Obermarsberg
Obermarsberg is ien fan de 17 wenkearnen fan de gemeente Marsberg yn de Hochsauerlandkreis yn Noardryn-Westfalen, Dútslân. It wie oant 1975 in selsstannige gemeente. It leit op in tafelberch, dy't 130 meter boppe de rivier de Diemel dat in sydrivier fan de rivier de Weser is. Eartiids wie op it plak fan it doarp in âlde Saksyske flechtboarch, de Earesburch.
Obermarsberg | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Kreis | Hochsauerlandkreis |
Sifers | |
Ynwennertal | 1976 (31-12-2011) |
Oerflak | 21,46 km² |
Befolkingstichtens | 92 /km² |
Hichte | 390 m. boppe seenivo |
Oar | |
Stifting | 1222 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 51°27′1″N 8°51′10″E |
Skiednis
bewurkje seksjeIt plak wie oarspronklik in hichteboarch út de Izertiid, dat stifte wie foar of yn it tiidrek fan de oarloggen tusken Germanen en Romeinen, lykas de Slach yn de Teutoburgerwâld fan 9 nei Kr. en de Slach oan de Weser fan 16 nei Kr. It is net alhiel wis oft it gebiet ûnder de Sjerusken, Sjatten of Marsi (sa't it troch Tasitus beskreaun wie) wie. Der binne fierders gjin tawizings ta Eresburch foar de Saksekriich (770-785).
Yn de tiid fan de Saksekriich, wie de Eresburch gauris beset troch Widukind, de lieder fan de Saksen, dy't wegeren it kristendom en de hearskippij fan de Franken oan te nimmen.
Om 800 liet Karel de Grutte in tsjerke bouwe yn Earesburch en waard it Kleaster Obermarsberg stifte. De hjoeddeiske tsjerke fan Obermarsberg stammet lykwols út de trettjinde iuw. Yn 822 skonk keizer Loadewyk de Fromme Eresburch oan de Abdij fan Corvey. Yn 900 ferliende kening Loadewyk it Bern de ûnderste helte fan Earesburch, yn it deltme lizzende Villa Horhusen (it lettere Niedermarsberg), inkele stedsrjochten lykas in iepen merke, en munt- en tolrjochten. Yn 1115 waard de boarch troch Freark fan Arnsberg en yn 1145 troch Volkwin von Schwalenberg skansearre. Tusken 1205 en 1208 waard de boarch weropboud troch de Abdij fan Corvey.
Tusken 1200 en 1220 bouden de ynwenners fan Horhusen by de berch op ûnder de boarch in stêd en neamden it Mons Martis of ek wol Heresberg. Yn dy tiid waard ek de iergoatyske Nikolaitsjerke boud. Yn 1222 krige it stedsrjochten. De stêd waard in wichtich hannelsplak en yn de Lette Midsiuwen waard it lid fan it Hânzeferbûn.
Op 1 jannewaris 1975 waard de gemeente Obermarsberg opheft en waard it yn de gemeente Marsberg yndield.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De Stifttsjerke St.Petrus und Paulus.
- De Nikolaitsjerke, in iergoatysk bouwurk út de trettjinde iuw
- Skandepeal foar it eardere stedshûs
- Joadske tsjerkhôf, krekt bûten de stedsmourre by de súdpoarte.
- Alde stedshûs
- Aldste hûs fan de gemeente Marsberg, stiet oan de Eresburgstraße 23.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Stifttsjerke St Petrus und Paulus
-
Nikolaitsjerke
-
Alde stedshûs mei skandepeal
-
Skandepeal
-
Aldste hûs yn Obermarsberg
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Historisches Obermarsberg, Förderverein Historisches Obermarsberg e. V.
- Obermarsberg yn de kultueratlas fan Westfalen
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Obermarsberg fan Wikimedia Commons. |