Nijfûnlanner (hûn)

De Nijfûnlanner of Newfoundlander is in hûneras dat syn oarsprong fynt op it Kanadeeske eilân Nijfûnlân. It is in grutte wurkhûn, dy't oarspronklik fokt waard om fiskers te helpen. Dit ras stiet bekend om syn yntelliginsje, krêft, kalmens en trou. Om't Nijfûnlanners treflike swimmers binne, wurde se hjoed oan 'e dei gauris ynset as rêdingshûn te wetter. Swart-wyt bûnte Nijfûnlanners wurde sûnt 1960 troch de Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) erkend as in apart ras, de landseer.

Nijfûnlanner
algemiene ynformaasje
alt. namme Newfoundlander
oarsprong Kanada
   ● Nijfûnlân
klassifikaasje hiem- en ferdigeningshûn
FCI-nû. #50
lichemsskaaimerken
skofthichte 56-76 sm
gewicht 45-70 kg
kleur swart, brún of grizich

Krekt as de Labrador-retriever en de landseer is de Nijfûnlanner ûntstien út 'e âlde Sint-Janshûn, op it eilân Nijfûnlân, dat sûnt 1949 ta Kanada heart. De mastyf-skaaimerken fan 'e Nijfûnlanner binne nei alle gedachten it gefolch fan krusings mei de Alentejo-hardershûn (of rafeiro de Alentejo), wêrfan't eksimplaren yn 'e sechstjinde iuw nei Nijfûnlân ta brocht waarden troch Portegeeske fiskers. De spekulaasje dat de Nijfûnlanners ek foar in part ôfstamje fan 'e grutte swarte bearehûnen dy't yn 1001 troch de Wytsingen fan Leif Eriksson op it eilân yntrodusearre wêze soene, is mear basearre op myte as op feiten.

 
In Nijfûnlanner.

Tsjin 'e tiid dat de permaninte kolonisaasje fan Nijfûnlân yn 1610 úteinsette, hie de Nijfûnlanner mank de ympermaninte fiskersmienskippen oan 'e kust syn opfallende lichaamlike skaaimerken en mentale karakteristiken as fêstige. Yn 'e iere 1880-er jierren waarden troch fiskers en ûntdekkingsreizgers twa soarten hûnen omskreaun op Nijfûnlân: in swierder ras mei in langere pels, dy't doedestiden de 'grutte Nijfûnlanner' neamd waard, en in lichter boud ras mei in koartere pels, de saneamde 'lytse Nijfûnlanner'. It earste ras kamen de moderne Nijfûnlanner en de landseer út fuort, wylst út it twadde ras de Labrador-retriever ûntstie. Fanwegen de unike kapasiteiten op it mêd fan swimmen waard de 'grutte Nijfûnlanner' yn Kanada ek brûkt om 'e Leonberger út te fokken (dy't ynset waard as rêdingshûn te wetter), wylst der yn 'e Sovjet-Uny de no útstoarne Moskovyske wetterhûn út ûntstie (dy't lykwols troch de ûngelokkige krusing mei de Kaukazyske hardershûn leaver biet as rêde).

Sels yn 'e njoggentjinde iuw al kaam de Nijfûnlanner wiid en siid bekend te stean om syn aventoerlike ynstelling en syn moed. Ien fan 'e bekendste fertsjintwurdigers fan dit ras wie Seaman, de hûn fan 'e Amerikaanske ûntdekkingsreizger Meriwether Lewis, dy't er beselskippe ûnder de ferneamde Ekspedysje fan Lewis en Clark (1804-1806), de earste oerlânske reis nei de Amerikaanske westkust en werom. Yn 1828 rêde de Nijfûnlanner Hairy Man, yn 'e mande mei syn eigner Ann Harvey fan Isle aux Morts, har heit en har broer foar de eastkust fan Kanada 163 Ierske ymmigranten fan 'e drinkeldea doe't harren skip, de Despatch, te sink gie. By it grutte publyk, alteast yn Ingelân, waard de Nijfûnlanner fan 1862 ôf bekend troch tige populêre Napoleon de Wonderhûn, dy't akrobatyske toeren úthelle yn Van Hare's Magic Circus.

