Pieter Terpstra

(Trochferwiisd fan Pieter Terpstra (skriuwer))

Pieter Terpstra of Piter Terpstra, (Ljouwert, 29 desimber 1919 - Ljouwert, 26 jannewaris 2006), wie in Frysk sjoernalist en skriuwer. De produktive Terpstra skreau wol 125 boeken. Pieter Terpstra wie de heit fan Arjen Terpstra, dy't ek Frysk skriuwer is.

Terpstra krige yn 1964 lanlike bekendheid doe't hy de troch, útjouwerij Bruna yn de Zwarte Beertjes-searje útjûne detective-rige Havank, fuortsette nei it ferstjerren fan de oarspronklike skriuwer Hans van der Kallen. It ûnfoltôge fjouwerentritichste ferhaal út de rige, Menuet te Middernacht, waard troch him foltôge op basis fan petearen mei syn foargonger; dêrnei skreau hy 23 dieltsjes sels, dy't ûnder de namme Havank & Terpstra útjûn waarden. Twa hjirfan binne noch basearre op de yn de neilittenskip fan Havank fûne net komplete manuskripten.
Dêrbûten skreau Terpstra sa'n hûndert streekromans en historyske romans, diels yn it Nederlânsk, mar ek yn it Frysk. Op de lêste stiet hy as Piter Terpstra neamd. In inkele kear brûkte hy de pseudonimen Piet Grilk en Peter Torenvliet; it lêste foar inkele boeken oer resjersjeur Argus.

Neist skriuwer wie Terpstra sjoernalist; hy wurke foar it Nieuwsblad van het Noorden, Trouw, de Ljouwerter Krante en Friesland Post.
Hy ferstoar yn Ljouwert op 86-jierrige leeftyd en waard begroeven op it âlde tsjerkhôf fan Huzum.

Bibliografy (seleksje)

bewurkje seksje

De Havank & Terpstra-searje

bewurkje seksje
  • 34 Menuet te middernacht, 1964
  • 35 De erven Mateor, 1965
  • 36 Mysterie op Mallorca, 1966
  • 37 Schaduw achter tralies, 1967
  • 38 Schaduw aan de Donau, 1968
  • 39 Zes schaduwen in de sneeuw, 1969
  • 40 Schaduw's bedevaart, 1969
  • 41 Grüss Gott, Schaduw, 1969
  • 42 De Schaduw en de Duitse dame, 1970
  • 43 Schaduw op de heide, 1970
  • 44 De Schaduw en de maagd, 1971
  • 45 Schaduw's gesloten boek, 1971
  • 46 Schaduw's medelijden, 1971
  • 47 Schaduw op het kerkhof, 1972
  • 48 De Schaduw en de zwarte hond, 1973
  • 49 Schaduw kwartet, 1973
  • 50 Hotel de Schaduw, 1974
  • 51 Schaduw's scheve schaats, 1974
  • 52 Kameraad Schaduw, 1975
  • 53 De Schaduw en Jan van Beieren, 1975
  • 54 De Schaduw en zijn schoonmoer, 1979
  • 55 Schots en Schaduw, 1981
  • 56 Schaduw's goudmijn, 1984
  • 57 De Schaduw en het moordjaar, 1985

Keppeling om utens

bewurkje seksje