Pier Arjen de Groot
Pier Arjen de Groot (Utert, 27 juny 1905 – De Haach, 22 april 1995) wie in Nederlânsk keunstskilder, tekener, etser, byldhouwer en medaljeur.
Pier Arjen de Groot | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pier Arjen de Groot | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 27 juny 1905 | |
berteplak | Utert | |
stoarn | 22 april 1995 | |
stjerplak | De Haach | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | keunstskilder, tekener, etser, byldhouwer, medaljeur | |
streaming | figuratief | |
bekendste wurk(en) |
It Wyfke fan Starum |
Biografy
bewurkje seksjePier de Groot waard berne yn Utrecht as âldste soan fan de Fryske dokter Arjen de Groot en Hermina Hendrika Wilhelmina de Ligt. Yn 1931 sette er ôf nei Amsterdam, dêr 't er les krige fan de skilder Hendricus IJkelenstam en fierder oplaat waard oan de Rijksakacademie van beeldende kunsten, as learling fan Antoon Derkinderen, J.H. Jurres. [1] Hy skildere en tekene ûnder oaren figuerfoarstellingen en portretten. Hy wie lid fan De Onafhankelijken en eksposearre ûnder oare by in jubileumtentoanstelling fan De Onafhankelijken yn it Stedelijk Museum Amsterdam (1932).
De Groot krige lessen fan de byldhouwer Hendrik Maurits Hagedoorn yn Voorburg, mar ûntwikkele him nei de oarloch foar in grut part as autodidakt oant figuratyf byldhouwer en medaljeur. Hy eksposearre ûnder mear by de earste Sonsbeekeksposysje (1949), de tentoanstelling 'Beeldhouwers exposeren' fan de Nederlandse Kring van Beeldhouwers yn Museum Fodor yn Amsterdam (1949) en de tentoanstelling Nederlandse Beeldhouwkunst yn it Haachsk Gemeentemuseum (1951). Yn 1950 berocht Cornelis Veth in besite oan syn atelier oan de Vissershaven yn Scheveningen, Veth wie troch freonen op it byldhouwurk attindearre en bot ferheard troch de kwaliteit fan it wurk.
De Groot sleat him oan by De Nieuwe Ploeg yn Voorburg. Yn 1953 die er mei oan Tien jonge beeldhouwers, de earste iepenlofttentoanstelling fan de groep yn Park Sonnenburgh mei Lotti van der Gaag, Nol Greebe,Marian Gobius, Jaap Gutterswijk, Theo van der Nahmer, Ellen Roona, Rudi Rooijackers, Jan Snoeck, Aart van den IJssel en Hans van Zutphen.[2] Fan 1967 ôf wenne er winterdeis yn Den Haach en simmers yn Starum. It bekendste byldhouwurk fan De Groot is it brûnzen byld fan Het Vrouwtje van Stavoren, dat yn juny 1969 troch boargemaster Thijs van Hout oan de Havenkade ûntbleate waard. [3]
De Groot waard 89 jier.
In pear wurken
bewurkje seksje- 1954: Vrouw, Keizerstraat, Breda
- 1969: Vrouwtje van Stavoren, Havenweg, Starum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pier Arjen de Groot fan Wikimedia Commons. |