Mirjam van Houten

Mirjam van Houten (Beetstersweach, 18 oktober 1977) is in Fryske yllustratrise en berneboekeskriuwster.

Mirjam van Houten hat Nederlânsk studearre oan de NHL, nei't se earst in jier Romaanske talen en kultuer studearre hie. Dêrnei hat se in skoft by de Friesland Post wurke en as ynternetredakteur Partoer. Sûnt 2010 wurket se foltiidsk as auteur en yllustrator.

Har debút Tije dêr't se sawol de tekst as de yllustraasjes foar makke, waard publisearre yn 2016 by de Afûk. Dat boek waard yn 2018 nominearre foar de IBBY-honourlist.[1] It waard yn 2019 ek nominearre foar de Simke Kloostermanpriis.[2] Yn 2020 waard Tije útbrocht yn it Faeroersk troch Bókadeild Føroya Lærarafelags ûnder de titel Tije – drongurin og rottumaðurin.[3]

It printeboek By beppe útfanhûs dat yn 2021 útkaam by de Afûk, wûn yn 2022 de Diet Huberpriis. De priis foar it moaiste yllustrearre berne- of jongereinboek yn it Frysk fan de ôfrûne trije jier. Yn it sjueryrapport stiet ûnder oaren: "De yllustraasjes binne net allinne moai fan foarm en kleur, mar litte mear sjen as de tekst jout. Se fertelle in eigen ferhaal. It boek is krekt sa't Diet Huber it sels ek ha woe: "ûnferfangber en autentyk". [4]

  • Tije (2016)
  • By beppe útfanhûs (2021)
  • Jelle en Juf (2022)
  • It grutte pake en beppe foarlêsboek (2024)

Keppelingen om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. The IBBY Honour List 2018 catalogue
  2. Fiif nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2019
  3. Tije - drongurin og rottumaðurin
  4. Mirjam van Houten wint de earste Diet Huberpriis mei har yllustraasjes - Omrop Fryslân