Nikolaas fan Kues

(Trochferwiisd fan Nikolaus fan Kues)

Nicolaas fan Kues of Nikolaüs fan Cusanus (einliks Nikolaus Krebs von Kues) (Kues, 1401 - Tody, 11 augustus 1464) wie in Dútsk teolooch, filosoof, wiskundige, astronoom, humanist en jurist. Hy wurdt sjoen as in geniale tinker út de lette Midsiuwen.

Nikolaas fan Kues

Nikolaas waard berne as soan fan in wynhanneler út Kues in stedsje oan de Moezel. Hy studearre rjochten yn Heidelberch en Padua. Yn Padua healle hy yn 1423 syn doktoraal yn it kanonike rjocht. Nei in skoftsje yn Keulen komt er yn tsjinst by de biskop fan Trier. Yn 1430 waard hy ta pryster wijd. Yn opdracht fan de biskop naam er diel oan it Konsily fan Basel. Foar dat konsily skreau hy yn 1433 syn Concordantia catholica. Yn Keulen begûn hy him yn alderlei wittenskipsgebieten te ferdjipjen. Nikolaas makke fan 1437 ôf namme as pauslik legaat (folmachtige gesant). Nicolaas V ferhefte him yn 1448 ta kardinaal.

Yn 1451 besocht Nikolaas de Nederlannen om de tastân fan de Tsjerke dêr te ûndersykjen. Hy waard ta biskop fan Brixen beneamd, mar de hartoch fan Tirol ferdreaun him yn 1459 út syn bisdom. Hy koe net mear nei syn bisdom werom komme en ferstoar yn ballingskip yn de Umbryske stêd Tody yn 1464. Syn lichem waard begroeven yn San Pietro yn Vincoli te Rome, mar syn hert waard letter oerbrocht nei it Cusanusstift te Kues.

Wurk en betsjutting

bewurkje seksje

Nikolaas hold him dwaande mei in grut ferskaat oan wittenskipsgebieten. Utsein teology en filosofy wiene benammen de wiskunde, astronomy en taalwittenskip dy't him ynteressearre. Hy beskreau as earste it gebrûk fan konkave linzen om steksjoggens te korrizjearjen. Op it mêd fan de polityk ûntwikkele hy in eigen systeem fan woegen ferkiezingen. Hy ûntwikkele begrippen as de coincidentia oppositorum, it oerienkommen fan tsjinstelde saken yn in ûneinich fier punt, te witten God, en de docta ignorantia (1440), de "gelearde ûnwittens". Mei dat lêste idee woe hy sizze dat mei minsklike kennis fan God net mear oer God te sizzen is as wat God net is.

Yn syn boek 'De pace fidei', ta stân kommen yn 1453 nei berjochten oer de fal fan Konstantinopel, beskriuwt Nikolaas in fredesdialooch tusken de ferkate religys en folken. Hy ûntwikkelt it begryp fan de 'una religio in rituum varietate' (de iene religy yn de ferskiedenheid fan gebrûken en riten). Nikolaas toant fierders krekt as Lorenzo Valla oan dat de Donatio Constantini in ferfalsking is.

De fyzje fan Nikolaas op God befet mystike trekken. Him is panteïsme ferwiten.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  • Bellito, C.M., Izbicki, T.M., Christianson, G. (2004): Introducing Nicholas of Cusa: A Guide to a Renaissance Man, Leiden
  • Bocken, I. (2004): De kunst van het verzamelen. Historisch-ethische inleiding in de conjecturele hermeneutiek van Nicolaus Cusanus, Budel
  • Bocken, I., Schwaetzer, H. (red.) (2005): Spiegel und Porträt. Zur Bedeutung zweier zentraler Bilder im Denken des Nicolaus Cusanus, Maastricht/Aken
  • Borsche, T. (1989): Was Etwas ist. Fragen zur Wahrheit der Bedeutung bei Platon, Augustin, Nikolaus von Kues und Nietzsche, München
  • Flasch, K. (1998): Nikolaus von Kues. Geschichte einer Entwicklung, Frankfurt am Main
  • Hoff, J. (2007): Kontingenz, Beruehrung, Ueberschreitung. Zur philosophischen Propaedeutik christlicher Mystik nach Nikolaus von Kues, Muenchen
  • Jansen, H.P.H. (1981): Geschiedenis van de Middeleeuwen, tredde printinge, Utjouwerij Het Spectrum, Utert - Antwerpen, ISBN 9027453772
  • Maas, F. (1993): Vreemd en intiem. Nicolaas van Cusa op zoek naar de verborgen God, Zoetermeer.