Morshausen is in doarp yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Morshausen
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein
Sifers
Ynwennertal 351 (2022)[1]
Oerflak 7,55 km²
Befolkingsticht. 46 ynw./km²
Hichte 334 m
Oar
Postkoade 56283
Koördinaten 50° 10'N 7° 27'E
Offisjele webside
www.gemeinde-morshausen.de
Kaart
Morshausen (Rynlân-Palts)
Morshausen

It plak is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein.

Morshausen leit seis kilometer fan 'e Mûzel en tsien kilometer fan Emmelshausen op 334 m hichte.

By Morshausen heart ek de delsetting Haus auf dem Bröhl.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
 
Alde fakwurkpleats oan 'e Kornstraße 12-A.

De Sint-Lambertustsjerke datearret fan 1739-1740 en hat in neoromaanske toer fan 1848.

De Schwenkbrunnen waard yn 'e 15e iuw troch de op 'e Ehrenburg yntroude Hongaarske grevinne stifte. Ta neistins oan har heitelân waard de put yn é'e styl fan 'e putten op 'e Hongaarske pûsta boud. De houten konstruksje is letter faak fernijd.

De sân iuwen âlde iik oan 'e Jakob-Kneip-Eiche oan 'e ein fan 'e Jakob-Kneip-Straße hat in omtrek fan 6 meter. It foar de iik steande byld fan Marije waard yn 1951 skonken.

It parkearterrein oan 'e ein fan 'e Jakob-Kneip-Straße is it begjin en it einpunt fan 'e hast 11 km lange Traumschleife Murscher Eselsche.

De Dútske dichter en skriuwer Jakob Kneip (1881-1958) is yn Morshausen berne. Oan syn wurk en libben is it Jakob Kneip Museum yn Morshausen wijd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: