Oerlis:Stiens

Lêste reäksje: 2 jier lyn troch RomkeHoekstra by it ûnderwerp Twadde Wrâldkriich

Wy seine: Stienhúster mûne fan: Stienhúster Polder neamd nei: it Stienhús, de lêste pleats oan'e Wurgedyk by de Ie.

Fiel jo frij.Drewes (oerlis) 13 jan 2017, 16.36 (CET)Beäntwurdzje

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

@Ieneach fan 'e Esk, Kneppelfreed, Drewes, FreyaSport, Frou Watzema, Wutsje, en Anoniem-NOF: It diel yn it lemma Stiens oer de Twadde Wrâldkriich is in hiele lape tekst en eins soe dat in apart lemma wêze kinne. Mar om't in sin net sa goed rûn, besocht ik dêroer ynformaasje op te sykjen yn it boek Ljouwerteradiel fan G. Abma. Ik kaam der doe efter dat de siden fan 240, 241 en 242 út dat boek fan it begjin oant it ein oerskreaun binne. Dit kin sa tink net. Wat fine jimme? RomkeHoekstra (oerlis) 28 okt 2022, 18.35 (CEST)Beäntwurdzje

Dat kin yndied net, myn idee soe wêze, om oan de hân fan de safolle w-fragen it artikel op 'en nij te skriuwen. En dêr wêr it kin yn te koartsjen. FreyaSport (oerlis) 28 okt 2022, 18.44 (CEST)Beäntwurdzje
Nee dat kin echt net. Dt stikje oer de Twadde Wrâldkriich moat, kreksa as FreyaSport seit, oerdien wurde en mooglik ynkoarte wurde. Kneppelfreed (oerlis) 28 okt 2022, 19.16 (CEST)Beäntwurdzje
Yn alle gefallen moat de tekst bewurke wurde as der copyright op sit en fansels moat de boarne fernijd wurde. Drewes (oerlis) 28 okt 2022, 19.43 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra: Ik bin it mei boppesteande reäksjes iens. Fansels hoecht dat net te betsjutten dat jo, Romke, dy tekst beslist oanpasse moatte. As jo dat dwaan wolle, soe dat hiel moai wêze, mar as jo der gjin sin oan hawwe, kinne jo ek it oanbelangjende stik gewoan skrasse. Dat der dan ynformaasje ferlern giet, is net jo skuld mar de skuld fan dejinge dy't de tekst letterlik oertypt hat. Ik fyn dat der yn sokke gefallen net fan meidoggers ferwachte wurde kin dat se de rommel fan in oar opromje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 28 okt 2022, 22.01 (CEST)Beäntwurdzje
It is tige detaillearre en dat kin hiel goed foar in boek fan hast 500 siden, mar op wikipedy moat it wol wat yn ferhâlding bliuwe ta de rest fan de ynformaasje oer it ûnderwerp. Ik bring dêrom de tekst in hiel ein hinne werom nei in lingte dat better past by in lemma dat giet oer 'Stiens' en net oer 'De Twadde Wrâldkriich yn it Noardertrimdiel' en set dat dan ûnder skiednis. Fierder foegje ik lykas Drewes sei de boarne ta.--RomkeHoekstra (oerlis) 29 okt 2022, 07.54 (CEST)Beäntwurdzje
Werom nei de side "Stiens".