Gregoarius VII (paus)

(Trochferwiisd fan Paus Gregoarius VII)

Gregoarius VII (tusken 1025 en 1030 berne yn Sovana; ferstoarn 25 maaie 1085 yn Salerno) wie in Italjaansk biskop dy't fan 22 april 1073 oant 1085 paus fan Rome wie. Fanwegen de grutte betsjutting fan Gregoarius VII foar de herfoarmings yn de 11e-iuwske Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't letter de 'Gregoriaanske Herfoarming' neamd waard, jildt er as ien fan de wichtichste, mar ek al yn syn tiid ien fan de kontroversjeelste pausen út de skiednis. Paus Gregoarius VII stried foar de frijheid fan de Tsjerke en sette it yn 'e kant tsjin it religieuze ferfal en de macht fan de adel oer tsjerklike funksjes.

Gregoarius VII
   kristlik lieder
Paus Gregoarius (reliëf oan de kommunybank yn de Boniatiustsjerke fan Ljouwert)
Paus Gregoarius (reliëf oan de kommunybank yn de Boniatiustsjerke fan Ljouwert)
amt en titulatuer
amt paus fan Rome
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 10731085
foargonger Aleksander II
opfolger Fiktor III
wurkpaad
kleasteroarder Benediktinen
preesterwijing 22 maaie 1073
biskopswijing 30 juny 1073
kardinaal 6 maart 1058
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Ildebrando di Soana
bertedatum tusken 1020 en 1030
berteplak Toskane
stjerdatum 25 maaie 1085
stjerplak Salerno
etnisiteit Italjaansk
hillichferklearring
sillich ferkl. 1584
hillich ferkl. 1606
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke
hjeldei 25 maaie
patroan fan bisdom Sovana

In oare strider tsjin misstannen yn de tsjerke, Petrus Damiani, dy't yn deselde tiid libbe as Gregoarius, beskreau him mei in soad wurdearring mar tagelyk ferwitend as de "hillige Satan", de "tuchtroede fan God" en it "Hellefjoer", en ferlikene him mei in tiger, liuw of in ferskuorrende wolf. Neffens Damiani wie elts ferset tsjin paus Gregoarius yn 't foar om 'e nocht.

It pontifikaat fan Gregoarius VII duorre tolve jier en in moanne.

 
Bertehûs fan paus Gregoarius VII yn Sovana

Gregoarius VII waard tusken 1020 en 1030 as Hildebrand yn Toskane berne. Hy wie in benediktynske muonts en neffens letter ûndersyk nei alle gedachten in reguliere koarhear fan in biskopstsjerke. Under sokke geastliken wie de herfoarming fan de tsjerke in tige populêre saak. As aartsdiaken spile Hildebrand fanôf it midden fan de iuw in belangrike rol yn de tsjerkepolityk. Lykas by alle herfoarmings sette Hildebrand him fral yn tsjin de hannel yn geastlike saken, de ferdieling fan amten ûnder minsken fan de hegerein om dêrmei foardiel te dwaan, morele mistannen yn de tsjerke en de ynfloed fan leken op it tsjerklike libben.

Yn 1046 reizge er mei de troch him heech achte paus Gregoarius VI nei Keulen. Gregoarius VI wie troch de synoade fan Sutri ôfset en ferballe. Keizer Hindrik III woe twa jier letter (1048) Bruno fan Egisheim-Dagsburg ta de nije paus Leo IX oanstelle, mar dy stie der op, mooglik op adfys fan Hildebrand, om him troch it folk en de geastlikens kieze te litten. Nei Bruno's ferstjerren soe Hildebrand yn 1054 paus wurde, mar om syn belangen feilich te stellen beneamde de keizer biskop Gebhart fan Eichstätt ta paus, dy't de namme Fiktor II oannaam.

