Osnaburgh Reservaat 63B

It Osnaburgh Reservaat 63B (Ingelsk: Osnaburgh 63B Reserve) is in reservaat fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje (Mishkeegogamang Ojibway Nation), in erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Kanadeeske provinsje Ontario. It waard yn 1905 stifte ûnder de betingsten fan it Ferdrach Nû. 9, ien fan 'e regionale, saneamde Nûmere Ferdraggen tusken de ûnderskate Yndiaanske folken en de Kanadeeske autoriteiten.

Osnaburgh Reservaat 63B
Osnaburgh 63B Reserve
polityk
haadplak Mishkeegogamang (Ontario)
stamme Mishkeegogamang Naasje
lân Kanada
provinsje Ontario
distrikt Kenora Distrikt
sifers
ynwenners 425 (2011)
oerflak 121,0 km²
bef.tichth. 3,5 / km²
oar
stifting 1905
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –5 (gjin simmertiid)
webside www.miskeegogamang.ca
kaart
Osnaburgh Reservaat 63B (Ontario)
Osnaburgh Reservaat 63B
De lizzing fan it reservaat yn Ontario.

It Osnaburgh Reservaat 63B is sitewearre yn it noardwesten fan Ontario, oan 'e autodyk Highway 599, en oan 'e noardlike igge fan 'e St. Joseph-mar, noch krekt binnen de grinzen fan it mânske Kenora Distrikt. It leit likernôch 500 km noardwestlik fan 'e stêd Thunder Bay. It Osnaburgh Reservaat 63B beslacht in oerflak fan 121 km², en is dêrmei it grutste fan 'e beide reservaten fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje (it oare is it Osnaburgh Reservaat 63A).

Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 hie it Osnaburgh Reservaat 63B doe 425 permaninte bewenners. De befolkingstichtens bedroech sadwaande 3,5 minsken de km². De bewenners fan it reservaat binne sa goed as allegearre leden fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje, dat etnyske Odjibwe (Ojibwe of Ojibway) binne, in Algonkwynsktalich folk dat de talrykste Yndiaanske groep is yn 'e krite fan 'e Grutte Marren fan Kanada en de Feriene Steaten is. It haadplak fan it Osnaburgh Reservaat 63B en de sit fan 'e Mishkeegogamang Odjibwe Naasje is Mishkeegogamang.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.