Minnoltsmastate, ek: Sitsemastate en Aylvastate (Boarnwert) wie in state yn Boarnwert yn de gemeente Dongeradiel. De state lei ticht by de tsjerke tsjin de eastlike kant fan de doarpsterp. Op it plak fan de state stiet no in pleats.

De pleats Minoltsmastate (2010)

De oarsprong fan dizze stins leit nei alle gedachten yn de 14e iuw. De nammen Sitsema, Minnoltsma en Aylva ûntliende de stins oan de bewenners yn de 15e iuw en earste helte 16e iuw. De âldst bekende besitster is Fettie toe Bornwirt. Hja libbe midden 15e iuw en soe út de family Remmertsma komme kinne, dy't yn de 15e iuw in foarname posysje yn Dokkum hie. Earst troude hja mei Sids Sitsma of Sytziema fan Hallum, dêrnei mei Sape Minnoltsma.

Fan Fets of Fettie binne trije dochters bekend: Kinsck Sithema, dy't troude mei Sybren Ropta fan Mitselwier, Syttye Sytziema dy't troude mei Meyt Sappema fan Lutjegast, en Luts Minnoltsma dy't troude mei Sitse Aelua, de soan fan Juw Aelua op Scheltema te Huzum. Nei de stins yn Boarnwert waard Sitse Aelua ek wol mei de tanamme Boernwyrdt of Sytziema oantsjutten; syn neiteam stiet bekend as de staach "Aylva fan Boarnwert". Hy spile fan 1517 - 1544 in grutte politike rol, wie grytman fan Westdongeradiel en Achtkarspelen en van ’s Konings wege Ouderman te Dockum.

By it bouwen fan in rinstâl op it terrein binne yn 1974 16e-iuwske gebrûksfoarwerpen en diggels oan it ljocht komd. Troch it ferdwinen fan grêft en singel wiist neat mear op in bysûnder ferline fan dit stee.

Eigeners / bewenners bewurkje seksje

  • Fettie toe Bornwirt, troude (1) Sids Sitsma en (2) Sape Minnoltsma.
  • 1543 Luts Minnoltsma en Sitse Aelua
  • 1548 Sitse Aelua
  • 1548 Frans Aylva en Ricxt Unia
  • Tiemck fan Aylva en Syds Scheltema
  • 1640 Frans fan Scheltema
  • Regnerus Briffoo
  • 1698 Agatha fan Bolten, widdo fan Regnerus Briffoo
  • 1728 Jan Altinga
  • 1832 Pieter Cats

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P.N. Noomen - De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, De Dongeradelen