It Wyfke fan Starum

It Wyfke fan Starum is in sêge út de 16e iuw, dy't om it jier 1800 hinne syn hjoeddeiske foarm krigen hat.

It Wyfke fan Starum

Yn Starum, yn dy tiid in rike hannelsstêd, wenne in rike keapmanswiddo. Hja hie in hûs mei gouden flieren en sulveren muorren en hja hie mear skippen as alle oare keaplju fan Starum byelkoar. Hja wie sa ryk dat hja in skipper mei goud de see op stjoere koe om it kostberste besit op ierde foar har te keapjen.

De skipper kaam op it lêst werom mei in skipfol nôt út Danzig. It wyfke waard poer: "Dit is gjin goud wurdich. Oan hokker side hawwe jo dat laden?" "Oan stjoerboard, frouwe." "Gean dan wer de see op en smyt it oer bakboard der wer út." In bidler dy't dat hearde frege har dat net te dwaan: soe hja sels ea earm wurde dan soe it nôt har wol goud wurdich wêze. Mar hja naam in gouden ring fan har hân en smiet dy yn see: "Likemin at dy ring ea weromkomme sil, sil ik ea earm wêze."

In dei kaam ien fan de tjinsters fan it wyfke by har; hja hie yn de mage fan in fisk de ring fan it wyfke fûn. Fan doe ôf gong it min mei de widdo. Troch de iene ramp nei de oare ferlear hja al har rykdom. Op it lêst moast hja yn de stêd biddelje om brea. Foar de haven fan Starum woeks it nôt dat yn see smiten wie. Sân waard troch de planten fêstholden en sa ûntstie in sânplaat, it Frouwesân, wêrtroch de haven fan Starum min berikber wurde. De keaplju kamen net mear nei Starum en de stêd ferearme. Sels de nôt op it Frouwesân brocht de stêd gjin jild: op de sânplaat woeksen gelde ieren, sûnder nôtskerrels.

Untwikkeling

bewurkje seksje

De âldste bekende ferzje is dy fan Cornelius Kempius yn De origine, situ, qualitate et quantitate Frisiae. Hjir wie it ferhaal noch dúdlik in útlisteltsje, dat de delgong fan Starum yn de 13e iuw útlei. It frouke wie der noch net: de keaplju fan Starum stjoerden skippen út om út alle lannen it bêste dat der wie te heljen. Doe't ien skip mei nôt werom kaam, wie dat neffens de keaplju te min en waard die yn de haven smiten. De útlis is foar in part histoarysk, om't de haven fan Starum yndie tichtslike. Dat wie lykwols mar in part fan de delgong; in oar part wie de opkomst fan de hannelsstêden oan de Hollânske eastkust.

Yn 1597 kaam Ocko Scharlensis, yn de Croniicke ende warachtige Beschryvinghe van Vrieslant, mei it frouke. Hjirtroch kaam de klam mear op it eksimpel te lizzen. Mei dat it Frouwesân keppele waard oan it froukje, waard it ek in útlis fan dy namme, dêr't it komôf fan ferlerngongen wie. De Gelde Ier waard foar it earst yn it ferhaal oantroffen yn 1710. Ek dy is nei gedachten histoarysk; yn alle gefallen woeks Gelde Ier yn de 19e iuw by it Reaklif.

Begjin 19e iuw krige it ferhaal mear de foarm fan in mearke troch de tafoeging fan it motyf fan de ring yn de fisk.

Yn dy foarm is yn it ferhaal op tal fan wizen publisearre. Der hawwe lieten, toanielstikken, opera's en films fan west en ek hawwe literêre skriuwers as Karl Simrock, Theun de Vries en Martinus Nijhoff der ferzjes fan skreaun.

Sûnt 1969 stiet yn Starum in stânbyld fan it wyfke troch Pier Arjen de Groot.

Keppelings om utens

bewurkje seksje