Nikolaastsjerke (Dearsum)

De Nikolaastsjerke yn Dearsum is in ien fan de twa tsjerken fan de Protestanske Gemeente Ingwert. De oare tsjerke fan de gemeente is de Laurentiustsjerke yn Raerd.

Nikolaastsjerke
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest Fryslân
plak Dearsum
adres Nû. 34
koördinaten 53° 05' N 5° 42' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Nikolaas fan Myra
Arsjitektuer
boujier ± 1200
boustyl romanogotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8473[1]
Webside
Side Protestantske Gemeente Ingwert
Kaart
Nikolaastsjerke (Fryslân)
Nikolaastsjerke
 
Ynterieur

De tsjerke waard as in romaanske tsjerke om 1200 hinne boud. It bêst bewarre bleau de noardlike muorre, dêr't noch twa heechlizzende rûnbôgefinsters binne. De tsjintwurdich tichtmitsele poarte dêr mei in spitsbôge waard yn de 15e iuw ynbrocht. Ek de sluting fan it koer is noch romaansk. Yn de súdlike muorre lit de gotyk him mear sprekke. De finsters dêr binne yn de 16e iuw fergrutte en op ien nei fan spitsbôgen foarsjoen.

De sealtektoer waard yn de 13e iuw boud.

De Dearsumer tsjerke wie oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijd, mar by fersin is de tsjerke yn de 19e iuw ek wol as Petrustsjerke beskreaun.

Yn de jierren 1948-1951 ûndergyng de tsjerke in grutte restauraasje.

It ynterieur fan de tsjerke is tige ienfâldich. De preekstoel ferhûze yn de 19e iuw fan in opstelling oan de súdlike muorre nei de eastlike muorre en stiet dêr ek tsjintwurdich noch. Rjochts fan de preekstoel is in piscina te sjen, in spitsbôgenis mei in ôffier foar it wetter dêr't yn de fan foar de reformaasje de liturgyske dingen mei skjin wosken waard. In oare nis út de katolike tiid is te sjen yn de noarlike muorre.

Yn de toer hinget in nei alle gedachten 14e-iuwske klok mei in diameter fan 75 sintimeter.[2]

 
Adema-oargel

It ienmanualige oargel waard yn 1875 troch de bruorren Adema (Amsterdam-Ljouwert) boud. Foar de bou moast in trekbalke ferwidere wurde.

It ynstrumint is noch hielendal orizjineel, mar de kast fan it oargel waard yn de jierren 1950 by de restauraasje grien farve. It oargel waard yn 2016 troch Bakker & Timmenga mei help fan Theo Jellema restaurearre.[3]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: