Oskysk-Umbryske talen

De Oskysk-Umbryske talen of Sabellyske talen foarmje in kloft talen fan 'e Italyske talen dy't yn 'e Klassike Aldheid sprutsen waarden yn 'e sintrale en súdwestlike parten fan it Italjaansk Skiereilân. Se foelen útinoar yn trije subgroepen: de Oskyske talen, de Piseenske talen en de Umbryske talen, en binne skriftlik oerlevere fan likernôch 700 f.Kr. ôf yn 'e ûnderskate Alditalyske skriften. De Oskysk-Umbryske talen strûpten der úteinlik ûnder troch de groeiende taalmacht fan it Latyn, de offisjele taal yn 'e Romeinske Republyk, dy't harren yn 'e earste iuw f.Kr. ta útstjerren ferkrong.

Oskysk-Umbryske talen
algemien
oare namme(n) Sabellyske talen
lokaasje sintraal en súdwestlik Itaalje
tal talen ±4
tal sprekkers 0 ( 1e iuw f.Kr.)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
   ● Italysk
      ● Oskysk-Umbrysk
subgroepen Oskyske talen
Piseenske talen
Umbryske talen

Taalbesibskip

bewurkje seksje

Neffens de oarspronklike teory fan Antoine Meillet (1866-1936), dy't noch altyd de measte oanhing hat, binne de Oskysk-Umbryske talen ien fan 'e twa of trije haadgroepen fan 'e Italyske talen, yn 'e mande mei de Latynsk-Faliskyske talen en mooglik de Fenetyske talen, hoewol't de tafoeging fan dy lêste groep kontroversjeel is. De Italyske talen soene dan ien fan 'e subgroepen fan 'e grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje wêze. De oertaal dêr't alle Oskysk-Umbryske talen út fuortkomme, it Proto-Oskysk-Umbrysk of Proto-Sabellysk, soe yn dy optyk ûntstien wêze út it Proto-Italysk.

Dizze unitaryske opbou is yn 'e tweintichste iuw oanfochten troch ferskate taalkundigen, ûnder wa Alois Walde (1869-1924), Vittore Pisani (1899-1990) en Giacomo Devoto (1897-1974), dy't hawwe woene dat de Italyske taalgroep in keunstmjittich konstrukt wie, foarme troch it op ien bulte te smiten fan alle Yndo-Jeropeeske talen op it Italjaanske Skiereilân dy't net dúdlik ta in oare Yndo-Jeropeeske taalgroep hearden. Sy stelden ynstee foar dat de Oskyske-Umbryske talen, de Latynsk-Faliskyske talen en ek de Fenetyske talen selsstannige subgroepen fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje wiene, dy't op ien hichte stiene mei û.m. de Keltyske talen, de Germaanske talen en de Slavyske talen. Geandewei de tweintichste iuw krige dy teory mear oanhing, mar de unitaryske teory is noch altyd it meast akseptearre.

 
De fersprieding fan 'e ûnderskate talen yn 'e Lears fan Itaalje yn 'e 6e iuw f.Kr.

Fersprieding

bewurkje seksje

Talen fan 'e Umbryske en Piseenske groepen fan 'e Oskysk-Umbryske talen waarden sprutsen yn it sintrale diel fan it Italjaansk Skiereilân mei útsûndering fan Latium (Rome en omkriten), it domein fan 'e Latynsk-Faliskyske talen, en Toskane, dêr't it pre-Yndo-Jeropeeske Etruskysk sprutsen waard. De Oskyske talen waarden sprutsen yn it suden fan 'e Lears fan Itaalje, mei útsûndering fan 'e 'Hakke' (dêr't it Illyryske Messapysk sprutsen waard) en it meastepart fan 'e kustkriten fan Napels oant de 'Hakke', dêr't it Aldgryksk foar master opsloech yn 'e Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje. In Oskyske taal waard ek sprutsen troch de Mamertinen yn 'e koloanje Messana (it hjoeddeistige Messina), op Sisylje, en yn ferskate oare koloanjes op dat eilân.

