Moardnerij fan Oradour-sur-Glane
De Moardnerij fan Oradour-sur-Glane of it Bloedbad fan Oradour-sur-Glane barde op 10 juny 1944 yn it Frânske plakje Oradour-sur-Glane. Op dy dei, fjouwer dagen nei D-Day, waarden yn Oradour-sur-Glane yn it troch de nazy's besette Frankryk 643 ynwenners troch in Dútske Waffen-SS ienheid fermoarde as kollektive straf foar it ferset yn it gebiet. Ien fan dy fersetsfoarmen wie de ûntfiering en de eksekúsje fan Waffen-SS Sturmbannführer Helmut Kämpfe, dy't ûnder de eagen fan in publyk libben yn 'e brân stutsen wie. Kämpfe wie in ûnderskieden kommandant fan 'e 2. SS-Panzer-Division Das Reich.
De Dútsers fermoarden alle minsken út it doarp en ek minsken út de omkriten dy't hja yn it doarp oantroffen en dêr tafallich wiene. Manlju waarden yn skuorren brocht en nei't dy yn 'e fuotten sketten waarden, mei benzine oergetten en yn 'e brân stutsen. Froulju en bern waarden nei de tsjerke dreaun, dy't dêrnei yn 'e brân stutsen waard. Elkenien dy't besocht te ûntkommen waard besketten mei masinegewearen. It doarp waard dêrnei plondere en ferneatige.
Under de deaden wiene njonken Frânsen ek 17 Spanjerts, 8 Italjanen en 3 Poalen. Seis minsken wisten oan de moardpartij te ûntkommen. De lêste dy't it oerlibbe wie de op 11 febrewaris 2023 ferstoarne Robert Hébras, dy't him letter ynsette foar bettere kontakten mei de Dútsers en Eastenrikers. Hébras wie 18 jier âld doe't de misdied útfierd waard.
Presidint Charles de Gaulle ornearre dat de ruïnes fan it âlde doarp ta neitins bewarre bliuwe moasten en it doarp waard dêrom nea wer op deselde lokaasje opboud. Tichteby waard nei de oarloch in hiel nij doarp boud.
Eftergrûn
bewurkje seksjeYn febrewaris 1944 waard de 2. SS-Panzer-Division Das Reich yn 'e Súd-Frânske stêd Valence-d'Agen stasjonearre om te wachtsjen op nije troepen en útrissing. Doe't yn juny 1944 de Alliearden yn Normandje lannen, krige de divyzje opdracht om yn it noarden te helpen by it kearen fan de Alliearden. Ien fan de ienheden wie it SS-Panzergrenadier-Regiment 4 "Der Führer" û.l.f. SS-Standartenführer Sylvester Stadler, SS-Sturmbannführer Adolf Diekmann en SS-Sturmbannführer Otto Weidinger.
Yn 'e iere moarntiid fan 10 juny 1944 sei Diekmann tsjin Weidinger dat er troch twa leden fan de Milice (in paramilitêre striidmacht fan it kollaborearjende Vichy-rezjym) ynformearre wie dat it Frânske ferset in Waffen-SS-ofsier finzen hold yn Oradour-sur-Vayres, in doarp yn 'e omkriten. De finzennommen ofsier soe SS-Sturmbannführer Helmut Kämpfe wêze, kommandant fan de Aufklärungsabteilung fan it 2. SS Panzer Division "Das Reich". Mooglik wie er dy deis dêrfoar finzennommen troch de Maquis du Limousin, ien fan de grutste fersetsgroepen fan Frankryk.
De moardpartij
bewurkje seksjeOp 10 juny waard Oradour-sur-Glane troch Diekmann's bataljon ôfsletten. Likernôch 20 ynwenners wiene al op 'e flecht slein doe't de SS-ienheid it doarp nadere. Elkenien yn it doarp krige de opdracht om nei it doarpsplein te gean en dêr harren identiteitspapieren kontrolearje te litten. Dêr wiene ek seis minsken by, dy't tafallich troch it doarp fytsten doe't de SS-ers kamen. De froulju en bern waarden yn 'e tsjerke opsletten, wylst it doarp plondere waard. De manlju waarden nei seis skuorren brocht, dêr't masjinegewearen opsteld stiene. Neffens in ferslach fan in oerlibbene begûnen de SS-ers doe te sjitten op de fuotten fan de manlju. Doe't hja net mear stiene, geaten de SS-ers brânstof oer harren hine en stieken dêrnei de skuorren yn 'e brân. Seis manlju wisten te ûntkommen. Ien fan har waard letter op 'e dyk sjoen en dochs noch deasketten. Meïnoar ferstoaren 190 manlju. Dêrnei gyngen de SS-ers nei de tsjerke mei de froulju en de bern en njonken de tsjerke ûntstieken hja in brânbom. Der wiene froulju dy't besochten troch de ramen te klimmen, mar de SS-ers iepenen op har it fjoer. Ien fan de froulju wie de 47 jier âlde Marguerite Rouffanche. Hja klom troch it raam fan de sakristy efter yn de tsjerke. In jonge frou mei har bern besochten sa ek wei te kommen, mar hja waarden alle trije delsketten en de twa lêsten waarden deadlik troffen. Roufranche wist nei in pear strûken te krûpen en bleau dêr de nacht, oant hja de oare moarns fûn en holpen waard. By de tsjerkebrân kamen 247 froulju en 205 bern om it libben. Dy nacht waard it doarp foar in part mei de grûn lyk makke.
