Petrus- en Paulustsjerke (Maasslús)

De Petrus en Paulustsjerke is in roomsk tsjerkegebou yn 'e Súd-Hollânske stêd Maasslús.

Petrus- en Paulustsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Maasslûs
adres Andreasplein 2
koördinaten 51° 55' N 4° 14' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
patroanhillige Sint-Petrus, Sint-Paulus
Arsjitektuer
arsjitekt Mari Baauw en René Olivier
boujier 2007
Webside
De tsjerke op de side fan de parochy
Kaart
Petrus- en Paulustsjerke (Súd-Hollân)
Petrus- en Paulustsjerke

It futuristyske tsjerkegebou is in ûntwerp fan 'e arsjitekten Mari Baauw en René Olivier fan it buro Royal Haskoning en waard keazen út de ynstjoerings fan in troch it bisdom Rotterdam útskreaune priisfraach. De tsjerke ferfong de eardere Andréastsjerke (sletten yn 2000) en de Petrus en Paulustsjerke, dy't nei de foltôging ôfbrutsen waard.

De earste eucharistyfiering fûn op 29 april 2007 plak, wylst biskop Van Luyn de tsjerke op 1 july 2007 ynwijde. Yn 'e tsjerke is plak foar 300 minsken.

It liturgysk sintrum hat de foarm fan in ellips. It tabernakel en it alter binne modern. In pear bylden en de krúswei binne ôfkomstich út de âlde tsjerke. De bylden fan 'e apostels Petrus en Paulus binne 19e-iuwsk. Efter de twa bylden is op glês de tekst fan Jehannes 1:1-18 oanbrocht. Bûten stiet it keunstwurk "De ropping fan Andréas" fan Dick Tulp.[1]

It oargel is ôfkomstich út de âlde tsjerke en waard dêr boud troch de firma Vermeulen mei û.o. piipwurk fan in âlder oargel. Nei de foltôging fan 'e nijbou waard it oargel restaurearre en efter in nije oargelkas yn in wat oare disposysje opboud.

Om't de tsjerke tinken docht oan it operagebou yn Sydney wurdt de tsjerke gekjeijend ek wol Sidney aan de Waterweg neamd.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: