Morvan Marchal
Morvan Marchal (Vitré, 31 july 1900 – Parys, 13 augustus 1963) wie in Frânsk arsjitekt fan etnysk Bretonsk komôf, dy't fan 1918 oant 1945 krewearre as aktivist foar de Bretonske saak. Hy wie in militant Bretonsk nasjonalist, dy't Bretanje wer ûnôfhinklik meitsje woe fan Frankryk en it roomsk-katolisisme yn syn heitelân ferfange woe troch in neodruïdistyske foarm fan it moderne heidendom. Tsjintwurdich stiet de neitins oan Marchal yn Bretanje lykwols benammen yn it teken fan 'e troch him ûntwurpen Gwenn ha Du, de moderne flagge fan Bretanje.
Morvan Marchal | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Morvan Marchal | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 31 july 1900 | |
berteplak | Vitré (Bretanje) | |
stoarn | 13 augustus 1963 | |
stjerplak | Parys | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | arsjitekt | |
aktyf as | polityk aktivist | |
jierren aktyf | 1918 – 1945 | |
reden bekendheid |
ûntwurp Bretonske flagge |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMarchal waard yn 1900 berne yn Vitré, yn it Frânske departemint Ille-et-Vilaine, yn it noardeasten fan Bretanje. Hy genoat ûnderwiis oan it Sint-Martenskolleezje yn Rennes, wêrnei't er in oplieding arsjitektuer folge oan 'e Skoallen fan 'e Keunsten yn deselde stêd.
Ier aktivisme
bewurkje seksjeYn 1918 joech Marchal him by de Bretonske Regionalistyske Uny (URB), in nasjonalistyske politike partij. Hy rekke belutsen by it orgaan fan dy partij, Breiz Atao ("Bretanje foar Ivich"). As yllustrator en dichter naam er ek diel oan in breed skala fan oare Bretonsktalige útjeften, sawol polityk as literêr. Marchal wie in lid fan it Bretonske keunstnerskollektyf Seiz Breur.
Yn 1923 ûntwurp Marchal in nije flagge fan Bretanje, it saneamde Gwenn ha Du ("Swart en Wyt"), dat basearre wie op 'e Amerikaanske flagge. It Gwenn ha Du bestiet út in kanton (lofterboppehoeke) fan harmeling, oanfolle mei njoggen horizontale swarte en wite streken oer de rest fan 'e flagge. De fiif swarte streken steane foar de oarspronklike Bretonsktalige bisdommen en fiskaal-militêre distrikten, en de fjouwer wite streken symbolisearje de oarspronklike Gallotalige bisdommen en fiskaal-militêre distrikten.
1930-er jierren
bewurkje seksjeOp it earste kongres fan Breiz Atao, yn septimber 1927 yn Rosporden, wie Marchal ien fan 'e inisjatyfnimmers ta de oprjochting fan 'e Bretonske Separatistyske Partij (PAB). Yn it bestjoer fan dy organisaasje kaam er allegeduerigen yn konflikt mei Olier Mordrel, dy't fan 'e PAB in faksistyske partij meitsje woe. Lang om let rûnen de spannings sa heech op dat de PAB op it partijkongres fan 11 april 1931 útinoarfoel. Mordrel rjochte de faksistyske Bretonske Nasjonale Partij (PNB) op, dy't meitiid almar mear yn in nasjonaal-sosjalistysk farwetter kaam, wylst Marchal him by de moderate Bretonske Federalistyske Liga (LFB) joech.
Yn 1932 rjochte Marchal foar de LFB it partijblêd Bretagne Federale ("Federaal Bretanje") op. Yn 1934 stapte er oer nei de Bretonske Federalistyske Beweging (MFB), mei û.o. Francis Bayer, Goulven Mazéas en Rafig Tullou. Yn 1938 ûndertekene er it manifest fan 'e Bretonske federalisten, wêryn't fêstlein wie dat Bretanje losweakke wurde moast fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, fan 'e rjochtse polityk, fan it kapitalisme, fan Frankryk en boppe-al fan it rasisme.
Yn dyselde snuorje begûn Marchal him ta te lizzen op 'e stúdzje fan filosofyske en okkulte saken dy't te krijen hiene mei it Pankeltyske neodruïdisme. Mei ferskate oare leden fan 'e MBF rjochte er in neodruïdistyske leauwensgroep op, Kredenn Geltiek Hollvedel (oftewol it "Wrâldkeltysk Leauwe"), dêr't er sels de earste aartsdruïde fan waard. (Dy groep stie los fan Goursez Vreizh.)
Twadde Wrâldoarloch
bewurkje seksjeYn 'e Twadde Wrâldoarloch wie Marchal net assosjearre mei pro-nazistyske aktiviteiten, sa't guon Bretonske nasjonalisten dat wol wiene, lykas Mordrel en syn oanhingers. Ynstee leine Marchal en syn folgelingen har yn dy snuorje benammen ta op it suverjen fan wat sy seagen as de mei útlânske ynfloeden besmodzge kulturele identiteit fan Bretanje. Sa publisearre Kredenn Geltiek Hollvedel in orgaan, mei as titel Nemeton, wêryn't steld waard dat it doel wie om it roomsk-katolisisme út te wiskjen. Lykwols waard dêrby gewach makke fan in saneamde "Yndogermaanske kulturele bruorskip", dy't troch in "Nij Jeropa fan it Noardsk ras" ferbûn wie mei it "Keltyske heitelân yn Dútslân".
Lettere jierren
bewurkje seksjeHoewol't lang net alle Bretonske nasjonalisten mei de nazys kollaborearre hiene, kaam de hiele politike streaming nei de befrijing fan Frankryk op in minne namme te lizzen troch de dieden fan lju lykas Mordrel. Syn healhertige flirten mei de rasselear fan it nasjonaal-sosjalisme waard Marchal sadwaande net ferjûn. Syn bestean yn Bretanje waard sa dreech, dat er syn heitelân ferlitte moast en him yn Parys fêstige, dêr't er wurke as gasynstallateur. Wol droech er noch by oan guon tydskriften, lykas Le Symbolisme fan Marius Lepage.
Ferstjerren
bewurkje seksjeYn 1963 kaam Marchal yn 'e âlderdom fan 63 jier yn earmoede yn it Hôpital Lariboisière yn Parys te ferstjerren. Hy waard begroeven yn Parys, mar op 24 jannewaris 1997 waard er werbegroeven yn it grêf fan syn famylje yn Châteaugiron, by Rennes, yn Bretanje. Yn syn berteplak Vitré is in strjitte nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |