Père Lachaise

(Trochferwiisd fan Père-Lachaise)

De Cimetière du Père-Lachaise is it grutste begraafplak fan Parys. It leit op en om de hichte Champs-l'-Evêque yn it 20e arrondissemint.

Plattegrûn fan Père Lachaise (2016)
In leane op Père Lachaise
Yngong fan it tsjerkhôf
Kolumbarium
Krematoarium

It begraafplak is neamd nei de jezuïtepater François d’Aix de Lachaise. Op it plak fan syn bûtenpleats, dêr't er wenne fan 1675 oant 1708, is it tsjerkhôf stichte.

It bûten waard yn 1762 ferkocht om skulden fan de jezuïeten ôfbetelje te kinnen. Nei de Frânske Revolúsje kaam it besit oan Parys en waard der yn 1804 in begraafplak fan makke, mei de namme 'Cimetière De l'Est'. De Paryske befolking neamde it fan begjin ôf oan 'Cimetière du Père-Lachaise'.

De opdracht foar it ûntwerp gie nei de Paryske stedsarsjitekt Alexandre-Théodore Brongniart, in learling fan Etienne-Louis Boullée. Hy waard hjitten om rekkening te hâlden mei de besteand beplanting en hichteferskillen yn it terrein. Hy ûnderhannele mei de neoklassisistyske arsjitekt Quatremère de Quincy (1755-1849), de fertsjintwurdiger fan it gemeentebestjoer.

Om reklame te meitsjen foar it nije hôf, waarden ferneamde lju sa as Abélard en Heloïse, Molière en La Fontaine op dit plak opnij begroeven. Père-Lachaise waard fanôf dat stuit in prestiizjeus lêst rêstplak. De begoedige boargers fan Parys lieten yn de neifolgjende jierren grutte, somtiden ûnbidige, grêfmonuminten delsette, yn de romantyske geast fan dat tiidrek.

Yn de perioade fan nei 1850 waard it begraafplak fiif kear útwreide. De oarspronklike 17 hektare fan it jezuïetelângoed waakste yn dy tiid oan ta de hjoeddeiske 47 hektare. Père Lachaise is fuortendalik it prototype fan it ekstra-muros begraafplak. It waard yn de hiele Westerske wrâld neifolge. Yn ferskate stêden yn hiel Amerika waarden de rural cemeteries oanlein. Mount Auburn (1831) yn Boston Massachusetts is faaks it ferneamdste foarbyld. It Evergreen Cemetery yn Newark, New Jersey is fan 1853 en yn Ingelân wurdt yn 1839 it bekende Highgate Cemetery oanlein.

Ek yn Nederlân waarden yn de rin fan de 19e iuw in protte nije begraafplakken bûten stêd en doarp oanlein om't de âlde grôtfol rekke wiene en op guon plakken foar estetyske en hygiënyske beswieren soargen.

Byldhouwkeunst

bewurkje seksje

Ferneamde foarbylden fan Romantyske byldhouwkeunst op Père-Lachaise te sjen.

De muoite wurdich binne ûnder oaren:

Grêven fan ferneamden

bewurkje seksje
 
Grêf fan Honoré de Balzac
 
Grêf fan Guillaume Apollinaire
 
Grêf fan Gilbert Bécaud
 
Grêf fan Édith Piaf
 
Grêf fan Jim Morrison
 
Grêf fan Jean-François Champollion
 
Grêf fan Alain Kardec
 
Grêf fan Édouard Branly
 
Tinkteken foar Maria Callas
 
Grêf fan Marcel Proust
 
Grêf fan Frédéric Chopin


-

-

Luijters, Guus, Beroemde doden van Père Lachaise en andere begraafplaatsen van Parijs. Soesterberch: Aspekt, 2004

Keppeling om utens

bewurkje seksje