De moannen of moanjes binne by bisten it hier dat yn 'e nekke en/of op 'e hals groeit en dat langer is as it hier op oare dielen fan it lichem. Moannen binne fral bekend fan hynders en fan liuwen, mar komme ek by oare bisten foar.

De lange moannen fan in hynder.

Moannen by hynste-eftigen

bewurkje seksje

Moannen binne it bekendst fan hynders en oare hynste-eftigen, lykas ezels en sebra's. By dy bisten groeie de moannen yn in smelle line oer de nekke, begjinnend tusken de earen en einigjend krekt boppe de skoften. De hierren fan 'e moannen binne grouwer as de rest fan 'e pels en groeie minder ticht opinoar.

By wylde hynders, lykas it Przewalskihynder, en ek by sebra's, foarmje de moannen ornaris in koarte, boarstelige line. Nuete hynsterassen binne oer it algemien fokt om lange, ymposante moannen te hawwen, dy't wol 50 sm yn lingte of noch langer wurde kinne. Sok lang hier is yn it wyld net funksjoneel en sels potinsjeel gefaarlik: it soe earne efter heakjen bliuwe kinne as it bist flechtsje moat foar in rôfdier. Yn 'e hynstefokkerij en hynstesport wurde de moannen fan hynders faak frissele of op in oare wize opbûn om heakjen bliuwen of ôfbrekken foar te kommen.

Moannen by liuwen

bewurkje seksje

Behalven by hynders binne moannen benammen bekend fan liuwen (Panthera leo). By dy grutte kateftigen binne moannen in foarm fan seksuele dimorfy, mei't de mantsjes se hawwe mar de wyfkes net. By liuwen groeie de moannen net inkeld yn 'e nekke, mar ek yn 'e hals, en hawwe se in oare, almeast dûnkere of mear rodzige kleur as de rest fan 'e pels. In grut bosk moannen soarget derfoar dat in mantsjeliuw grutter liket as er eins is, wat net inkeld fan pas komt by it yntimidearjen fan konkurrearjende rôfdieren, lykas hyena's, mar ek by konfrontaasjes tusken liuwen ûnderling om dominânsje fêst te stellen en om wyfkes oan te lûken. Oars as dat gauris tocht wurdt, sizze de kleur en folheid fan 'e moannen fan in liuw neat oer de sûnens fan it bist.

Oare bisten mei moannen

bewurkje seksje

Ferskate oare bistesoarten binne ferneamd nei harren moannen, lykas de moannerob (Otaria flavescens), in soarte seeliuw; de moannewolf (Chrysocyon brachyurus), in hûneftige út Súd-Amearika; en it moanneskiep (Ammotragus lervia), in wyld skiep út Noard-Afrika mei lange hier yn 'e hals. De moannedo (Caloenas nicobarica) is in fûgel mei in útsteande kraach fan fearren dy't oan moannen tinken dogge. Oare foarbylden fan bisten mei moannen binne antilopen lykas de blauwe gnoe (Connochaetes taurinus), baarcheftigen lykas it knobbelswyn (Phacochoerus africanus), en kobisten lykas de Amerikaanske bizon (Bison bison), wêrby't (krekt as by liuwen) inkeld de mantsjes oer moannen beskikke.

Galery fan bisten mei moannen

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.