Jehannes de Dopertsjerke (Hilaard)
De Jehannes de Dopertsjerke oan it Skilpaed yn Hilaard is in tsjerkegebou fan de protestanske gemeente Hilaard-Húns-Leons.
Jehannes de Dopertsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Ljouwert | |
plak | Hilaard | |
koördinaten | 53° 09' N 5° 42' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Jehannes de Doper | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 15e iuw (toer âlder) | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 8496 [1] | |
Webside | ||
PKN-gemeente Hilaard-Húns-Leons | ||
Kaart | ||
Skiednis en beskriuwing
bewurkje seksjeFoar de bou fan de hjoeddeiske tsjerke om 1450 hinne hat der nei alle gedachten in houten tsjerke stien. De goatyske tsjerke waard noch foar de reformaasje boud en wijd oan Jehannes de Doper. Alder is de fan kleastermoppen boude toer, dy't út 1245 datearret en yn 1865 waard renovearre. Mooglik dat by dy restauraasje oan de westlike kant fan it sealtek in klokgeveltsje waard oanbrocht. Op in âldere tekening út 1723 binne de beide gevels noch gelyk.
Oan de noardlike kant fan de tsjerke binne steunbearen oanboud en op in tekening út 1723 is dêr ek in tagong te sjen, dy't tsjintwurdich tichtmitsele is.
De sealtsjerke wurdt eastlik ôfsletten mei in fiifsidich koer.
De tsjerke is yn 2000 restaurearre.
Ynterieur
bewurkje seksjeOpfallend yn it ynterieur is it grutte moarmere epitaaf út 1656 foar Hobbe fan Aylva (1645) en Frouck fan Aylva (1617), dat fanôf de lambrisearing oant it houten tonferwulft rikt. De preekstoel stiet oan de meast eastlike muorre fan it koer en is 19e-iuwsk. Ek de twa oerkape hearebanken oan wjerssiden fan de preekstoel binne út dy tiid. De banken binne ferfongen troch stuollen.
Yn de toer hingje twa klokken. De lytse klok waard yn 1392 troch Hermanus getten en de grutte klok yn 1618 troch Hans Falck.
Oargel
bewurkje seksjeIt twamanualige oargel waard yn 1880 boud troch L. van Dam en Soannen en ferfong doe in ynstrumint fan A. Hempenius út 1783. By in restauraasje troch W. Eppinga waard it front blau farve. Tagelyk waarden de dsiposysje feroare, de toetsen fan de manualen mei keunststof belein en de registers oerfarve. By de restauraasje fan de tsjerke yn 2000 waarden de oarspronklike kleuren fan it front hersteld. De oargelrestauraasje yn 2011 troch Bakker & Timmenga brocht it ynstrumint werom nei de oarspronklike sitewaasje. Ek waarden de registeropskriften op 'e nij skildere en is it keunststof belis op de toetsen ferfongen.[2]
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|