Plan E (spoarweireau)

Plan E is in searje fan 196 stielen reauwen foar troch lokomotiven lutsen treinen foar de lange ôfstân, dy't yn 1953 troch de NS by Werkspoor en Beijnes besteld waarden, om de houten weinen yn de binnenlânske tsjinst te ferfangen.

Plan E
Plan E rydtúch B 6609
Plan E rydtúch B 6609
Algemien
Oantal 196
Fabrikant flagge fan Nederlân Werkspoor
flagge fan Nederlân Beijnes
Boujier 1953
Yntsjinststelling 1954
Ut tsjinst Fanôf 1979
Ferfierder NS
Gewicht 45 ton
Uterste faasje 140 km/o
Sitplakken
Sitplakken 1e klasse 48
Sitplakken 2e klasse 72
Tal klapstuollen 12
Tal steanplakken 40
 
Plan E rydtuch op it opstelplak fan stasjon Ljouwert

De Plan E reauwen kamen fan 1954 ôf yn tsjinst mei in blauwe kleur (Prusysk blau ), ôfset mei sângiele biezen. De reauwen Plan E hawwe oant de komst fan de intercityreauwen begjin jierren tachtich foar in grut part riden op de tsjinst tusken Zandvoort oan See en Maastricht / Heerlen. Dy treinen bestiene út in grut tal rydtugen dy't meastentiids lutsen waarden troch in lokomotyfsearje 1200. Dêrnjonken kamen se foar op ûnder oare de ferbining fan Amsterdam nei Ynskedee.

Nei de komst fan de intercityreauwen op de ferbining nei Limboarch skode it oerbliuwsel troch nei de Iselline SwolRoosendaalFlissingen ta ferfanging fan it noch âldere Mat '46. Om't de treinstammen dêr koarter wiene as de treinen nei Limboarch wie de lûkkrêft meastentiids in lokomotyf searje 1100.

Diselspoarlinen

bewurkje seksje

Yn de santiger jierren ûntstie as gefolch fan de útwreiding fan de tsjinstregeling in matiereeltekoart op de diselspoarlinen. Om dat op te fangen waarden inkelde twaddeklasreauwen Plan E ferboud foar ynset op diselbaanfakken. Fanwegen de reedlik koarte treinen dy't dêrmei formearre waarden, waarden yn stee fan de ynset fan in reau earste klasse inkelde twaddeklasreauwen mei mar in lytse earsteklasse-ôfdieling.

De lêste reauwen foar de passazjierstsjinst waarden yn 1988 út de tsjinstregeling helle. Se hiene noch de oarspronklike blauwe kleur, dy't yn de jierren santich alline oanfolle waarden mei ljochblauwe reklamestripen. Acht reauwen binne nei musea gien.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Commons: NS Plan E coaches – foto, fideo en harktriemmen