Peaske-eilân
Peaske-eilân (Spaansk: Isla de Pascua, ek Rapa Nui neamd) is in Polynezysk eilân yn de Grutte Oseaan, dat steatkundich by Sily heart en in provinsje fan dat lân is. De haadstêd op it eilân is Hanga Roa.
Peaske-eilân Isla de Pascua Rapa Nui | |
---|---|
flagge | wapen |
geografyske lokaasje | |
algemien | |
gebietsdiel fan | Sily |
pol. status | provinsje |
haadstêd | Hanga Roa |
offisjele taal | Spaansk, Rapa Nui |
sifers | |
ynwennertal | 5.761 (2012) |
befolkingstichtens | |
oerflak | 163,6 km² (ynkl. wetter) |
bykommende ynformaasje | |
muntienheid | Peso (CLP) |
tiidsône | UTC-6 |
tillefoan | +56 |
ynternetekstinsje | .cl |
webside | www.municipalidadde-isladepascua.cl |
Geology
bewurkje seksjePeaske-eilân is in heech eilân dat foar it grutste part foarme waard troch trije fulkanen, de Maunga Terevaka (507 meter), de Poike (370 meter) en de Rano Kau (324 meter), dy't it eilân ek syn trijehoekige foarm jouwe.
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens iere folksleginden (mûnling oerlevere en net wis) hawwe de earste bewenners (haadman Hotu Matu'a mei syn frou en famylje) it eilân mei twa kano's berikt. Der wurdt oannaam dat hja Polineezjers wienen. Dy fêstiging soe neffens histoarisy west hawwe tusken de 4e en 8e iuw.
It earste Jeropeeske kontakt mei de Peaske-eilânbewenners barde troch de Nederlanner Jacob Roggeveen yn 1722. Hy trof der doe twa- oant trijetûzen bewenners oan. Dy befolking hat in tal iuwen dêrfoar folle grutter west, skattings gean út fan tsien- oant fyftsjintûzen minsken. Oannomd wurdt dat de beskaving fan Peaske-eilân nei in tiidrek fan bloei stadichoan ien in delgeande spiraal terjochtkaam as gefolch fan oerbefolking, ûntboskjen en útputting fan de beheind oanwêzige natuerlike grûnstoffen. It eilân wie foardat it troch minske bewenne waard folslein beboske, doe't Roggeveen op it eilân arrivearre wie dat al net mear it gefal.
Neffens de beskriuwings dy't Roggeveen jout, libben der twa kloften minske op it eilân: Polyneezjers en 'blanken'. Dizze blanken wienen Langearen, ek wol "Hanau Epe" neamd, dy de Moay hawwe boud. De twa befolkingskloften libben yn frede op it eilân.
Ofsjoen fan wat beskriuwings dien troch besykjende skippen ûntbrekt der ynformaasje oer wat der allegear krekt foarfallen hat op it eilân, sawol foar de komst fan de Jeropeanen as yn it tiidrek tusken harren besiken. Sa beskriuwt James Cook by syn besyk yn 1774 dat in protte stienen bylden omsmiten wienen, wylst dat by it besyk fan Roggeveen noch net it gefal wie. Wêrom't soks barde is net bekend.
Slavehannel, nij yntrodusearre sykten en honger late ta in fierdere tebekrin fan de befolking.
Nijsgjirrichheden
bewurkje seksjeDe grutste nijsgjirrichheden fan Peaske-eilân binne de moay, hege stiennen bylden fan wol njoggendeheale meter heech. De bylden binne eartiids makke út sêft fulkanysk stiente (dowestien) troch de foarfaars fan hjoeddeiske eilânbewenners. De wite eachskiven fan de moay dy't oarspronklik yn de eachkassen sieten, waarden pas yn 1978 foar it earst weromfûn.
It grutste part fan de moay steane op in platfoarm of ahu opsteld en sjogge nei it binnenlân. Der binne mar sân bylden, opsteld yn in rychje fan lyts nei grut en wat spottend de sân apen (los siete monos) neamd, dy't nei de see sjogge. De moay stelle foarfaars foar dy't om fruchtberheid smeke. Op it ekstreem isoleare eilân wie de fuortplanting fan krusiaal belang om te oerlibjen. Fan de foarfaarsbylden binne in protte wer rjocht oerein set, ek hawwe in soad harren ynkringende eagen dy't nei de himmel sjogge werom krige. De foarút stekkende lippen fan de moay wiene faaks toaid mei in burd. Wat opfalt binne ek de langhalige earlellen.
It hiele eilân stiet sûnt 1995 op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) Peaskeilânpagina fan de Southpacific.org
- (in) koarte dokumintêre oer Peaskeilân fan David Attenborough
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Easter Island fan Wikimedia Commons. |