Oerlis:De Tynje (doarp)
Fyntyn 0
bewurkje seksjeIk haw sa eigenwiis west en skriuw mei oan de skiednis fan De Tynje, it doarp dêr't ik hikke en tein bin. Dat is al wer sa'n 55 jier lyn, mar myn broers en susters en ik neame ús noch altyd It Tynjester Jongfolk. Dat ik ha wol in bytsje rjocht fan praten, skriuwen yn dit gefal.
It steurde my dat der hieltyd Tynje stie yn sté fan De Tynje. Dat wie maklik te feroarjen.
Boppedat haw ik hjir en dêr teksten tusken skood dy't ik sels as in oanwinst beskôgje (ik sei it al: eigenwiis - mar ja, skoalmaster west, wat wolle jo dan?) Dy teksten geane oer de ynfloed fan Domela (de reade dûmny dy't mei stipe fan de AR!!!-lju fan Skoatterlân yn de Twadde Keamer belâne), oer dy grifformearden, oer de oarlochstiid ensfh.
Moat ik no ek noch war dwaan om de Hollanske tekst oan te passen? it sil fansels wol bliken dwaan.
Hindrik Gosses de Jong (eartiids: Rôlbrêgedyk, pal foar it skoalpaad oer, no nûmer 23?)
Soest, 11 april 2009
Re Wutsje 0
bewurkje seksje- Achte De Jong, tige tank foar jo bydragen. Jo hawwe fansels gelyk: it moast De Tynje wêze, it plaatsje op de side is dúdlik, dat ik haw de titel fan it lemma feroare. De titel op de Nederlânske Wikipedy oanpasse soe fansels kinne, mar dêr wolle se de plaknammen yn Fryslân perfoarst yn it Nederlânsk hawwe, hoe't se offisjeel ek hjitte meie. Se binne dêr o sa fûl op, dat it sil him net wurde. Wat jo "eigenwize" bydragen oanbelanget: jo kinne it dêr besykje, mar it kin wêze dat jo dan om boarnen frege wurde. At jo dy hawwe is der gjin probleem, mar oars kin it wêze dat jo bydrage dêr om dy reden wegere wurdt. Boarnen wurde oars op de Fryske Wikipedy ek tige op priis steld.
- Ik haw jo netpostadres hjirboppe mar fuorthelle, want jo rinne oars de kâns dat jo in soad ûnwinkse reklametroep (spam) tastjoerd krije: der wurdt op it ynternet altyd socht nei besteande adressen wêr't se dy brot hinne stjoere kinne.
- Groetenis, Wutsje 12 apr 2009, 15.22 (CEST)
Re Aliter 0
bewurkje seksje- De Jong, dizze Wikipedy wurdt folskreaun troch minsken dy't sa eigenwiis binne en skriuw oan in Fryske ferzje wylst der in gruttere Nederlânske ferzje is, dat eigenwizens is de noarm hjir; dat hoecht gjin ûntskuldigjen. Dat wy Tynje hienen komt grif trochdat it Frysk Wurdboek oer de de-nammen net sa dúdlik wie; tank foar jo help.
- Dan oer krekt it stikje oer de Polityk; dêr moat ien ding noch oanpast wurde: Wy hawwe no dat it doarp altiten read west hat en dat der nea in kleur oan ta te skriuwen west hat. Der sit noch wat wurk yn. Witte jo genôch oer it ferline fan it doarp om sizze te kinnen at it faaks mar foar in part rea wie?