Yn 1073 ferstoar paus Aleksander II en al by syn begraffenis skandearre it folk dat Hildebrand de nije paus wurde moast. Sûnder in formele stimming troch de oanwêzige kardinalen liet Hildebrand him as paus Gregoarius VII kroane. Dat gyng yn tsjin it dekreet oer it kiezen fan pausen yn 1059, dat ornearre dat de paus keazen waard troch kardinalen en dat yn algemiene wurden ek foarskreau dat de roomsk-dútske keizer in stim yn it kapittel hie.

Yn de earste jierren fan syn pontifikaat makke Gregoarius plannen om mei in leger it troch de isalmityske Seltsjoeken bedrige Byzantium te helpen. Guon histoarisi beskôgje dat as de earste oprop ta in krústocht. Gregoarius woe sels de lieding nimme yn de krústocht nei it easten. Yn de tiid dat de paus fuort wie woed er it liederskip oer de westerske kristenheid yn hannen lizze fan de Roomsk-Dútske keizerg Hindrik IV. Lokale strideraasjes yn Súd-Itaalje, in konflikt mei de Frânske kening Filips I en in ôfwizende hâlding fan de Easterske Tsjerke makken útfiering fan de plannen ûnmooglik.

Ynvestituerstriid

bewurkje seksje
 
Keizer Hindrik op bleate fuotten foar de boarch yn Canossa

Under it bewâld fan paus Gregoarius VII ûnstie de saneamde ynvestituerstriid, dat foar it Hillige Roomske Ryk pas nei de dea fan Gregoarius mei it konkordaat fan Worms yn 1122 bylein waard. De Roomsk-Dútske keizers hiene it foar inoar krigen dat hja bepaalden wa't biskop yn harren ryk waard. Dêrmei krigen hja macht oer de tsjerke en koene hja de geastlikens foar eigen gewin brûke. By it oannimmen fan it amt ferliende de keizer de nije biskop de ynvestituer, it oerlangjen fan de beklaaiïng, dy't bestie út in ring (foar it geastlike wurk) en in stêf (foar it wrâldske wurk). Om dy misstannen yn de tsjerke oan te pakken ferklearre de paus op de synoade fan Rome yn 1074 de kriich oan it misbrûk fan it tsjerklike amt.

De ôfkundige maatregels waarden lykwols ynearsten net opfolge. Yn 1075 liet Gregoarius it Dictatus Papae opskriuwe, in diktaat dat it pauslik gesach en it primaat fan Rome oer biskoppen en wrâldske saken herstelle moast. It liede ta in grut konflikt mei Hindrik IV. Op de Romeinske fêstelsynoade fan 1075 sette Gregoarus VII in tal Roomsk-Dútske biskoppen tydlik út it amt om't se harren net sjen lieten. Gregoarius VII rôp fiif riedshearen fan Hindrik IV, dy't er earder yn 1073 fanwegen de rol fan de keizer by de besetting fan it aartsbisdom Milaan ekskommunisearre hie, ta ferantwurding. Doe't Hindrik IV nettsjinsteande eardere ûnthjitten dochs wer syn ynfloed op it aartsbisdom Milaan útoefene mei it beneamen fan de ealman Tedald as aartsbiskop, stjoerde Gregoarius de keizer in earnstige warskôging, dêr't it hôf oan it begjin fan it jier 1076 mei lilkens kennis fan naam.

As andert op de ferkillende yntervinsjes fan de paus yn biskoplike saken noardlik en súdlik fan de Alpen, skreau Hindrik op 24 jannewaris fanút Worms in brief mei de eask dat de paus ôfstân die fan de troan. De keizer hold de paus foar dat net de paus, mar de kening mei it berterjocht troch God yn it amt roppen waard en dat de paus troch minsken keazen waard. In soad Roomsk-Dútske biskoppen ûnderskreaune de eask fan de keizer dat de paus ôftrede moast. Gregoarius liet him lykwols net út it lead slaan en liet Hindrik IV en syn oanhingers yn 'e ban dwaan. Dat lêste die de politike ferhâldings yn it Hillich Roomske Ryk op syn grûnfêsten skodzje. De keizer moast it no opnimme tsjin fijannen yn eigen lân en it Hillige Roomske Ryk stie foar de fraach oft der in oare keizer keazen wurde moast.

De paus wie fan doel om oer de Alpen te reizgjen en diel te nimmen oan it oerlis oer de tsjinstanner fan Hindrik. Mar om syn troan te redden wie it Hindrik, dy't de paus yn 'e mjitte kaam om boete te dwaan. Dy reis waard bekend as de "gong nei Canossa", de reis fan Hindrik nei it kastiel Canossa yn Noard-Itaalje. De keizer reizge yn ienfâldige klean op bleate fuotten om de paus op it kastiel Canossa deemoedich om ferjouwing te freegjen. Nei't er trije dagen om de muorren fan it kastiel rûn hie, fûn de paus it moai west. Op 28 jannewaris 1077 ferwolkomme de tsjerkefoarst de keizer werom yn de skoat fan de Tsjerke mei it opheffen fan de ban.

 
Kronyk fan Otto von Freising (12e iuw): Hindrik en Klemens ferdriuwe Gregoarius mei geweld út Rome; dêrûnder de dea fan Gregoarius

Mar Hindrik hold him net oan de ôfspraken en op 'e nij bemuoide de keizer him mei tsjerklike saken. Yn 1077 keazen de Roomsk-Dútske foarsten Rudolf fan Rheinfelden ta keizer. Hindrik IV easke no fan de paus fuortendaliks in ban op Rudolf en sa net, dan soe Hindrik as wraak in tsjinpaus beneame. Gregoarius twifele, hold beide opsjes iepen en pas yn maart 1080 naam Gregoarius is iepenlik foar Rudolf op. Dat betsjutte in definitive breuk tusken de paus en Hindrik. De oarloch tusken Hindrik en Rudolf liede ta de Slach by Hohenmölsen, dêr't Hindrik ferslein waard. Rudolf rekke by de slach lykwols ferwûne oan de rjochter hân, dy't er brûkt hie by de eedôflizzing, en ferstoar wat letter oan syn ferwûnings. Mei de dea fan Rudolf briek ek de wjerstân tsjin Hindrik en no 't Hindrik de macht yn it ryk wer yn hannen hie, reizge Hindrik IV op 'e nij nei Itaalje en liet yn Brixen aartsbiskop Wibertus fan Ravenna as tsjinpaus Klemens III beneame. Dêrmei ûnstie in skisma, dy't oant nei de dea fan Wibertus yn it jier 1100 duorje soe.

 
Tombe fan paus Gregoarius VII yn Salerno

Wylst keizer Hindrik en de nije paus tegearre yn it pauslik paleis residearren, hold Gregoarius him skûl yn de Castel Sant'Angelo. Gregoarius krige stipe fan de Normandjers út Súd-Itaalje, dy't Rome binnenfoelen. Mar hja befrijden net allinne de paus mar plonderen ek yn 'e selde reis de stêd. De Romeinske befolking ferdreau dêrnei paus Gregoarius; hy ferliet mei lyts gefolch de stêd en loek him yn Salerno werom.

De dea fan de paus en hillichferklearring

bewurkje seksje

Op 25 maaie 1085 ferstoar Gregoarius VII yn Salerno. Op syn stjerbêd soe de paus twa opfolgers neamd ha: aartsbiskop Hugo fan Lyon en de abt Desiderius fan Montecassino, dy't ek yn Salerno oanwêzich wie en him in jier letter as Fiktor III opfolgje soe. De paus waard byset yn de katedraal fan Salerno.

Paus Paulus V ferklearre Gregoarius VII yn 1606 hillich. De dei fan syn ferstjerren is in (net ferplichte) betinkingsdei fan de Roomsk-Katolike Tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gregor VII.