Oerlis:Formule 1

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch FreyaSport by it ûnderwerp Artikel oereide

Der hawwe ferskillende Nederlanners riden yn de Formule 1. Ik fyn se it neamen net wurdich op dizze side omdat it artikel nei myn miening haadsaken omfiemje moat. Miskien kinne de ûnbekende Nederlanners yn de Formule 1 op in aparte list (byneed in aparte kategory meitsje lykas de NL Wiky). Earst ha ik Jos Verstappen ûnder it oersjoch mei 'ferneamde kûreurs' set. Foar de measte Friezen en Nederlanners is hy wol 'bekend/ferneamd'... Groetnis --Blautosk 9 maaie 2010, 15.03 (CEST)

Formule 1 Wrâldkampioenen

bewurkje seksje

Ha de kampioenen yn in tabel setten. tabel is technysk net alhiel frij fan flaters mar no wol goed lêsber. --FreyaSport (oerlis) 30 aug 2021, 10.43 (CEST)Beäntwurdzje

Twifel: Ferneamde koereurs en ferneamde teams

bewurkje seksje

Twifelje oer de ynhâld fan dizze twa kopkes, wêrom binne krekt dizze teams en koereurs ferneamd. wat is de boarne fan dizze twa kopkes. --FreyaSport (oerlis) 30 aug 2021, 13.29 (CEST)Beäntwurdzje

@FreyaSport: Om my meie jo dy beide stikjes wiskje. Neffens my foeget it neat ta, want dy teams en koereurs wurde allegear of hast allegear al neamd ûnder it kopke wrâldkampioenen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 aug 2021, 14.14 (CEST)Beäntwurdzje
Dan wiskje ik dy twa stikjes --FreyaSport (oerlis) 30 aug 2021, 14.28 (CEST)Beäntwurdzje

Artikel oereide

bewurkje seksje

Ik haw it hiele artikel oereide. Sa stadichoan wurdt it bêst in aardich ding. It 107% reglemint wurdt hjirûnder mei in protte wurden beskreaun. Neffens my kin it simpeler. Ik lês by de oare Wikipedia's ek net safolle oer it ferskynsel. Ik haw de tekst earst mar fuorthelle. Mocht it sa belangryk wêze dat it yn it artikel moat, dan stiet de tekst hjirûnder om te bewurkjen. Wa't fan dit meunster in begryplik stik tekst meitsje kin...? Groentis --Kening Aldgilles (oerlis) 9 des 2021, 10.11 (CET)Beäntwurdzje

107% regelemint
De 107% regel is in sportive regeljouwing dy 't fan ynfloed is op de kwalifikaasjerûnden fan de Formule 1. De 107% regel waard ynfierd foar it seizoen 1996 en bleau oant 2002 fan krêft. It waard op 'e nij ynfierd foar it seizoen 2011 mei lytse wizigingen as gefolch fan de knock-out kwalifikaasje-yndieling.

De hjoeddeiske 107% regel is dat yn de earste fase fan de kwalifikaasje, as it sirkwy drûch is, mei in kûreur dy 't yn de earste kwalifikaasjesesje útskeakele wurdt en der net yn slagget om in omgong del te setten binnen 107 persint fan de fluchste tiid yn dy sesje, de wedstriid net starte mei sûnder tastimming fan de wedstriidlieders. As de fluchste Q1 - omgong bygelyks 60 sekonden wie, moat elke koereur dy 't yn de sesje útskeakele wurdt, binnen 64,2 sekonden op syn minst ien omgong ôfmeitsje om in start te garandearjen.

@Kening Aldgilles It stikje oer de 107% regel stiet op oare Wikipedy's lyk as de Ingelske yn in eigen artikel. Ik hie der foar keazen om in gearfetting dêrfan yn it haadartikel op te nimmen om't ik fûn dat it koarter koe en de 107% in oantal seizoenen best wol fan ynfloed west hat. FreyaSport (oerlis) 9 des 2021, 10.25 (CET)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Formule 1".