It Olympysk fjoer is it fjoer wat ûnder de Olympyske Spullen ûntstutsen wurdt.

Reek en fjoer

bewurkje seksje

By de klassyke Spullen waard foar de tempel fan Seus yn Olympia in de reek fan offers baarne holden troch gâns de spullen.

By de Spullen fan Amsterdam yn 1928 waard in toer fan 42,195 meter boud, de hichte yn meters fan de langte yn kilometers fan Maraton. Op dizze Maratontoer kaam in sokkel. Oan de ein fan de Iepenings-searemoanje waard dêr't de reek yn ûntstutsen. Dat reek, as de offers fan âld, waard brânend holden troch gâns de Spullen. Oerdeis koe Amsterdam de reek baarne sjen, en nachts seach men in olympysk fjoer.

Dat fjoer wie sa'n sukses dat soks ek dien waard by de Olympyske Spullen fan Los Angeles yn 1932.

By de Olympyske Spullen fan Berlyn yn 1936, waard de earste kear it fjoer ûntstutsen yn Grikelân, en dan yn in stêf-rin nei Berlyn brocht. Dy searemoanje waard dêrnei alle fjouwer jierren dien. Mar mei de Twadde Wrâldkriich wie de earste kear dernei de Spullen fan London 1948.

Ornaris wurdt foar de lêste drager fan de flam, dy't dêrmei it fjoer ûnstekt, in ferneamde atleet útsocht. In de rin fan de tiid hawwe de neikommende minsken it fjoer oanstutsen:

Lokaasje Evenemint Oanstekkers
Amsterdam 1928 nei sizzen troch in immen fan GEB Amsterdam
Los Angeles 1932 bûten it sicht.
Berlyn 1936 Fritz Schilgen
Net hâlden 1940
Net hâlden 1944
Londen 1948 John Marc
Helsinki 1952 Hannes Kolehmainen & Paavo Nurmi
Melbourne 1956 Ron Clarke
Rome 1960 Giancarlo Peris
Tokio 1964 Yoshinori Sakaï
Meksiko-Stêd 1968 Norma Enriqueta Basilio de Sotelo
München 1972 Günter Zahn
Montreal 1976 Sandra Henderson & Stéphane Préfontaine
Moskou 1980 Sergej Belov
Los Angeles 1984 Rafer Johnson
Seoel 1988 Chung Sun-Man, Kim Won-Tak, Sohn Mi-Chung
Barcelona 1992 Antonio Rebello (troch der in baarnende pylk hinne te stjoeren)
Atlanta 1996 Muhammad Ali
Sydney 2000 Cathy Freeman
Atene 2004 Nikolaos Kaklamanakis
Peking 2008 Li Ning
Londen 2012 7 jonge sporters (Callum Airlie, Jordan Duckitt, Desiree Henry, Katie Kirk, Cameron MacRitchie, Aidan Reynolds, Adelle Tracey)
Rio de Janeiro 2016 Vanderlei de Lima
Tokio 2021* Naomi Osaka

* Dizze Spullen hienen yn 2020 wêze sillen, mar mei kroana, waard it in jier letter.