In pear dagen letter mochten de oerlibbenen de 643 deade ynwenners fan Oradour-sur-Glane begrave. Adolf Diekmann neamde de aksje in wraakaksje foar de partisane-aktiviteiten yn Tulle en foar de ûntfiering en de moard op SS-kommandant Helmut Kämpfe, dy't yn in fjildsikewein mei oare Dútske soldaten libben ferbaarnd waard.
Under de deaden wiene ek trije preesters, dy't yn de parochy wurken. Foardat de SS-ers de froulju en bern yn 'e tsjerke dreaune, hie de SS him earst noch as in wyld yn 'e tsjerke tjirge en dy ûnthillige. Nei de moardnerij brocht de biskop as ien fan de earsten in besite oan it doarp en syn tsjûgenis foarmet ien fan de earste ferslaggen. Under dyjingen dy't meiholpen de deaden te begraven en de plechtichheden mei ôfbylden fêst te lizzen wiene in pear seminaristen út de omjouwing.
Raymond J. Murphy
bewurkje seksjeRaymond J. Murphy, in 20 jier âlde Amerikaan dy't ein april 1944 boppe it Frânske Avord delsketten waard, wie tsjûge fan wat der neitiid barde. Nei't it Frânske ferset him ferside holden hie, waard Murphy op 6 augustus nei Ingelân flein, dêr't er by in debriefing op 7 augustus in fragelist ynfolle en ferskillende konsepten foar in formeel rapport opmakke. De op 15 augustus yntsjinne ferzje hat in mei de hân skreaune tafoeging:
- "Likernôch trije wike lyn seach ik op fjouwer oere fytsen in stedsje [sic] de Gerbeau-pleats [fan fersetslieder Camille Gerbeau] dêr't sa 500 manlju, froulju en bern fermoarde wiene troch de Dútsers. Ik seach in poppe, dy't krusige wie."
It rapport waard pas nei in fersyk dêrta troch syn pakesizzer yn 2011 iepenbier makke, in abbekaat by de National Security Division fan it Amerikaanske ministearje fan Justysje. It is it iennige ferslach dêr't melding makke wurdt fan it krusigjen fan in poppe. De Amerikaanske sjoernalist Shane Harris konkludearre dat it addendum in nei wierheid skreaune ferklearring is fan Murphy en dat it plak, dat net yn it rapport fan Murphy neamd waard, nei alle gedachten Oradour-sur-Glane is.
Dútske reaksje
bewurkje seksjeDe aksje fan Diekmann wiene ek foar in soad Dútsers in ôfgriis. Der folgen protesten fan fjildmaarskalk Erwin Rommel, generaal Walter Gleiniger, de Dútske kommandant yn Limoges en it regear fan Vichy. Sels Stadler fûn dat Diekmann te fier gien wie en hy liet in ûndersyk ynstelle nei de tadracht. Troch it ferrin fan de oarloch krige dat ûndersyk gjin prioriteit. Diekmann ferstoar al rillegau dêrnei by de slach om Normandje en ek in soad oare manlju fan it bataljon dy't yn Oradour-sur-Glane oan it moardzjen west hiene kamen dêr om it libben.
Prosessen
bewurkje seksjeOp 12 jannewaris 1953 hearde in militêre rjochtbank yn Bordeaux de oanklachten tsjin 65 fan de likernôch 200 SS-er's, dy't harren skuldich makke hiene oan de moardnerij. Mar 21 wiene oanwêzich om't de measte oaren yn 'e beide Dútslannen wennen en beskerme waarden troch de akkoarden, dy't der foar soargen dat útlevering net ôftwongen wurde koe. Mar sân fan de oanwêzigen wiene Dútske steatsboargers, de rest wiene manlju út de Elzas, Frânske steatsboargers dy't yn 1940 mei de besetting ynienen Dútsers waarden. De Elzaske manlju seine op ien nei allegear dat hja twongen wiene om harren by de Waffen-SS oan te sluten. Sokke twongen tsjinstplichtigen út de Elzas en Loataringen neamden harrensels de malgré-nous, dat "tsjin ús sin" betsjut.
Op 11 febrewaris waarden 19 fan de 20 beklaagden feroardiele. Fiif dêrfan krigen finzenisstraffen en twa waarden eksekutearre. Oanhâldende ûnrêst yn 'e Elzas en easken foar autonomy droegen der oan by dat it Frânske parlemint op 19 febrewaris in amnestywet goedkarde foar alle malgré-nous. Al gau dêrnei waarden de feroardelde Elzaske eks-SS'ers frijlitten, itjinge yn 'e Limousin ta fûle protesten late. Yn 1958 waarden ek de oare Dútske oanklagen frijlitten.
Haadferantwurdlike Heinz Lammerding, dy't opdracht joech ta de wraakaksje, waard by ôfwêzichheid ta de dea feroardiele. Hy ferstoar lykwols yn 1971 nei in súksesfolle karriêre as ûndernimmer. Yn 'e tiid fan it proses wenne hy yn Düsseldorf, yn 'e eardere Britske besettingssône fan West-Dútslân. Frankryk hat syn útlevering nea foar inoar krije kind.
It lêste proses tsjin in Waffen-SS-lid dy't der by west hie, fûn yn 1983 plak. De eardere SS-Obersturmführer Heinz Barth waard yn Bordeaux ek by ôfwêzichheid ta de dea feroardiele foar syn oandiel yn de moardparij as peletonskommandant. Barth waard yn 1981 yn East-Dútslân oppakt en yn Berlyn ta in libbenslange finzenisstraf feroardiele, mar yn 1997 yn it ferienige Dútslân wer frijlitten. Hy stoar tsien jier letter yn augustus 2007.
Op 8 jannewaris 2014 waard de doe 88 jier âlde Werner Christukat beskuldige foar syn oandiel yn de moard op hûnderten minsken yn Oradour-sur-Glane. De fertochte hie oant 31 maart 2014 de tiid om op de beskuldigingen te reagearjen. As de saak foar it rjocht kaam soe foar de fertochte mooglik it jongereinrjocht fan tapassing wêze, om't er op it stuit fan de misdied noch mar 19 jier wie. Christukat erkende dat er yn it doarp west hie, mar hy ûntkende dat er oan de moardpartij meidien hie. Op 9 desimber 2014 moast de rjochtbank de saak falle litte, om't der gjin bewiis wie fan tsjûgeferklearrings en in betrouber bewiis dat syn sizzen dat er net meidien hie net wjerlein wurde koe. Christukat ferstoar op 4 augustus 2020.
Neitins
bewurkje seksjeGeneraal Charles de Gaulle naam nei de oarloch it beslút dat it doarp nea werboud wurde mocht en in oantinken bliuwe moast oan de wredens fan de besetting. It nije doarp Oradour-sur-Glane waard noardwestlik fan it âlde plak werboud. De ruïnes binne in oantinken foar de deaden fan Oradour-sur-Glane en plakken dêr't itselde bard wie.
Yn 1999 iepene de Frânske presidint Jacques Chirac in museum, it Centre de la mémoire d'Oradour, tichteby de grins fan it Village Martyr ("martlers doarp"). Yn it museum wurde saken útstald dy't werom fûn binne yn de útbaarnde gebouwen, lykas bygelyks de horloazjes dy't stilstiene op it momint doe't harren eigners ferbaarnd waarden.
Op 6 juny 2004 ûnthiet bûnskânsler Gerhard Schröder by de betinkingsplechtichheid fan 'e ynfaazje yn Normandje yn Caen dat Dútslân de wredens fan de nazy's nea ferjitte soe en hy neamde dêrby yn it bysûnder Oradour-sur-Glane.
Op 4 septimber 2013 brochten de Dútske presidint Joachim Gauck en de Frânske presidint François Hollande in besite oan Oradour-sur-Glane. Nei in mienskiplike parsekonferinsje folge in rûnlieding troch it plak. Dat wie de earste kear dat in Dútske presidint nei it plak kaam.
De Frânske kandidaat-presidint Emannuel Macron brocht mei de lêste oerlibber Robert Hébras op 28 April 2017 in besite oan Oradour-sur-Glane. Hébras wie 18 doe't syn doarp ferneatige waard en ferstoar op 11 febrewaris 2023 yn 'e âldens fan 97 jier.
Films
bewurkje seksje- Le vieux fusil (film, 1975)
- Une Vie avec Oradour (dokumintêre, 2011)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Oradour-sur-Glane
|