Nickenich
Nickenich is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. Nickenich foarmet mei fjouwer oare ortsgemeinden de ferbânsgemeente Pellenz fan 'e lânkring Mayen-Koblenz.
Nickenich | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mayen-Koblenz | |
ferbânsgemeente | Pellenz | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.621 (31.12.2022)[1] | |
Oerflak | 16,58 km² | |
Befolkingsticht. | 218 ynw./km² | |
Hichte | 210 m. | |
Oar | ||
Postkoade | 56645 | |
Koördinaten | 50° 24' N 7° 19' E | |
Offisjele webside | ||
www.nickenich.de | ||
Kaart | ||
Lokaasje
bewurkje seksjeIt plak leit yn 'e Fulkaaneifel oan 'e Laacher See (himelsbreed trije km fan it sintrum) en sân km fan Andernach.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeOan 'e westllike râne fan Nickenich waard oan 'e Laacher Straße in gallo-romeinsk grêf út de 1e iuw nei Kristus rekonstruearre, de saneamd Tumulus fan Nickenich.
Fan 'e op 'e resten fan in Romeinske filla boude 13e-iuwske stifte parochytsjerke (yn 1842 ôfbrutsen) bleau de romaanske toer bewarre. De hjoeddeiske parochytsjerke waard troch Johann Claudius von Lassaulx ûntwurpen. De tsjerke waard yn 1848 foltôge en is oan Arnulfus fan Metz wijd. De tsjerke fertsjintwurdiget in mingstyl fan neoromaanske en klassisistyske boufoarmen en wurdt mei troch de kombinaasje fan ferskillende soarten natoerstien út de krite as ien fan 'e moaiste ûntwerpen fan 'e arsjitekt beskôge. Fanwegen de grutte ôfmjittings fan it gebou wurdt de tsjerke ek wol de Pellenzdom neamd.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Tumulus fan Nickenich.
-
Sint-Arnulfustsjerke.
-
Krús oan 'e Kirchstraße.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|