Attawapiskat Earste Naasje
De Attawapiskat Earste Naasje (Ingelsk: Attawapiskat First Nation, útspr.: [ætə'wɑ:pɪskæt], likernôch: "ette-waa-pis-ket"; Kry: ᐋᐦᑕᐙᐱᐢᑲᑐᐎ ᐃᓂᓂᐧᐊᐠ, Āhtawāpiskatowi Ininiwak) is in Yndiaanske stamme-organisaasje yn Kanada, mei eigen reservaten yn it noarden fan 'e provinsje Ontario. De geografyske lokaasje fan dizze stamme is dreech berikber en sterk isolearre, benammen simmerdeis. De Attawapiskat Earste Naasje bestiet út etnyske Kry (Cree), en waard as offisjele stamme-organisaasje oprjochte yn 1930. Neffens gegegevens út 2011 hie de stamme doe 2.800 leden. It haadkertier is fêstige yn Attawapiskat, op it plak dêr't de rivier de Attawapiskat útmûnet yn 'e Jamesbaai.
Attawapiskat Earste Naasje | ||
Ingelsk | Attawapiskat First Nation | |
lânseigen | ᐋᐦᑕᐙᐱᐢᑲᑐᐎ ᐃᓂᓂᐧᐊᐠ Āhtawāpiskatowi Ininiwak | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Ontario | |
haadkertier | Attawapiskat (Ontario) | |
etnisiteit | Kry | |
ledetal | 2.800 (2011) | |
oprjochting | 1930 | |
status | erkend | |
erkenning | Kanada | |
reservaat | ||
reservaat | Attawapiskat Reservaat 91 Attawapiskat Reservaat 91A | |
lokaasje | noardlik Ontario | |
oerflak | 271,6 km² | |
ynwennertal | 1.549 (2011) | |
offisjele webside | ||
www.attawapiskat.org | ||
kaart | ||
Lokaasje yn Ontario.
|
Etymology
bewurkje seksjeAttawapiskat komt fan chat-a-wa-pis-shkag, dat yn it Sompe-Kry safolle betsjut as "folk fan it plak dêr't de rotsen útinoar geane". Dy namme ferwiist nei ferskate groepkes spektakulêr hege kalkstieneilantsjes yn 'e rivier de Attawapiskat, op likernôch 100 km it lân yn fanôf de mûning. First Nation ("earste naasje") is typysk Kanadeeske oantsjutting foar in Yndianestamme of -troep.
Geografy
bewurkje seksjeDe Attawapiskat Earste Naasje is sitewearre yn it mânske Kenora Distrikt fan noardwestlik Ontario. De iennichste wenkearn is it doarp Attawapiskat, op 5 km ôfstân fan 'e mûning fan 'e rivier de Attawapiskat yn 'e Jamesbaai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Hudsonbaai. De Attawapiskat Earste Naasje besit twa Yndianereservaten, mar it tradisjonele territoarium fan 'e stamme strekt him oant fier dêrbûten út, en rint oer in ôfstân fan hûnderten kilometers by de kust fan 'e Jamesbaai lâns en parallel mei de Attawapiskat en oare rivieren it binnenlân yn.
It doarp Attawapiskat is simmerdeis, as de permafrost foar in diel ûntteid, allinnich oer it wetter of troch de loft berikber. Iroanysk genôch is it winterdeis folle makliker berikber, fia de iiswegen oer de beferzen rivieren, dy't fan desimber ôf brûkt wurde kinne foar swier ferkear. Dêrtroch ûntstiet der dan in noflike ferbining mei de súdliker leine doarpen Moosonee, Fort Albany en Kashechewan. Dêrby leit Attawapiskat oan 'e fiere noardlike útein fan 'e iiswei, op 310 km ôfstân fan Moosonee. Himelsbreed leit Attawapiskat 160 km fan Moosonee ôf. De tichtstbye gruttere stêd, Timmins, leit 500 km besuden Attawapiskat.
Reservaat
bewurkje seksjeIt grûnbesit fan 'e Attawapiskat Earste Naasje bestiet út twa ûnderskate reservaten: it gruttere, mar ûnbewenne Attawapiskat Reservaat 91, yn it binnenlân, benoarden de rivier de Attawapiskat, en it lytsere Attawapiskat Reservaat 91A, dat deunby de mûning fan 'e rivier de Attawapiskat yn 'e Jamesbaai leit. Beide meitsje diel út fan it Kenora Distrikt fan noardlik Ontario. Mei-inoar beslane de reservaten in oerflak fan 271,6 km². It doarp Attawapiskat, dêr't it haadkertier fan 'e Attawapiskat Earste Naasje fêstige is, leit yn it Attawapiskat Reservaat 91A.
Demografy
bewurkje seksjeDe leden fan 'e Attawapiskat Earste Naasje besteane út etnyske Kry (Cree), in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep fan Kanada is. De Kry fan Attawapiskat hearre ta de subgroep fan 'e Sompe-Kry, út it simmerdeis sompige Leechlân fan de Hudsonbaai. De stamme hie yn 2011 sa'n 2.800 leden, wêrfan't 1.549 (oftewol 55,3%) permanint yn 'e reservaten wennen. Fan 'e reservaatbewenners is mear as in trêdepart jonger as 19 jier en trijefearn jonger as 35 jier. Frijwol de hiele mienskip sprekt as memmetaal it Sompe-Kry, ien fan 'e (sterk útinoar rinnende) farianten fan 'e Kry-taal. In grut part fan 'e âlderein sprekt mar in hiel lyts mûltsjefol Ingelsk of is dy taal hielendal net machtich.
Skiednis
bewurkje seksjeDe foarâlden fan 'e leden fan 'e Attawapiskat Earste Naasje wennen al sûnt minskewitten yn it gebiet besuden de Hudsonbaai. De Britske Hudsonbaaikompanjy yntrodusearre yn dy krite de kommersjele pelsjacht troch ein santjinde iuw in hannelspost te Fort Albany te stiftsjen. Yn 1901 stifte de kompanjy ek in hannelspost yn Attawapiskat sels. It stee fan dy hannelspost wie doe al iuwenlang in plak fan gearkomste foar de pleatslike Kry-Yndianen, dy't der yn 'e maityd en simmer in kamp fêstigen om te profitearjen fan 'e kâns om yn 'e rivier de Attawapiskat te fiskjen. As de rivier hjerstmis tichtfrear, ferliet men it kamp wer om it winterskoft al jeiend troch te bringen op oare plakken by de kust lâns, fierder it binnenlân yn of op it eilân Akimiski.
De Kry fan Attawapiskat sleaten frij let in formeel ferdrach mei it regear fan Kanada en de provinsje Ontario, nammentlik yn 1930. Dat barde yn 'e foarm fan in tafoeging oan it Ferdrach Nû. 9, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten. It Ferdrach Nû. 9 wie oarspronklik yn 1905 en 1906 sletten mei de Yndianen fan noardlik en westlik Ontario, mar dêrby gie it inkeld om 'e mienskippen besuden de rivier de Albany. Nei it sluten fan it ferdrach waarden yn 1950 de beide reservaten fan 'e Attawapiskat Earste Naasje stifte. Yn 'e 1960-er jierren sette de hiele mienskip him nei wenjen yn it lytsere, mar minder isolearre Attawapiskat Reservaat 91A.
Troch de isolaasje bleaune lânseigen tradysjes, ideeën en de ynterpretaasje fan it libben yn it algemien yn Attawapiskat better bewarre as yn oare Yndiaanske mienskippen yn Ontario. Guon leden fan 'e âlderein liede noch altyd in trasyjoneel libben as jager-sammelders, en ferbliuwe inkeld fan kryst oant âld en nij yn it doarp. Oaren brûke Attawapiskat as in soarte fan útfalsbasis foar harren ekonomyske en sosjale libben. De grutte mearderheid fan 'e ynwenners is yn 'e hjerst en maityd behelle yn 'e guozzejacht, en in lytser, mar oansjenlik diel fan 'e mienskip jaget ek wol op rindieren of fisket op salm. Soks giet net inkeld om it iten dat dêrmei beset wurdt, mar is fral ek in ûnderdiel fan 'e pleatslike kultuer en identiteit.
Sûnt de jierren fyftich hat Attawapiskat him ûntjûn fan in samling tydlike wenten, lykas tinten en tipys, ta in wier doarp mei, foar it meastepart, permaninte gebouwen. Fan 1927 oant 1960 wie der yn it doarp in houtseagerij dy't rund waard troch de Oblatemissy fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Yn 'e 1980-er jierren waard de hannelspost fan 'e Hudsonbaaikompanjy oernommen troch Northern Store. Yn 2008 iepene it Súdafrikaanske mynboubedriuw De Beers bûten de reservaten, mar op tradisjoneel territoarium fan 'e Attawapiskat Earste Naasje de earste diamantmyn fan Ontario. Dat is in iepen myn dy't 90 km westlik fan it doarp Attawapiskat leit. It regear fan 'e Attawapiskat Earste Naasje siet der begryplikerwize frijwat oer yn wat foar negative ynfloeden oft sa'n myn hawwe soe op 'e natoer en it miljeu, en dêrmei op 'e mienskip sels, mar yn oerlis mei De Beers waard yn 2012 in oerienkomst berikt wêrby't it bedriuw K$10,5 miljoen yn in fûns stiek dat bedoeld wie om bliuwende skeining fan 'e natoer te reparearjen. Boppedat hat de iepening fan 'e myn ek geunstige gefolgen foar de pleatslike ekonomy, mei't ûnder de 500 foltiids-wurknimmers fan 'e myn 100 leden fan 'e Attawapiskat Earste Naasje binne. Ek ûnder de ûnderoannimmers fan 'e myn binne leden fan 'e stamme.
Mids april 2016 kaam de Attawapiskat Earste Naasje wrâldwiid yn it nijs doe't der de needtastân útroppen waard om't der sûnt septimber 2015 101 minsken besocht hiene selsmoard te dwaan (wat lokkigernôch mar yn ien gefal slagge). Allinnich al yn 'e moanne maart 2016 wiene der 28 gefallen en op 9 april sloegen yn ien dei tiid 11 minsken de hân oan harsels. De redens foar de ekstreme taname fan it besykjen ta selsmoard binne de wentekrapte, dy't makket dat yn in protte gefallen wol 14 oant 15 minsken yn ien hûs wenje, en fierders narjen op skoalle, mishanneling, seksueel geweld, drugsgebrûk en in algemien gefoel fan bûtenslettenens út 'e Kanadeeske maatskippij.
Bestjoer
bewurkje seksjeDe Attawapiskat Earste Naasje wurdt bestjoerd troch in opperhaad en in stammeried dy't by mei geregelde tuskenskoften holden demokratyske ferkiezings keazen wurde troch de stimgerjochtige leden fan 'e stamme. It regear fan 'e stamme waard fan 2011 oant 2012 troch it Kanadeeske regear ûnder kuratêle steld. In federale rjochter feroardiele dat yngripen neitiid as "ûnreedlik". De Attawapiskat Earste Naasje is in lid fan 'e Sompe-Kry Stammeried (SCTC), ek wol de Mushkegowuk Stammeried neamd, in yntertribaal gearwurkingsferbân fan acht etnyske Sompe-Kry-stammen yn noardlik en noardeastlik Ontario. Dêropta is de Attawapiskat Earste Naasje ek lid fan 'e Nishnawbe Aski Naasje, in politike organisaasje dêr't 49 Yndiaanske stamme-organisaasjes út it noarden fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario by oansletten binne.
Foarsjennings
bewurkje seksjeSûnt de iere 1990-er jierren sjocht de Nishnawbe-Aski Plysjetsjinst yn 'e reservaten fan 'e Attawapiskat Earste Naasje ta op 'e wets- en oarderhanthavening. De stamme hat ek in eigen brânwacht fan njoggen man, in iisbaan, in sportskoalle en in mienskipssintrum. Ien fan 'e grutste swierrichheden fan 'e Attawapiskat Earste Naasje is de húsfêsting of alteast it gebrek dêroan. In protte leden fan 'e stamme libje noch altyd yn tinten, caravans of oare tydlike wenten, dy't net foldogge oan moderne mjitstêven. Fierders beskikt in oansjenlik diel fan 'e permaninte wenten en iepenbiere gebouwen net oer wetterlieding of elektrisiteit.
Foar de sûnenssoarch is yn Attawapiskat in dependânse mei sechtsjin bêden fêstige fan it James Bay General Hospital yn Moosonee. Dizze klinyk ferfong yn 1969 it St. Mary's Hospital dat yn 1951 troch de Roomsk-Katolike Tsjerke yn it doarp boud wie. Der is lykwols gjin dokter permanint oanwêzich yn Attawapiskat. By needgefallen wurde pasjinten mei de helikopter ophelle en nei in sikehûs yn Moose Factory, Timmins, Sudbury of Kingston oerbrocht.
Op it mêd fan it ûnderwiis waarden de bern yn 'e 1930-er en 1940-er jierren nei in ynternaat yn Fort Albany stjoerd. De earste skoalle yn Attawapiskat gie yn 1953 iepen. Yn 'e 1970-er jierren waard der in nij skoallegebou set, dat yn 1976 yn gebrûk nommen waard. Yn 1979 lekte der lyk ûnder it gebou 114.000 liter diseloalje fuort út ûndergrûnske liedings. Dat wie de grutste oaljelekkaazje dy't noardlik Ontario ea troffen hat. Yn 2000 waard de legere skoalle op lêst fan 'e Kanadeeske oerheid sletten nei't sûnensswierrichheden ûnder de learlingen yn ferbân brocht wiene mei de âlde oaljelekkaazje. Sûnt folgen de skoalbern yn Attawapiskat ûnderwiis troch fia portofoans mei dosinten yn oare plakken te kommunisearjen oant yn septimber 2014 de nije legere skoalle iepengie. Ek is der yn it doarp in middelbere skoalle, dy't yn 1991 oprjochte is.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|