De Oskysk-Umbryske talen binne bekend út ferskate hûnderten ynskripsjes skreaun yn 'e saneamde Alditalyske skriften, dy't har ûntjoegen út it Etruskyske alfabet, dat sels wer in oanpassing wie fan it Grykske alfabet. De ynskripsjes datearje fan likernôch 700 f.Kr. oant yn 'e earste iuw f.Kr. De wichtichste Oskysk-Umbryske talen wiene it Umbrysk yn it noarden en it Oskysk yn it suden (dêrfandinne de gongberste namme fan 'e taalgroep). It Umbrysk is oerlevere fan 'e sânde iuw f.Kr. ôf en it Oskysk fan 'e fyfde iuw f.Kr. ôf.

Fan 'e Piseenske talen, dy't yn in lyts gebiet oan 'e Adriatyske kust beëasten it Umbrysk sprutsen waarden, is it Pre-Samnitysk oerlevere fan 'e sechsde oant de fyfde iuw f.Kr. en it Súdpiseensk fan 'e sechsde oant de fjirde iuw f.Kr. De Piseenske talen lykje dêrnei ferkrongen te wêzen troch it Umbrysk, dat sels yn it neigean rekke nei't de Umbryske stammen ûnderwurpen waarden troch de him almar fierder útwreidzjende stêdsteat Rome. Nettsjinsteande dat is it de bêst oerlevere fan alle Oskysk-Umbryske talen, benammen fanwegen de Iguvine-tabletten.

It Oskysk wie de taal fan 'e Samniten, in machtige federaasje fan stammen dy't har fûleindich fersetten tsjin ûnderwerping. De Romeinen wiene tachtich jier dwaande om harren yn 'e Samnityske Oarloggen te ferslaan, fan 370 f.Kr. oant 290 f.Kr. Ek neitiid wist de Oskyske taal him noch langere tiid te hanthavenjen. Yn 'e ruïnes fan Pompeii tilt it bygelyks op fan 'e Oskyske ynskripsjes; men kin it dêr oantreffe yn 'e foarm fan ynkurven teksten op winkels (lykas 'Bakkerij', 'Slachterij' en sa) en opdrachten op iepenbiere gebouwen.

De Oskysk-Umbryske talen wurde ornaris yndield yn in Umbryske groep yn it noarden, in Oskyske groep yn it suden en in iere Piseenske groep (dy't it earst ferdwûn) yn it noardeasten. Fan it Aikwiaansk en it Festinysk is de yndieling ûnwis. Dy beide talen (of dialekten, dat is dreech te sizzen) wurde ornaris wol ta de Oskysk-Umbryske talen rekkene, mar se binne sa min oerlevere dat se eins net fierder yn te dielen binne. It liket derop dat de Oskysk-Umbryske talen in dialektkontinuum foarme hat, wêrby't it Umbrysk yn it noarden stadichoan oergie yn it Oskysk yn it suden. Dy teory wurdt ûnderstipe troch it feit dat in tal tuskenlizzende talen of dialekten skaaimerken fan sawol de Umbryske talen as de Oskyske talen hawwe. Dy tuskenlizzende talen of dialekten waarden yn it ferline oantsjut as Sabellysk, mei't dat in term is dy't op 'e hiele taalgroep fan tapassing is.

Ferskillen mei de Latynsk-Faliskyske talen

bewurkje seksje

Hoewol't de Oskysk-Umbryske talen folle fragmintarysker oerlevere binne as it Latyn hawwe taalkundigen út in wurdskat fan sa'n tûzen wurden dochs beskate ynnovaasjes en behâldings fan 'e taalgroep ôfliede kinnen. Bygelyks: wylst de aspirearre konsonanten út it Proto-Yndo-Jeropeesk (lykas yn *medʰyos, "midden" of "middel-") yn it Latyn tusken fokalen foarkomme as b, d en h/g (medius), wiene sokke aspirearre konsonanten yn 'e Oskysk-Umbryske talen allegearre ferwurden ta f (mefiai). Ek hiene de Latynsk-Faliskyske talen de Proto-Yndo-Jeropeeske * (kw fan "kwartsje") beholden (lykas yn it Latynske quattuor, "fjouwer"), wylst dy him yn 'e Oskysk-Umbryske talen ûntwikkele hie ta in p (lykas yn it Oskyske petora, "fjouwer"). Men sprekt dêrom wol fan Q-Italysk (Latynsk-Faliskysk) en P-Italysk (Oskysk-Umbrysk), krekt sa't yn 'e Keltyske talen ek Q-Keltysk (Gaelyske talen) en P-Keltysk (Brytoanyske talen) bestiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.