Oude Pekela
Oude Pekela (Nederlânsk en offisjeel, Grinslânsk: Olle Pekel, Frysk: Alde Pekel(a)[2]) is in doarp yn de gemeente Pekela yn de Nederlânske provinsje Grinslân. It feankoloniale doarp is histoarysk ferbûn oan it buordoarp Nieuwe Pekela en leit 5 km súdwestlik fan Wynskoat.
Oude Pekela | ||
Alde Pekel oan de Pekelderdjip | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Pekela | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 7.610[1] | |
Oerflak | 9,81 km² | |
Befolkingsticht. | 776 /km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 6' NB, 7° 0' EL | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeFeanterij
bewurkje seksjeIt gebiet fan Alde Pekel bestie út in grut feangebiet dy't oant yn de sechtjinde iuw foar de minske net oanloklik wie. Troch dat feangebiet streamde it rivierke de Pekel A dy't yn de Doalert útmûne. Dat rivierke wie winliken de grins tusken de goaen Aldamt en Westerwâlde. Part fan it grûn wie mooglik yn besit fan eigenierden fan Wynskoat.
Om 1590 hinne waard de Friesche Compagnie (Fryske Kompanjy) oprjochte om it fean yn it gebiet oan te meitsjen. Yn 1599 waard lân om de Pekel A hinne oankocht en ûnderferparte yn 101 lotten. Yn 1635 kocht de stêd Grins it gebiet oan en waard sa part fan de Grinzer Feankoloanjes. De stêd keas foar in planmjittige oanpak. De koloanje Pekel waard stifte om de feanwwurklju te hûsmanjen en waard nei de Pekel A neam dêr't er parallel oan boud waard. De rivier waard foar in part kanalisearre en waard it Pekelderdjip neamd. In kanalestelsel mei wiken waard leadrjocht oansletten op it Pekelderdjip.
Bylâns it kanaal wie it warbere doarpslibben. Dêr waarden de skûten slyk oanfierd en oerladen om mei bolster (boppeste laach) fan it fean mjukse te wurden om dat fruchtberder te meitsjen. De turf waard op skûten nei Grins ferfierd. Benefter it drokkere part by it kanaal wiene pleatsen.
Pekela hearde ynearsten by it karspel Wynskoat, mar waard yn 1640 selsstannich doe't er in eigen tsjerke krige. De kringeljende grins tusken it Aldamt en Westerwâlde rûn by de âlde rin fan de Pekel A del en troch it doarp hinne. Dêrtroch ûntstie in soad betizing, benammen op it mêd fan belestingheffings. De tsjerke stie op it grûngebiet fan Westerwâlde.
Yn 1704 waarden Alde en Nije Pekel twa mienskippen om't der in twadde tsjerke boud waard. Yn de Frânske tiid doe't Nederlân by Frankryk ynlive waard, waarden Alde en Nije Pekel beide selsstannige gemeenten. Yn 1990 waarden beide gemeenten fannijs feriene yn de gemeente Pekela.
Skipbou
bewurkje seksjeDe skipfeart waard yn dy snuorje ek wichtich. Om't Alde Pekel troch de Pekel A mei de Doalert en de Waadsee ferbûn wie waarden skipswerven yn it doarp boud. Pekelder skippers fearen nei Hollân, Ingelân en it Eastseegebiet. Om 1800 wie it suver dien mei de feanterij. De skipfeart en de lânbou waarden wichtige ekonomyske pylders foar it doarp. Yn 1863 hie it doarp 60 skipswerven en 160 skippen wiene registrearre yn Alde Pekel. Nei it kommen fan de steamskippen rekke de skipfeart yn Alde Pekel yn it neigean. Yn 1892 wiene der noch mar sân skipswerven oer.
Yndustry
bewurkje seksjeYn de njoggentjinde en tweintichste iuw waard Alde Pekel it sintrum fan de striekarton- en ierdappelmoalyndustry. It kanaal rekke dêrby tige fersmoarge en stonk dêrtroch bot. Dêrnei waarden dêr wettersuveringsynstallaasjes boud en sadwaande waard it kanaalwetter stadichoan skjinner. De wurkomstannichheden wiene ek net poerbêst en laten gauris ta arbeidsskelen. Yn 1969 waarden der stakings organisearre troch Fré Meis, foaroanman fan de CPN. De CPN helle by de provinsjale ferkiezings fan 1970 14% fan de stimmen yn Grinslân.
Joadske mienskip
bewurkje seksjeYn 1685 setten de earste Joaden harren nei wenjen yn Pekel. Yn de lette achttjinde iuw folge troch immigranten út East-Fryslân en Poalen wei.[3] Om 1700 waard it earste Joadske begraafplak oanlein en yn 1791 de earste synagoge boud. Yn 1884 waard der in gruttere synagoge boud. Yn 1942 wennen der 150 Joaden yn Alde Pekel, dêr't mar 12 fan de kriich oerlibben. De synagoge waard yn 1976 troch de gemeente kocht en yn 1979 sloopt.
Ekonomy
bewurkje seksjeHjoed-de-dei stiet der yn Alde Pekel in hennepferwurkjende fabryk. Op lân om it doarp hinne wurdt dêrom in soad hennep ferboud. Ek stiet der noch in stienbakkerij yn it doarp, dêr't it bedriuw fan yn 1856 oprjochte waard.
Ferfier
bewurkje seksjeOude Pekela leit oan de N367 en hat dêrtroch in ferbining mei de A7
It besjen wurdich
bewurkje seksjeBerne yn Oude Pekela
bewurkje seksje- Fré Meis (1921-1992), politikus, fakbûnslieder
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oude Pekela fan Wikimedia Commons. |
Pekela | ||
---|---|---|
Doarpen: Alteveer • Boven Pekela • Nieuwe Pekela • Oude Pekela | ||
Buorskippen: Bronsveen • Hoetmansmeer | ||
Wetter: Pekel A • Pekelderdiep | ||
· · |