Neil Campbell (frijheidsstrider)
Neil Campbell (foàr 1282 – 1316), ek wol bekend ûnder syn Skotsk-Gaelyske namme Niall mac Cailein ("Neil, soan fan Colin"), wie in Midsiuwsk Skotsk ealman, dy't yn 'e Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin 'e Ingelsen focht. Hy wie in fertrouling fan 'e ferneamd Skotske kening en frijheidsstrider Robert de Bruce, mei waans suster oft er troude. Troch Campbell yn tsjinsten oan it Hûs Bruce waard syn famylje ferheft ta de rangen fan 'e hegere Skotske adel, dêr't de Campbells tsjinstwurdich noch altyd ta hearre.
Neil Campbell | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | <1282 | |
berteplak | ? (Skotlân) | |
stjerdatum | 1316 | |
stjerplak | ? (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Campbell | |
etnisiteit | Skotsk |
Libben
bewurkje seksjeIere jierren
bewurkje seksjeNeffens de lettere mûnlinge oerlevering fan 'e Clan Campbell wie Neil Campbell de âldste soan fan Colin Campbell, dy't bekendstie as Cailean Mór ("Grutte Colin"), mar kontemporêne boarnen lykje te suggerearjen dat syn broer Donald de âldste wie. De earste kears dat Campbell yn histoaryske boarnen foarkomt, datearret út 1282, doe't er neamd waard as tsjûge op 'e keninklike oarkunde oan 'e Abdij fan Cambuskenneth. Dêrnei ferdwynt er tweintich jier, of it moat wêze dat er deselde wie as de 'master Niall', dy't yn 'e 1290-er jierren aktyf wie yn 'e tsjinst fan Robert fan Bruce, dy't doedestiden noch greve fan Carrick wie. Dat liket wierksynlik, om't ien offisjele boarne dy persoan oantsjut as Mestre Neel Cambell.
In oare boarne wol hawwe dat dizze 'master Niall' út Ayrshire kaam, en dat komt oerien mei de geografyske oarsprong fan it Campbell-skaai, en liket teffens de bân mei it Hûs Bruce te ferklearjen, mei't dat út dyselde kontreien kaam. Yn 1293 waard 'master Niall' nei Noarwegen ta stjoerd om persoanlike besittings te besoargjen by de âldere suster fan Robert, Isabella fan Bruce, de keninginne fan Noarwegen. En yn 1296 wie 'master Niall' ûnder de likernôch 1.500 Skotske eallju dy't te Berwick-upon-Tweed grutdiels ûnder twang in eed fan trou swarden oan 'e Ingelske kening Edwert I.
Ingelsk fazal
bewurkje seksjeDe Neil Campbell dy't yn in boarne út 1302 wer foar 't ljocht komt, wie noch altyd (of wer) in fazal fan 'e Ingelske Kroan yn 'e tsjinst fan Robert fan Bruce. Krekt as Robert sels bleau er Edwert I trou oant 1306, al waard syn relaasje mei de Ingelske kening wat langer wat muoisumer. Yn 1302 tsjinne er yn it Ingelske leger ûnder Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster, dy't datselde jiers de skoanheit fan Robert fan Bruce waard. Campbell naam ek diel oan it belis fan it Kastiel fan Stirling, yn 1305. Hy en syn broer Donald waarden beleanne foar harren tsjinst oan 'e Ingelske Kroan; sa krige Campbell sels yn 1302 lânerijen taparte yn it Ingelske greefskip Kumberlân, en datselde jiers waarden de erfdochters fan Andréas fan Crawford, de baron fan Loudoun, Lochmartnaham en Draffan, ûnder de fâdij pleatst fan him en syn broer.
Neigeraden dat Campbell lykwols yn it sok fan Robert fan Bruce yn 'e rjochting fan aktive dielname oan 'e Skotske rebûlje opskode, foel er oan it Ingelske Hof yn ûngenede. Sa waarden de dochters fan Crawford yn 'e maityd fan 1305 oan 'e fâdij fan him en syn broer ûntskuord, yn it foardiel fan in ridder dy't Robert fan Keith hiet. Datselde jiers naam Edwert I Campbell guon fan syn lânerijen ôf en joech dy oan in Ingelske ridder, Jan fan Dovedale.
Skotsk opstanneling
bewurkje seksjeOp 25 maart 1306 wie Campbell oanwêzich by de kroaning fan Robert fan Bruce ta kening fan Skotlân te Scone. Dat wie it begjin fan syn aktive belutsenens by de Skotske opstân, wêrby't er him ûntjoech ta ien fan 'e neiste fertroulingen fan 'e nije kening. Ek syn broer Donald rekke neitiid oan 'e Skotske kant yn 'e oarloch behelle. Nei de Skotske nederlagen yn 'e Slach by Methven en de Slach by Dalrigh wie Campbell ien fan 'e eallju dy't wegeren om Robert fan Bruce yn 'e steek te litten, sa't de dichter John Barbour yn 'e twadde helte fan 'e fjirtjinde iuw beskriuwe soe yn syn ferneamde epos Brus.
Hoewol't er yn histoaryske boarnen net faak neamd wurdt, wiist alles derop dat Campbell oan ien wei troch lid fan Bruce syn opstannelingelegerke bleau, wêrby't er sawol stried tsjin 'e Ingelsen as tsjin 'e Clan MacDougall yn it westen fan Skotlân, dy't troch syn bûnsgenoatskip mei it Hûs Comyn ek ta de fijannen fan Robert fan Bruce hearde. Yn 1309, en nochris yn 1314, liet Robert himsels by offisjele ûnderhannelings mei de Ingelske Kroan troch Campbell fertsjintwurdigje.
Houlik, neiteam en dea
bewurkje seksjeAs beleanning foar Campbell syn trouwe tsjinst oan him, hylke Robert fan Bruce syn suster Marije oan him út. It is net dúdlik wannear't dat houlik sletten waard, mar it moat grif foàr 1306 west hawwe, mei't Marije fan 1306 oant 1314 troch de Ingelsen finzen holden waard, wêrfan de earste fjouwer jier yn in koai yn 'e iepen loft op it binnenplak fan it Kastiel fan Roxburgh.
Campbell hie earder troud west mei in Alyse fan Crawford, en út dat houlik hied er teminsten twa soannen, Colin Og Campbell fan Lochdawe en in Dubhghall. Ut syn houlik mei Marije fan Bruce waard noch in trêde soan berne, Jan Campbell, greve fan Atholl († 1333). Robert fan Bruce skonk Campbell en Marije de konfiskearre lânerijen fan David II fan Strathbogie, greve fan Atholl, nei alle gedachten mei as bedoeling dat syn omkesizzer Jan letter greve fan Atholl wurde soe, wat ek barde.
Yn 1315 joech Robert fierders ek noch de baronyen fan Lochawe en Ardscotnish oan Campbell yn lien, yn ruil foar de tsjinst fan in fjirtichryms-galei foar fjirtich dagen yn 't jier. Dat lien gie letter oer op Campbell syn âldste soan Colin, en sa sette de hearlikheid fan 'e Campbells fan Lochawe útein, dêr't letter de hartoggen fan Argyll út fuortkomme soene. Neil Campbell kaam yn 1316 te ferstjerren en liet in sterk erfskip fan heldhaftigens en keninklike geunst nei, dêr't syn neiteam op fuortbouwe soe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |