Nutsdepartemint De Jouwer

It Nutsdepartemint De Jouwer wie in ôfdieling fan de lanlike Maatskippij ta Nut fan 't Algemien op De Jouwer. De lanlike feriening waard yn 1784 oprjochte fanút it Ferljochtingstinken troch in menniste dûmny út Edam dy't 'Folksûntwikkeling' seach as oplossing foar in soad sosjale problemen. It barde yn in tiid dat de oerheid him dêr net mei sokke problemen bemuoide. It Nut begûn mei it jaan fan folksûnderwiis, it oplieden fan leararen, it stiftsjen fan folksbibleteken en fan sparbanken (de saneamde Nutssparbanken). [1] Dêrneist lei it Nut him ta op it bestriden fan wurkleazens en it klaaien fan earme skoalgeande bern.[2] Letter waard de doelstelling fan 'It Nut' mear jochte op aktiviteiten op it sosjaal-kulturele mêd.

It departemint De Jouwer-It Hearrenfean wie de earste Fryske ôfdieling fan it Nut. It waard yn 1792 oprjochte troch de ûnderwizer Albert Spoelstra út Aldeboarn. Op 6 febrewaris 1822 krige De Jouwer in eigen departemint dat begûn mei fjirtich leden.[3]

Yn 1927 kocht de feriening de beamkwekerij fan Taconis. Op it terrein waard troch it Nut in drafbaan oanlein dy't winterdeis as iisbaan brûkt waard. By dit sportfjild foar f 8500 in tribune boud. Dizze 'Nutsbaan' waard letter de thúshaven fan de Fryske Ballonfeesten en gersbaanracen.

Nutssparbank

bewurkje seksje
 
Nutssparbank yn filla Jamja
 
Oan de Geart Knolwei

Al yn 1839 waard op De Jouwer de lettere Nutssparbank oprjochte.

Nutsbibleteek

bewurkje seksje

Al yn 1850 hie de ôfdieling in lêsbibleteek mei 418 boeken en 52 lêzers. De herhalingsskoalle hie 42 learlingen, dy't wyks fjouwer oeren les krigen fan ien ûnderwizer. Tritich bern folgen fjouwer moanne lang de Sneinsskoalle. [4]

Yn 1922 waard dokter Driessen syn filla 'Jamja', oankocht troch it Nutsdepartemint fan De Jouwer. De filla wie neamd nei syn dochters Jacoba, Anna, Maria, Jeanne en Aurelia'. It gebou soe jierrenlang it ûnderkommen wurde fan de Nutssparbank, de Nutstekenskoalle en de Nutsbibleteek. In 1912 waard de filla eigendom fan it Nutsdepartemint De Jouwer foar f 9000,-. Yn 1919 ferhuze de Nutsbibleteek nei filla Jamja.[5] De Jouster Nutsbibleteek soe yn 1962 gearfoege wurde mei de kristlike bibleteek. It âlde 'Jamja' waard yn 1967 ôfbrutsen. Op datselde plak kaam in nije iepenbiere bibleteek en lêsseal, dy't de namme Jamja krige.

Oare aktiviteiten

bewurkje seksje
 
De liedsters fan de Jouster ôfdieling fan it Nederlânsk Bernebûn

Yn 1864 waard in bewarskoalle en in wenkeamer yn gebrûk nomd.

Yn 1926 waard in Jouster ôfdieling fan de ‘Nederlandsche Kinderbond’ oprjochte. De earste gearkomst fan it bûn wie op woansdei 24 febrewaris yn de bibleteekseal fan it Nutsdepartemint. Der waarden twa groepkes mei elk tsien famkes en twa klupkes fan tsien jonges foarme dy’t dwaande hâlden waarden mei fertellen en kleur- en plakwurk. De ôfdieling stoppe nei de oarloch troch gebrek oan materialen. Foar de foto dy’t yn 1931 efter hotel Van Terwisga makke waard hiene de liedsters har yn Fryske dracht stutsen.[6] Yn 1973 wie it Nut belutsen by it opsetten fan de stifting 'Skûtsje Haskerlân'.[7]

Yn 1974 waarden trije Nutsbeukerskoallen oan de gemeente oerdroegen. De klok op de bakstiennen Vegelinsbank oan De Merk is in geskink fan de Jouster Nutsôfdieling.

Yn de tweintichste iuw waard elk winterseizoen in programma fan profesjonele en semiprofesjonele artysten gearstald. Op 1 jannewaris 2014 sei de ôfdieling De Jouwer it lidmaatskip op fan de lanlike Maatskippij ta Nut fan 't Algemien. De ferantwurdlikheid foar maatskiplike basisfoarsjennings as skoallen, banken, bibleteken wiene foar it meastepart oernomd troch de oerheid en/of partikulier inisjatyf. It lidmaatskip hie geandewei allinnich noch mar in symboalyske funksje. It lidmaatskip bestie eins allinnich út de jierlikse finansjele ôfdracht.

It departemint De Jouwer gie nei 2014 as selsstannige ôfdieling troch.

  • P.R. van der Zee - Het nut en de vlecke nutsdepartement Joure 1822-1997 útjefte by gelegenheid fan it 175-jierrich bestean.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Marta Krist: De geschiedenis van het Douma-leen
  2. Earmesoarch
  3. Van der Aa - Tresoar
  4. Bijdragen tot bevordering van de kennis en den bloei der Maatschappij tot Nut van 't Algemeen - Berigten omtrent den toestand en de werkzaamheden der departementen. (1842-1843)
  5. Skiednis fan de Jouster bibleteek
  6. * Marten Buis - Binnenpaden en Buitenbeentjes in de Oude Vlecke Joure, Verenigde Jouster Drukkerijen BV ISBN 90 9004624-0
  7. Skûtsje Haskerlân