Nishnawbe Aski Naasje
De Nishnawbe Aski Naasje (Ingelsk: Nishnawbe Aski Nation; Odjibwe, Kry en Odji-Kry: ᐊᓂᔑᓇᐯ ᐊᔅᑭ ᐃᔥᑯᓂᐊᓇᓐ ᐅᑭᒪᐎᓐ, Anishinaabe-aski Ishkoniganan Ogimaawin), yn 'e regel ôfkoarte ta NAN, is in politike organisaasje dêr't 49 Yndiaanske stamme-organisaasjes út it noarden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario by oansletten binne. De NAN ûntstie yn 1981. It haadkertier fan 'e organisaasje is fêstige yn 'e stêd Thunder Bay.
Nishnawbe Aski Naasje | ||
Ingelsk | Nishnawbe Aski Nation | |
lânseigen | ᐊᓂᔑᓇᐯ ᐊᔅᑭ ᐃᔥᑯᓂᐊᓇᓐ ᐅᑭᒪᐎᓐ (Anishinaabe-aski Ishkoniganan Ogimaawin) | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Ontario | |
haadkertier | Thunder Bay (Ontario) | |
etnisiteit | Odjibwe, Kry en Odji-Kry | |
ledetal | 45.000 (2011) | |
oprjochting | 1973 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
offisjele webside | ||
www.nan.on.ca |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Nishnawbe Aski Naasje komt fuort út 'e Grutte Ried fan it Ferdrach Nû. 9 (Grand Council of Treaty 9), dy't yn febrewaris 1973 oprjochte waard. Dy organisaasje wie ferneamd nei it Ferdrach Nû. 9 út 1905, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten. Nei't it Kanadeeske regear op grûn fan 'e befinings fan 'e Kommisje-Hart, út 1978, reparaasjebetellings makke hie foar grûngebiet dat de Yndianen yn it ferline yllegaal ôfnommen wie, waard de Grutte Ried yn 1981 reorganisearre as de Nishnawbe Aski Naasje. Yn maart 1984 waard it earste bestjoer fan 'e NAN keazen en hold de Grutte Ried fan it Ferdrach Nû. 9 op te bestean.
Demografy
bewurkje seksjeDer binne by de Nishnawbe Aski Naasje 49 stamme-organisaasjes (dy't yn Kanada first nations, "earste naasjes", neamd wurde). Dêrmei beslacht de NAN it hiele noarden fan 'e provinsje Ontario en fertsjintwurdiget de organisaasje sa'n 45.000 Yndianen. Dy hearre ta de etnyske groepen fan 'e Odjibwe (Ojibwe of Chippewa), Kry (Cree) en Odji-Kry (Oji-Cree). De lidstammen binne foar it meastepart ferdield oer sân lytsere, regionale gearwurkingsferbannen.
Bestjoer
bewurkje seksjeIt haadkertier fan 'e Nishnawbe Aski Naasje is fêstige yn 'e stêd Thunder Bay, oan 'e noardlike igge fan 'e Boppemar. It doel fan 'e organisaasje is om 'e sosjale en ekonomyske winsken fan 'e lidstammen te fasilitearjen en de lidstammen te fertsjintwurdigjen foar alle nivo's fan 'e Kanadeeske oerheid oer. Dêrta hat de NAN progamma's en tsjinsten op alderlei mêd ûntjûn, lykas in mienskiplike plysje (de Nishnawbe-Aski Plysjetsjinst) dy't ferantwurdlik is foar de wetshanthavening yn 'e reservaten fan 'e lidstammen; in mienskiplike organisaasje op it mêd fan 'e sûnenssoarch; mienskiplike frouljus- en jongereinorganisaasjes; en in mienskiplik skoalleprojekt. Yn 2015 wie it grut-opperhaad fan 'e Nishnawbe Aski Naasje Harvey Yesno fan 'e Eabametoong Earste Naasje.
Ferbûne stammen
bewurkje seksje- Keewaytinook Okimakanak Ried (Keewaytinook Okimakanak Council)
- Matawa Earste Naasjes (Matawa First Nations)
- Aroland Earste Naasje
- Constance Lake Earste Naasje
- Eabametoong Earste Naasje
- Hornepayne Earste Naasje
- Marten Falls Earste Naasje
- Neskantaga Earste Naasje (Lansdowne House Earste Naasje)
- Nibinamik Earste Naasje (Summer Beaver Earste Naasje)
- Webequie Earste Naasje
- Shibogama Earste Naasjes Ried (Shibogama First Nations Council)
- Sompe-Kry Stammeried (Mushkegowuk Tribal Council)
- Attawapiskat Earste Naasje
- Chapleau Kry Earste Naasje
- Fort Albany Earste Naasje Fort Albany, Ontario (also known as Albany Earste Naasje)
- Kashechewan Earste Naasje
- Missanabie Kry Earste Naasje
- Moose Kry Earste Naasje
- Taykwa Tagamou Naasje (foarhinne New Post Earste Naasje)
- Weenusk Earste Naasje
- Unôfhinklike Earste Naasjes Alliânsje (Independent Earste Naasjes Alliance)
- Kitchenuhmaykoosib Inninuwug Earste Naasje (foarhinne Big Trout Lake Earste Naasje)
- Lac Seul Earste Naasje
- Muskrat Dam Earste Naasje
- Pikangikum Earste Naasje
- Whitesand Earste Naasje
- Wabun Stammeried (Wabun Tribal Council)
- Windigo Earste Naasjes Ried (Windigo First Nations Council)
- earste naasjes dy't net by in grutter ferbân oansletten binne
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |