Attawapiskat Reservaat 91A

(Trochferwiisd fan Attawapiskat (Ontario))

It Attawapiskta Reservaat 91A (Ingelsk: Attawapiskat 91A Reserve) is in reservaat fan 'e Attawapiskat Earste Naasje (Attawapiskat First Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. It beslacht rûchwei de beboude kom fan it doarp Attawapiskat. It reservaat waard yn 1950 stifte ûnder de betingsten fan in formele tafoeging oan it Ferdrach Nû. 9, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten.

Attawapiskat Reservaat 91A
Attawapiskat 91A Reserve
polityk
haadplak Attawapiskat (Ontario)
stamme Attawapiskat Earste Naasje
lân Kanada
provinsje Ontario
distrikt Kenora Distrikt
sifers
ynwenners 1.549 (2011)
oerflak 1,2 km²
bef.tichth. 1.290,8 / km²
oar
stifting 1950
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
webside www.attawapiskat.org
kaart
Attawapiskat Reservaat 91A (Ontario)
Attawapiskat Reservaat 91A
De lizzing fan it reservaat yn Ontario.

It Attawapiskat Reservaat 91A is sitewearre yn it noarden fan Ontario, oan 'e igge fan 'e rivier de Attawapiskat, yn it mânske Kenora Distrikt. It leit 5 km fan it plak ôf dêr't de Attawapiskat útmûnet yn 'e Jamesbaai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Hudsonbaai. De stêd Timmins leit likernôch 500 km nei it suden ta, en de ôfstân nei it neiste doarp, Moosonee, bedraacht 160 km. It Attawapiskat Reservaat 91A beslacht in oerflak fan 1,2 km², wêrmei't it fierwei it lytste is fan 'e beide reservaten fan 'e Attawapiskat Earste Naasje (it oare is it Attawapiskat Reservaat 91).

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it Attawapiskat Reservaat 91A doe 1.549 permaninte bewenners. De befolkingstichtens bedroech sadwaande 1.290,8 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne sa goed as allegearre leden fan 'e Attawapiskat Earste Naasje, dat etnyske Kry (Cree) binne, in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep fan Kanada is. It haadkertier fan it Attawapiskat Reservaat 91A is it doarp Attawapiskat, dat frijwol synonym is mei it reservaat. Ut Attawapiskat wei wurdt ek it folle gruttere mar ûnbewenne Attawapiskat Reservaat 91 bestjoerd.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.