Netflix Albuquerque Studios

De Netflix Albuquerque Studios, foarhinne de Albuquerque Studios, binne in studiokompleks yn 'e stêd Albuquerque, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko. It bedriuw waard yn 2007 oprjochte en kaam yn 2018 yn 'e hannen fan streamingtsjinst Netflix.

Netflix Albuquerque Studios
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Albuquerque (Nij-Meksiko)
oprjochte 2007
mem Netflix
offisjele webside
netflixinyourneighborhoodnm.com
kaart
Netflix Albuquerque Studios (Albuquerque)
Netflix Albuquerque Studios
Lokaasje yn Albuquerque.

Skiednis bewurkje seksje

De Albuquerque Studios waarden yn 2007 oprjochte. It bedriuw fêstige him yn in nij, foar $91 miljoen boud kompleks yn 'e wyk Mesa del Sol fan 'e Amerikaanske sted Albuquerque (Nij-Meksiko), op 5650 University Bouevard SE. It studiokompleks krige bekendheid doe't it fan 2008 ôf brûkt waard foar de opnamen fan 'e súksesfolle misdiesearje Breaking Bad. De geografyske koördinaten dêr't Walter White, de haadpersoan út dy searje, yn 'e ôflevering Buried fan seizoen 5 syn jild bedobbet, ferwize eins, by wize fan inside joke, nei de lokaasje fan it studiokompleks.

Yn oktober 2018 waard bekendmakke dat de streamingtsjinst Netflix ûnderhannelings fierde oer de oername Albuquerque Studios. Dy oankeap waard op 15 oktober in feit. Neffens it Amerikaanske tydskrift Variety betelle Netflix foar it kompleks, dat neitiid omneamd waard ta de Netflix Albuquerque Studios, likernôch $30 miljoen. Neitiid waard fan it studiokompleks de haadlokaasje makke foar de opnamen fan 'e eigen film- en tillefyzjeproduksjes fan Netflix, de saneamde Netflix Originals.

Yn novimber 2020 kundige Netflix oan dat it backlot fan 'e Netflix Albuquerque Studios útwreide wurde soene mei 120 ha grûn. Ek soe it gebouwekompleks sels útwreide wurde. De nijbou sette yn maaie 2022 útein en sil nei ferwachting yn 2024 hielendal klear wêze. Tagelyk reservearre Netflix $1 miljard foar produksjes dy't yn it kompleks opnommen wurde soene.

Fasiliteiten bewurkje seksje

De Netflix Albuquerque Studios bestiene yn 2018 út acht mânske soundstages: fjouwer fan 1.650  en fjouwer fan 2.230 m²). In njoggende soundstage, dat tarist is mei in greenscreen, is lytser, mei in oerflak fan 280 m². Fierders omfetsje de Netflix Albuquerque Studios produksjeromten foar postproduksje, kantoaren foar film- en tillefyzjemakkers en in backlot foar opnamen yn 'e iepen loft.

Produksjes bewurkje seksje

Films bewurkje seksje

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Netflix Albuquerque Studios opnommen binne:

Tillefyzje bewurkje seksje

In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Netflix Albuquerque Studios opnommen binne:

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.