Oerlis:Saakstra's Brêge

Lêste reäksje: 3 moannen lyn troch Ieneach fan 'e Esk by it ûnderwerp De namme fan de brêge

De namme fan de brêge

bewurkje seksje

Ik mis in útlis oer de namme fan de brêge?

Ik tink daliks oan Saake Saakstra? 2A02:A459:F3DF:1:544F:5138:D6F5:6E3E 31 jul 2024, 16.15 (CEST)Beäntwurdzje

De keatser? Liket my sterk, want dy is berne yn 1954. Neffens it boek fan Stelwagen (sjoch de diskusje hjirûnder) hiet de brêge al yn 'e Twadde Wrâldoarloch sa. Of alteast, dat is myn ynterpretaasje fan 'e titel fan it boek. Ik wit net nei wa't de brêge ferneamd is, oars hie ik (as skriuwer fan it artikel) it wol fermelden. Ik haw der wol nei socht, mar ik haw it net fine kinnen. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 jul 2024, 23.19 (CEST)Beäntwurdzje
Foar safier ik neigean kin, is de brêge neamt nei de doetiidske brêgewachter fan de brêge. FreyaSport (oerlis) 1 aug 2024, 09.55 (CEST)Beäntwurdzje
Dat liket my yn elts gefal in stik logysker as dat it nei de keatser ferneamd wêze soe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 aug 2024, 19.15 (CEST)Beäntwurdzje

Boujier

bewurkje seksje

@Ieneach fan 'e Esk: Goeie. Jo sizze: De âlde Saakstra's Brêge wie in ophelbrêge dy't mids tweintichste iuw oanlein waard. No hat in Jacob Stelwagen it boek Bommen op Saakstra's brug skreaun oer de befrijing fan it noardwesten fan Fryslân. Sjoch dy foto op it omslach. Je soene tinke dat de brêge al langer bestie. Drewes (oerlis) 31 jul 2024, 17.23 (CEST)Beäntwurdzje

@Drewes: Ek goeie. Ja, wat ik bedoelde, en dat komt yndie net sa dúdlik út 'e tekst nei foarren no't jo it ûnder myn oandacht bringe, is dat de ferzje fan 'e brêge dy't yn 2017 ferfongen waard, mids 20e ieu boud wie. Dat lit ûnferlet dat der foar dy tiid ek al brêgen op itselde plak west hawwe. De Saakstra's Brêge makket diel út fan 'e rûte fan 'e âlde strjitwei tusken Frjentsjer en Ljouwert, dus ik nim oan dat der al iuwen in brêge op dat plak leit, dy't om 'e safolle jier ferfongen wurdt troch nijbou. De tekst moat dus even wat oars. Ik sil ris even yn my omgean litte hoe't ik dat it bêste ûnder wurden bringe kin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 jul 2024, 19.54 (CEST)Beäntwurdzje
P.S.: Ik haw dy foto even besjoen, en dat is yndie it plak fan Saakstra's Brêge mei wat der útsjocht as in needbrêge. As er yn 'e WO2 fernield is, soe 1945 of 1946 wierskynlik wêze wannear't de brêge boud is dy't yn 2017 sloopt waard. "Mids 20e iuw" sei ik, dus dat liket net sa gek, dan. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 jul 2024, 19.57 (CEST)Beäntwurdzje
@Drewes: Ik haw de tekst oanpast. Hoe liket it jo sa ta? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 jul 2024, 20.43 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Saakstra's Brêge".