- En fiel jo fierders fansels frij en skriuw der mear by. Der stiet bygelyks noch net folle oer jo Rôlbrêgedyk; wy hawwe grif noch hielendat net in side Rôlbrêge(dyk), dat dat soe in tafoeging wêze. En fansels, jo kinne ek in meidochnamme oanmeitsje at jo dat wolle; dan stiet net oeral jo netadres by, dan kinne jo ûndertekenings brûke, en dan wit dejinge dy't de anonime feroarings neisjocht dat jo oanpassings yn oarder binne. Aliter 12 apr 2009, 19.07 (CEST)
Rakken
bewurkje seksjeDe Jong, kinne jo der ris nei sjen hoe't dat krekt siet mei dy rakken, dêr't De Rakken nei neamd is: It Skitersrak en it Tynjerak. Der is wat betizing at dit de Tynjes wienen, as dat de Tynjes de setten wienen, oer elts fan de rakken ien, as noch wer oare wetters. En jo witte grif at dy beide no ticht binne. Aliter 29 apr 2009, 23.57 (CEST) ke
Nei't ik in skoftsje omsneupt hie op Wikipedy, wie it klontsjeklear dat jo en in stikmannich oare (man)lju tige warber west hawwe by it op 'e priemmen setten en hâlden fan in (Westlauwersk) Fryske Wikipedy. Dat jo lykwols tiid fûn hawwe en reagearje al sa gau op myn earste nifelwurkje oer De Tynje, docht my deugd. Juster haw ik Wutsje op syn eigen side andere op syn reaksje. Is it mooglik dat jo dêr ek jo each oer gean litte? Dan hoech ik it net te wjerheljen.
- Ja, dat hie ik sjoen. Ik haw net it idee dat Wutsje no sa persys jo boarnen hawwe woe; at wy mar it idee hawwe dat jo witte wêr't jo oer skriuwe is dat genôch. It liket ear in warskôging dat de Nederlânske, en fral de Ingelske wikipedy al persize boarnen foar de tekst hawwe wol, dat at jo dêr ek skriuwe wolle sil gauris om boarnen frege wurde. Aliter 3 maaie 2009, 05.02 (CEST)
It fine part fan De Tynje
bewurkje seksjeYn 1996 bestie Pleatslik Belang fan De Tynje 100 jier. Doe sei Kerst Húsman tsjin my: no't ik de 'reade' kant fan it doarp (SDB/SDAP en CPN/PSP) beskreaun ha, soe de skiednis fan de Tynster grifformearden (ARP) en it hantsjefol CHU-herfoarmden ek mear oan it ljocht brocht wurde moatten. Ik -ien fan dy 'finen'- wie dat slim my him iens, mar ik bin der (om en om wenjend yn 'Hollân'en Spanje) net oan takommen en fyn dêr wat op út. Ik haw Kerst wol wiisd op de skiedkundige notysjes fan Sjoerd Rúter en dy hat er ek brûkt op de websté fan De Tynje. De ûnderside dêre oer de hjoeddeiske PKN-tsjerke -it rejale gebou en de mienskip fan mear as 300 'sielen' yn 1950- seit foar himsels. Dan is der noch neat sein oer harren oandiel yn de oarlochstiid, oer de 'School met den Bijbel' yn de tiid dat der noch gjin subsidzje wie, oer it kristlike harmonykorps (mei klarinetten deryn) út 1905! Ik moat oppasse, oars reitsje ik wier op dree. Us famylje hat der hûndert jier lang aktyf oan meidien, mar dêr hoege jo jo net op foarstean te litten. Ik bin al aardich op 'e hichte., ek út eigen ûnderfining. De oare kear mear oer de skiednis fan grûn en wetter, fan droech en wiet en dochs wer droech, droeger, droechst. Fyntyn (HG de Jong)
Weagen en wegen
bewurkje seksjeIk miende al murkbiten te hawwen dat der wolris betizing is oer al dy wetters, dy't sûnt 1600 komme en ferdwine as wie it neat. En oars feroaren de nammen wol. Mei de rin- en rydwegen wie it net folle oars. Dat makket it beskriuwen fan de ûntjouwing yn de Tynster kontreien der net makliker op. Mar foar in helder ynsjoch yn it ûntstien fan sa'n doarp moatte jo wat oerhawwe, net? Myn útstel is: ik folje de skiednis oan mei in stikmannich alinéas, dêr't jo/jimme, oer gear kinne. It kin wêze dat de tekst dy't der no leit, oanpast wurde moat. Fyntyn
PS (It) Frysk is yn it Spaansk, lykas yn it Frânsk: (el) frison
- Dit is in wiki, dat eltsenien kin der yn skriuwe. Sa sjogge wy it ek wat it tafoegjen fan ynformaasje oanbelanget. At jo wat skriuwe, dan bliuwt dat yn it artikel. Wat de oare meidoggers dwaan sille is it ferbetterjen fan tikflaters, en at hja kinne it tafoegjen fan noch wer mear ynformaasje. Aliter 3 maaie 2009, 05.02 (CEST)
No is it my wer oerkommen dat ik in lape tekst ree ha, dy't ik fêstlizze wol. Dan krij ik de melding dat it mislearre is (Wêrom en wêrtroch?? Dat bliuwt in riedsel). En dan is myn tekst dêr't net te min tiid yn sit, nei de barrebysjes. Dat is my slim min nei it sin. Hoe kin jo soks foar wêze?
Noch eat dat ik net begryp. Kear op kear moat ik my as registrearre meidogger op 'e nij oanmelde mei brûkersnamme en wachtwurd. Wylst ik fansels eltse kear oankrúskje dat dy ûntholden wurde moatte.
Ik doch mei nocht mei oan Wikipedy, mar dit technyske dwersbongeljen haw ik myn bekomst al fan. fytynFyntyn 23 maaie 2009, 23.08 (CEST)
Yn 'e oarder
bewurkje seksjeEigen skuld: ik hie 'cookies' útstean. No haw ik de slach te pakken (soene jo hoopje, net?)Fyntyn 23 jun 2009, 01.23 (CEST)
Neat yn 'e oarder!
bewurkje seksjeHie ik der op tasjoen dat ik oanmeld wie, makke ik in tekst oer de Gitersken, ferstjoer ik dy en krij ik it boadskip dat (spitich, spitich) de sessygegevens ferlern gien binne. Wat is dit foar kreupele technyk. Moai dat ik op 'en nij begjinne kin. Dizze grap hie ik alris earder meimakke. Wa ferhelpt soks noris in kear?Fyntyn 25 jun 2009, 23.46 (CEST)
- Ja, der wurkje tûzenen, soms miljoenen minsken tagelyk oan de wikipedyen, dat at it al te lang duorret, dan wurde de sesjefeiten fuortsmiten. Nuvernôch set it programma fan de wiki jo oanbeane side dan net yn in nije sesje en skriuwt dy fuort. Mar der wurdt al in nije sesje oanmakke, dat ik berjocht moat wêze: "Spitigernôch binne de sesjefeiten ferlern; klik nochris op Fêstlizzen om de side yn 'e nije sesje fêst te lizzen.", of soks. Is dat net it berjocht dat jo weromkrije? (En op dat stuit moatte jo wizigings noch net fuort wêze; dy moatte hieltyd noch op dy side stean.) Aliter 1 jul 2009, 22.05 (CEST)
- Ik haw it noch net besykje kind. Mar ik sil it boadskip goed ûnthâlde. Tige tank.85.147.156.111 14 jul 2009, 22.03 (CEST)
Moai wurk, Drewes
bewurkje seksjeDe boarnen en referinsjes by de Skiednis fan De Tynje steane no moai teplak. Tige tank. Is dit sawat sa't jo koartlyn bedoelden? Der sil gauris wat oan de list feroare of tefoege wurde. As my dat net goed ôfgiet, rekkenje ik wer op jo.
Wat oars en dat giet oer nammen fan buorskippen. Warren (meartal fan war) binne mieddens of mersken. Mar De Warren is in buorskip ûnder De Tynje. Dan kin it lidwurd net weilitten wurde. Neffens my komt sa'n flater faak foar. Ik kaam derop by it artikel Ulesprong dat eins De Ulesprong wêze moat. Op Ulesprong wennet gjin minske, wol op De Ulesprong (ûnder De Tynje, ek mei De). Sa binne der mear koppen dy't eins net kinne.
Goed wykein, Fyntyn 23 jul 2010, 20.43 (CEST)
- Jûn, Fyntyn. Wy sizze ek altiten op De Ulesprong, krektas Op It Hearrenfean en Op De Jouwer. Ulesprong heart net ta de offisjeel fêstleine plaknammen, dus dan moatte wy it skriuwe sa't minsken it brûke/sizze. Hokker plakken en buorskippen witte jo noch mear oan te jaan? --Swarte Kees 23 jul 2010, 20.59 (CEST)
- Goeie Fyntyn. Boarnefernijing is sa dik ynoarder.Drewes 23 jul 2010, 21.51 (CEST)
Hegedyk oerlis
bewurkje seksjeNeffens in stik, neamd bij Van der molen "Turf uit de Wouden" mar net krekt uitlein, om hij gjin âls skrift lêze koe, Id de Hegedyk yn 1552 oanlein. En wie it it doel om it wetter út de feanen to kearen. derta waerden der twa kistwurken yn set om it wetter to keren. Eaen nimt wetter op mar de ondergroun net. Dat Reinold fan Burmania, dy der ûnder Koartsweagen grave woe moast der foar soargje. Der is ek in útspraek fan it Hof fan Fryslân oer. Syn Tsjinstanders binne dan sawn grietenijen en de stêd Snits. Mar de anliz hat oant de Dekemaś wierskynlik troch ruzje mei Burmania net far de tynje fan bilang west, ik soe sizze skras it mar. Hans de jong hat der yn de Woudklank ek oer skreaun neidat ik him de gegevens jown haw. Jan post
De Klidse
bewurkje seksjeHeart de Klidse ek by De Tynje? ?Streuper 21 okt 2010, 17.24 (CEST)
Mear De Tynjes
bewurkje seksjeDer binne fansels ek wetters De Tynje. It leafst soe ik it doarp nei De Tynje (Opsterlân) ferplakke of soks, dat der romte komt foar in betsjuttingsside. Is dat yn oarder? Mysha (oerlis)
@Mysha: Fiel jo frij. Drewes (oerlis) 16 feb 2018, 17.01 (CET)
- @Mysha: Ik soe leaver sjen "De Tynje (doarp)" of "De Tynje (plak)", oars moatte je hieltyd betinke dat De Tynje yn Opsterlân leit, en as je oan 'e oare kant fan Fryslân wenje (lykas ik), hawwe je dy kennis yn 'e regel net paraat. As jo sein hiene dat it yn Smellingerlân of yn 'e eastpunt fan It Hearrenfean lei, dan hie ik dat sa út 'e holle net tsjinsprekke kinnen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 feb 2018, 21.03 (CET)
Skiednis / Bekende ynwenners en skriuwende
bewurkje seksjeWat de skiednis oanbelanget: dat is in alderheislikst lang stik. Dêrboppe komme der ek noch trochferwizings nei in lemma oer de Gearfetting fan de Tynjester skiednis en oer de Skiednis fan De Tynje. De Skiednis fan De Tynje is beheinder as dat hiele lange stik yn it doarpslemma, dus eins oerstallich. Ik soe der foar wêze om de gearfetting fan de skiednis hjirhinne te heljen. Dat is ek al in lang stik, mar bringt it haadstik skiednis wol better yn ferhâlding mei de rest fan it lemma. Dan soe dat hiele lange ferhaal mei in trochferwizing foar minsken dy't noch mear witte wolle ferhûzje kinne nei in lemma oer de wiidweidige skiednis fan 'e Tynje. Dus krekt oarsom as no it gefal is. Wat my oanbelanget soe de tuskenfoarm dan fuort kinne.
Dêrnjonken bin ik fan betinken dat wy yn in lemma oer in doarp allinne minsken neame moatte dy't dêr berne binne. It is net te dwaan om ek minsken te neamen dy't dêr foar in skoft wenne ha: hjoed-de-dei ferhûzje minsken withoefaak en as jo it dan goed dogge dan moatte dy nammen by al dy oare plakken set wurde. Somtiden binne der útsûnderingen, bygelyks as immen in hiele grutte rol yn it doarp spile hat, mar it liket my yn 'e measte gefallen better dat it bliuwe moat by minsken dy't yn it doarp berne binne. De yn dit lemma neamde skriuwer Andrys Idzerda foar pleatslik belang en oare lokale gelegenheden hoecht om my ek net neamd te wurden. Hy hat gjin eigen lemma, oer him is fierder neat bekend en hy soe samar mei in oarenien mei deselde namme betiizge wurde kinne.
Graach jimme miening.--RomkeHoekstra (oerlis) 13 jun 2023, 08.24 (CEST)
- Fiel jo frij om it oan te passen. FreyaSport (oerlis) 13 jun 2023, 13.02 (CEST)
- Ja, fiel frij om it oan te passen. Kneppelfreed (oerlis) 13 jun 2023, 19.02 (CEST), Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 jun 2023, 02.54 (CEST)