiersnacht troch allochtoane manlju.
Priveelibben
bewurkje seksjeMoiré wennet yn it Dútske Düsseldorf mei har libbenspartner, de fotograaf Peter Palm (berne as P.H. Hergarten), dy't gauris meiwurket oan har keunstprojekten.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |