Pieter Boeles

(Trochferwiisd fan P.C.J.A. Boeles)
Dizze side giet oer de skiedkundige en jurist. Foar de predikant en taalkundige, sjoch: Pieter Boeles (1795-1875).

Pieter Catharinus Johannes Albertus Boeles, (Assen, 22 novimber 1873 - Ljouwert, 6 maaie 1961) wie in wichtich Nederlânsk histoarikus fan ynternasjonaal alluere en in markante persoan. Hy wie fan berop jurist, ynearsten as abbekaat, letter as rjochter en riedshear.

Libben bewurkje seksje

Boeles waard berne yn Assen, mar brocht syn jonkheid troch yn Ljouwert dêr't syn heit Willem Boeles riedshear wie by it gerjochtshof. Yn Ljouwert trochrûn hy de legere skoalle en gong nei it gymnasium.

Pieter Boeles wie al op jonge leeftyd hiel bot ynteresseare yn skiednis en kaam in protte yn it Frysk Museum, dêr't ek de bibleteek fan it Frysk Genoatskip mei ferbûn wie dy't ûnder de hoede stie fan syn heit. Op it museum rekke Boeles befreone mei de konservator C.H.F.A. Corbelijn Battaerd, dy't in soad belutsen wie by fynsten yn de provinsje Fryslân. Benammen by terpôfgravings waarden gauris nijsgjirrige ûntdekkings dien fan munten, gebrûks- en oare foarwerpen. Sûnt 1840 waarden de terpen hieltyd faker ôfgroeven om de terpierde dy't as keunstdong brûkt waard.

Nei syn skoaltiid yn Ljouwert folge hy in stúdzje rjochten oan de Universiteit fan Grins, dêr't hy op 18 jannewaris 1896 ôfstudearre en waard abbekaat en prokureur te Ljouwert (1897-1903). Ek waard hy lykas earder syn heit bibletekaris fan it Frysk Genoatskip, en dêrnei boppedat konservator fan it Frysk Museum. Op bysûndere wize hat Boeles him ynwurke op it mêd fan in hiel oar matearje as syn stúdzje rjochten. Under him krige it museum, dat feitlik in depot wie, ek hieltyd mear archeologyske fynsten te ferwurkjen dy't yn dy tiid oardere wienen neffens momint fan binnenkomst yn it museum. Troch Boeles waarden de fynsten foar de museumbesikers op in begryplike wize tentoansteld.

Yn de begjintiid spilet ek Boeles syn ûntdekking dat der runen, skriftekennisse ynkrast stienen op ien fan de terpfiensten, it saneamde swurdsje fan Arum (tusken Boalsert en Harns), dêr't dat stikje hout út in terp te foarskyn kaam.

Yn 1903 rekket Boeles ferbûn mei de rjochterlike macht, dêr't hy syn fierdere wurksume libben ferskate funksjes by ferfolje sil. Op 29 juny 1905 boasket hy mei Christina Cornelia Zeverijn (Amsterdam, 1882 - Noardburgum, 1975), út waans houlik fjouwer soannen berne waarden.

Boelens bleau oant syn santichste jier yn 1945 as riedshear by it gerjochtshof.

Betsjutting as histoarikus bewurkje seksje

Op wittenskiplik mêd is Boeles fral ferneamd troch syn stúdzje fan Fryske muntfynsten dêr't syn mânske kennis fan de skeattas, de merovingyske en karolingyske munten by opfalle en dy't lykop geane mei kennis fan oare archeologyske foarwerpen: de stien, de brûnzen wapenen, keramyk en de terpfynsten.

Syn krêft leit net yn de opgravings sels, mar yn it bestudearjen fan de foarwerpen, dy't foarhannen wienen yn it Frysk Museum en kolleksjes earne oars.

Bewenningskontinuïteit fan de Fryske terpen bewurkje seksje

Ien fan de wichtige fragen dêr't Boeles him mei dwaande hâlde, hie te krijen mei de fraach oft it noarden fan Nederlân yn it tiidrek 500 f.Kr. oant 1000 n.Kr. wol hieltyd, oan ien stik troch bewenne west hie, troch inselde Frysk folk. Hy kaam yn 1927 al ta ferûnderstellings dy't tsjintwurdich hieltyd mear opgong dogge, te witten dat der gjin kontinuïteit oantoanber is yn de bewenningsskiednis fan it âlde Fryslân. Yn 1951 brocht er yn syn boek "Friesland tot de elfde eeuw" nei foaren dat alle bewizen ûntbrekke foar kontinuïteit yn de bewenningskiednis op de Fryske terpen.

Nammekundich en archeologysk ûndersyk yn it Fryske terpegebiet fan 1990 ôf hawwe de opfettings fan Boeles befêstige. De datearring fan sawol plaknammen, ierdewurk, metalen foarwerpen en feroaringen yn de delsettingstruktuur litte sjen dat yn de lette Romeinske tiid fan Fryslân in dúdlike diskontuïteit bestien hat yn de bewenningskiednis.

Bibliografy bewurkje seksje

  • Armengoederen en armbesturen in Friesland, útj. Meijer & Schaafsma, Ljouwert, 1902
  • De Friesche terpen (yn: De vrije Fries, deel 20 : 3,4), útj. Meijer & Schaafsma, Ljouwert, 1906
  • Les trouvailles de monnaies Carolingiennes dans les Pays-Bas, spécialement celles des trois provinces septentrionales (yn: Jaarboek voor munt- en penningkunde), útj. Müller, Amsterdam, 1915
  • Friesland tot de elfde eeuw: zijn oudste beschaving en geschiedenis, útj. Nijhoff, De Haach, 1927 (werprinte yn 1951)
  • De auteur van het Oera-Linda-boek (yn: De Vrije Fries: diel 28), útj. Noord-Nederlandsche boekhandel, Ljouwert, 1928 (yn 1917 publisearre er al Johan Winkler's nagelaten geschrift over het Oera-Linda-Bok)
  • De âldste kultuer yn de sân- en feankriten fen Fryslân, útj. A.J. Osinga, Boalsert, 1930 (mei G.A. Wumkes)
  • De herkomst der vroeg-Friesche terpencultuur (yn: 20ste-24ste Jaarverslag van den Vereeniging voor terpenonderzoek 1936/1940), Grins, 1940
  • De inheemse runen-inscripties uit Friesland en Groningen: in verband met de Angelsaksische kolonisatie in Groter-Friesland (yn Oudheidkundige mededelingen uit het Rijksmuseum van Oudheden te Leiden - 1954), Brill, Leien, 1954
  • Sa'n 35 artikelen yn de Vrije Fries yn it tiidrek 1906 - 1948