Osnaburgh Reservaat 63A
It Osnaburgh Reservaat 63A (Ingelsk: Osnaburgh 63A Reserve) is in reservaat fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje (Mishkeegogamang Ojibway Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. It waard yn 1905 stifte ûnder de betingsten fan it Ferdrach Nû. 9, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten.
Osnaburgh Reservaat 63A Osnaburgh 63A Reserve | ||
polityk | ||
haadplak | Mishkeegogamang (Ontario) | |
stamme | Mishkeegogamang Naasje | |
lân | Kanada | |
provinsje | Ontario | |
distrikt | Thunder Bay Distrikt | |
sifers | ||
ynwenners | 153 (2011) | |
oerflak | 41,8 km² | |
bef.tichth. | 3,7 / km² | |
oar | ||
stifting | 1905 | |
tiidsône | UTC –5 | |
simmertiid | UTC –5 (gjin simmertiid) | |
webside | www.miskeegogamang.ca | |
kaart | ||
De lizzing fan it reservaat yn Ontario.
|
Geografy
bewurkje seksjeIt Osnaburgh Reservaat 63A is sitewearre yn it noardwesten fan Ontario, oan 'e autodyk Highway 599, en oan 'e súdlike igge fan 'e St. Joseph-mar, noch krekt binnen de grinzen fan it Thunder Bay Distrikt. It leit likernôch 500 km noardwestlik fan 'e stêd Thunder Bay. It Osnaburgh Reservaat 63A beslacht in oerflak fan 41,8 km², en is dêrmei it lytste fan 'e beide reservaten fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje (it oare is it Osnaburgh Reservaat 63B).
Demografy
bewurkje seksjeNeffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it Osnaburgh Reservaat 63A doe 153 permaninte bewenners. De befolkingstichtens bedroech sadwaande 3,7 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne sa goed as allegearre leden fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje, dat etnyske Odjibwe (Ojibwe of Ojibway) binne, in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep is yn 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Kanada en de Feriene Steaten is. It Osnaburgh Reservaat 63A wurdt bestjoerd fanút Mishkeegogamang, yn it Osnaburgh Reservaat 63B.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |