It Overledingerland (ek: Overledingen en op de heechdútske skriuwwize: Oberledingerland, Oberledingen) is in histoarysk gebiet yn it súdlike diel fan East-Fryslân en foarmet it súdeastlike diel fan it Landkreis Leer. De namme betsjuttet Lân oer de Leda, dat wol sizze súdlik fan it rivierke de Leda. Yn it westen leit de grins fan Overledingerland oan de Iems.

 
Kaart fan de frije Fryske Seelannen, 1300, giel: Overledingerland

Hjoeddedei omfettet it gebiet de gemeenten Rhauderfehn, Ostrhauderfehn en Westoverledingen mei it plak Nettelburg fan de stêd Leer. Eartiids hearde ek it skiereilân yn de stêd Leer by it Overledingerland, om't de bocht yn de Leda pas yn lettere tiden trochstutsen is.

It Nederdútsk is ek yn dizze tiden hjir noch jimmeroan in omgongstaal.

De ynwenners fan Overledingerland binnen yn mearderheid protestânsk. Yn de omkriten van de Iems binne lykwols noch inkelde herfoarme gemeenten, mar fierder oerhearsket it lúthersk. Ek binne der hjir en dêr noch gemeenten fan katholiken en frije tsjerken. Yn it suden en yn it easten rint in skerpe grins mei gebieten dêr't it katholike leauwe stân hat holden.

It Overledingerland is ien fan de fjouwer histoaryske lânskippen op it fêste lân fan it tsjintwurdige Landkreis Leer. It hearde yn de iere midsiuwen ta it karolingyske Iemsgou, mar wist har yn de 13e iuw as in selsstannige Fryske gemeente oan ûnderhearrich bestjoer te ûntlûken. Krekt lykas yn de oare Fryske dielen holde it klassike feodalisme hjir gjin stân. Ek Overledigerland hearde yn de tiid fan de Fryske frijheid ta it bûn fan de Upstalbeam.

Mei de hearskippij fan de Hamburgers en de haadlingen kaam yn de 15e iuw in ein oan de selsstannichheid. Te neamen binne yn dit ferbân Tom Brok, Focko Ukena en de Cirksena's. Om't hjir in sintrale hearskippij fan haadlingen brek wie en allinnich inkelde doarpshaadlingen harren wisten te fêstigjen, lei it Overledingerland der foar fijannen ûnbeskerme by. Doe't de tiid fan haadlingen einige, gyng it Overledingerland op it Greefskip Eastfryslân oer.