Mockemastins (Ie)
De Mockemastins stie oan de Humaldawei te Grut Midhuzen ûnder Ie, gemeente Dongeradiel. It stinsterrein is no greide, de stinswier is ôfgroeven.
Oer it ûntstean fan de stins is neat bekend. De Mockema's hienen oan de ein fan de 15e iuw stinzen yn Ealsum en Ie; neffens de tradysje kamen se oarspronklik fan Moarre (sjoch ek: Holdinga en Mockema yn Ealsum en *Oldhuystra yn Moarre). Mooglik wie Take Mockema om 1470 hinne al eigener fan dit hûs (it hûs yn Ealsum soe fan syn frou Doedt Holdinga komme kinne). Yn elk gefal wie de soan fan Takes, Popcke Mockema, yn 1501 eigener fan Mockema yn Ie. Yn dat jier lieten Popke en syn broer Gerbrant Mockema, dy't yn ballingskip wienen omdat se tsjinstanners fan it Saksyske bewâld wienen, it hûs troch tolve soldaten besette. Dat huys was dick ende sterk, mar mei swier kanonfjoer slagge it de lânshearlike soldaten it hûs yn te nimmen en dêrnei yn de brân te stekken en te fernielen.
Yn 1511 ferpachte Popka Mockama in sate by Mockama huys en dêrneist in soad oar lân. Yn 1578 wenne Popke syn efterneef Taecke Bottes Mockema yn Ie. Yn 1700 waard de state mei de âld stins oan de pachter Jacob Mackes ferkocht. Sûnttiid wie Mockema in buorkerij. Yn 1718 wurdt it as pleats yn singels oanjûn, om 1850 joech Eekhoff it plak dêr't it hûs stien hie oan mei in stjerke. Yn 1849 waard de âlde pleats Mockemasate ôfbrutsen en gie de namme oer op de pleats njonken it stinsterrein fan de famylje Meindertsma.
Bewenners
bewurkje seksje- om 1470 Take Mockema
- 1501 Popcke Mockema
- 1578 Taecke Bottes Mockema
- 1640 jonker Sicco fan Groustins ½ en de bern fan Jr. Idzart fan Burmania silger, yn libben grytman oer ’t Bildt ½
- 1698 jonker Ernst Mockema fan Harinxma thoe Slooten, grytman oer Baarderadiel
- 1700 Jacob Mackes (foarhinne pachter fan it goed)
- 1718 widdo fan Jacob Mackes
- 1728 Maria fan Haersma eigenaresse, Sake Jans brûker
- 1748 sekretaris Bergsma eigener, Dirk Jacobs brûker
- 1778 widdo Bergsma eigener, Douwe Sybrens brûker.
- 1788 Johannes Casparus Bergsma eig., Johannes Douwes brûker
- oant 1797 (?) Lieuwe Reinders Sinia, froedsman te Dokkum
- 1818 Beerent Pieters Terpstra (sels brûker)
- 1828 Willem Beerents Terpstra
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|