 
In brune Nijfûnlanner.

Yn 1886 waard de earste rasstandert opsteld foar de Nijfûnlanner, wêrby't de foarkar jûn waard oan swarte hûnen. Brune eksimplaren waarden dulde, mar de swart-wyt bûnte hûnen waarden inkeld tastien as se fierders oan alle rasfoarskriften foldiene. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam yn Jeropa in beweging op gong om 'e twakeurige hûnen as apart ras, de landseer, erkend te krijen. Yn 1960 slagge it de leafhawwers fan 'e twakleurige hûn om 'e Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI) safier te krijen dat dy de lanseers en Nijfûnlanners útinoar helle en in aparte rasstandert opstelde foar landseers.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Nijfûnlanners hawwe swimfluezzen tusken de teannen en in wetterôfstjittende pels. De skofthichte bedraacht 56-76 sm, en de lichemslingte, sturt ynbegrepen, is likernôch 1,8 m. Rikels hawwe in gewicht fan 60-70 kg, en teven fan 45-55 kg. Yn ekstreme gefallen kinne Nijfûnlanners noch oansjenlik swierder wêze, mei in rekôr fan 120 kg. De tastiene kleuren foar de Nijfûnlanner binne neffens de Amerikaanske Kennelklub (AKC): swart, brún, grizich en swart-wyt bûnt. De Kanadeeske Kennelklub (CKC) stiet inkeld de kleuren swart en swart-wyt bûnt ta. De Ynternasjonale Kynologyske Federaasje (FCI), de meast gesachhawwende kynologyske organisaasje yn Jeropa, stiet de kleuren swart en brún ta, wylst de swart-wyt bûnte hûnen ûnder namme landseer as in apart ras beskôge wurde, dat net mei de Nijfûnlanner krúst wurde mei.

 
In Nijfûnlanner as rêdingshûn.

Njonken al syn pluspunten hat de Nijfûnlanner ek ferskate negative karakteristiken. Sa flybket er frijwat, krekt as de measte oare grutte hûnen. Fierders is er fetber foar krupsjes as heupdysplasy (in misfoarme heupgewricht), earmtakkedysplasy en systinueria (in erflike ôfwiking dy't nierstiennen foarmet yn 'e blaas). Ek komt subfalvulêr aortyske stenoaze (SAS) in protte foar by dizze hûnen. Dat is in hertôfwiking wêrby't de hertkleppen net goed wurkje, wat in hommelse dea op jonge jierren feroarsaakje kin. De libbensferwachting fan in sûne Nijfûnlanner is likernôch tsien jier.

 
In Nijfûnlanner op in Nijfûnlânske postsegel.

Nijfûnlanners steane bekend om harren kalme en meigeande natuer en om harren krêft. Se binne tige trou en ideaal as wurkhûnen. Sadwaande wurdt dit ras ek wol de gentle giant ("sêftaardige reus") neamd. Om dyselde reden wurde Nijfûnlanners tsjintwurdich gauris ynset as terapyhûn. Nijfûnlanners hawwe in leechtoanige blaf en binne maklik te belearen as men dêr jong genôch mei begjint. Se kinne tige goed mei bern omgean, mar fanwegen har bombidige grutte kinne se lytse bern soms ûnbedoeld ferwûnje troch se om te triuwen of in reis mei de sturt te jaan. De omfang fan 'e Nijfûnlanner kin ek op oare mêden swierrichheden opleverje as er net goed beleard is.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ashworth, Lou Sawyer, Prisma Honden Lexicon, Utert/Antwerpen, 1977 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 09 03X (oers. fan The Dell Encyclopedia of Dogs, New York, 1974, Vineyard Books), s. 80-81: Newfoundlander.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.