Moselkern is in plak yn de lânkring Cochem-Zell yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Moselkern is in Ortsgemeinde fan de ferbânsgemeente Cochem en leit oan de lofter kant fan de Mûzel.

Moselkern
Emblemen
Bestjoer
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Cochem-Zell
Sifers
Ynwennertal 548 (2021)
Oerflak 4,62 km²
Befolkingsticht. 116 ynw./km²
Hichte 90 m
Oar
Postkoade 56254
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 11'N 7° 22'E
Offisjele webside
www.moselkern.de
Kaart
Moselkern (Rynlân-Palts)
Moselkern

Skiednis en it besjen wurdich

bewurkje seksje

It riedshûs fan Moselkern datearret fan 1535 en is it âldste riedshûs oan de Mûzel. It hat ek noch foar in skoft as skoalle tsjinne. Yn 1909 waard der in lyts kleaster yn ûnderbrocht mei berneopfang, dat oant 1969 bestie. Oan in muorre sit nog in izeren ring, dêr't oant yn de Frânske tiid kriminelen oan fêstbûn waarden, sadat de doarpsbewenners harren de gek oanstek koene.

 
19e-iuwske fabryk

De Sint-Valeriustsjerke giet werom op de 13e iuw. Allinne de romaanske toer datearret noch út dy tiid. De ûnderste dielen fan de muorren binne likernôch twa meter dik. It tsjerkeskip mei in seis meter djippe healrûne apsis waard yn 1789 fan natoerstien oan de âlde toer boud.

Yn 1915 waard yn Moselkern in Merovingysk krús fûn, dat op de 7e iuw datearre wurdt. It orizjineel wurdt yn it 'Rheinischen Landesmuseum' fan Bonn bewarre. Foar de tsjerke stiet in replika fan it krús.

Sûnt 1813 stie op it terrein fan in âlde mûne yn Moselkern oan it rivierke de Elz de tekken- en flanelfabryk C. Haan & Soannen. De fabrikant boude yn 1892 in grutte filla. It fabryk brocht it doarp oant yn 'e 20 iuw wurkgelegenheid, mar yn 1993 waard it fabryk sletten. Tsjintwurdich besiket in feriening it monumint in kulturele funksje te jaan.

Tichteby, mar op it doarpsgebiet fan it oangrinzgjende Wierschem, leit it ferneamde kastiel Eltz.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en/of Einzelnachweise, op dizze side.