Niederzissen
Niederzissen is in Ortsgemeinde yn 'e lânkring Ahrweiler yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It is it haadplak fan 'e ferbânsgemeente Brohltal.
Niederzissen | ||
Sint-Germanustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Ahrweiler | |
ferbânsgemeente | Brohltal | |
Stedsyndieling | 2 Ortsteile | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.784 (2022)[1] | |
Oerflak | 11,95 km² | |
Hichte | 203 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 56651 | |
Koördinaten | 50° 26' N 7° 13' E | |
Offisjele webside | ||
niederzissen.de | ||
Kaart | ||
Niederzissen leit yn in syddelling fan 'e Ryn oan 'e foet fan 'e Bausenberg, de bêste bewarre hoefizerkrater fan it lân. Tusken fulkaanbergen rint it histoaryske paad oer it plak rjochting Eifel.
De Ortsgemeinde Niederzissen bestiet út de twa Ortsteilen Niederzissen en Rodder en de buorskippen Haus Waldfrieden en Kurheim Bausenberg.
Skiednis
bewurkje seksjeNiederzissen is ien fan 'e âldste delsettings fan 'e omkriten. Yn Niederzissen binne ek Keltyske en Romeinske wapens fûn. Der is in fragmint fan in bile út de jonge stientiid fûn fan in stiensoarte dy't út it gebiet komt. De namme 'Zissen' komt fan it Keltysk en bestjut "efterôf lizzend", dat ek tsjut op in iere bewenning fan 'e lokaasje.
Lykas de rest fan it gebiet op 'e lofter kant fan 'e Ryn waard Niederzissen yn 1794 troch de Frânsen beset. It Weenske Kongres wiisde nei de fal fan Napoleon it gebiet oan Prusen ta.
It doarp Rodder waard yn 1979 by Niederzissen yndield.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De letromaanske Germanustsjerke út 1250.
- It eardere Zehnthaus út 1550.
- It stasjonsgebou fan 1890.
- De eardere synagoge fan 1855 oan 'e Mittelstraße 30 hat in oanboude eksposysjeromte, dêr't in pear fynsten te sjen binne fan 'e eardere joadske mienskip fan Niederzissen.
- Under lieding kin in besite brocht wurde oan de sûnt 1943 yn de rots úthoude bunker yn 'e Klosterstraße, dy't yn 'e Twadde Wrâldkriich oan sa'n 300 ynwenners in skûlplak bea. De gong fan 'e bunker is 53 meter lang en hat foar ferskillende famyljes oan 'e gong grinzgjende nissen.
- De Sint-Annakapel út 1617.
- Yn it Ortsteil Rodder: it eardere skoalgebou út 1906.
Omjouwing
bewurkje seksje- Yn 'e omkriten stiet de ruïne Olbrück.
- De Rodder Maar noardlik fan Niederdürenbach is in marke, dat mooglik ûnstien is troch de ynslach fan in meteoryt.
Ferkear
bewurkje seksjeIt stasjon fan Niederzissen leit oan it Brohltalspoar, in smelspoar fan Brohl-Lützing nei Engeln. Likernôch fiif kilometer fan Niederzissen is de oansluting op 'e Autobahn 61. Troch de delling fan 'e Brohlbach hinne rint de Bundesstraße 412 fan 'e Autobahn 61 nei de Ryn.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Synagoge.
-
Fakwurkhûs.
-
Oberdorfstrasse 1.
-
Zehnthaus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|