Glânsibis

(Trochferwiisd fan Plegadis falcinellus)

De glânsibis (Plegadis falcinellus) is in fûgelsoarte út it skaai brune glânsibissen (plegadis) fan 'e famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae). Alhoewol't de fûgel yn Nederlân ek wol as swarte ibis bekend stiet, is de fûgel net swart mar hat de fûgel in readbrune kleur en glânzgjende kleuren op 'e wjukken en sturt. Mei't de oantallen Europeeske fûgels yn Spanje en Frankryk spektakulêr tanommen binne, wurdt de fûgel ek jimmeroan faker yn ús kontreien sjoen.

glânsibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai brune glânsibissen (Plegadis)
soarte
Plegadis falcinellus
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

Beskriuwing bewurkje seksje

De glânsibis is in 55 oant 65 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan 88 oant 105 sm. Se ha wat de ferskining oanbelanget wat fan 'e wylp, mar oars as de wylp hat de glânsibis in brún fearrekleed mei irisearjende kleuren op 'e wjukken en sturt.

 
Kop fan de glânsibis.

Glânsibissen hawwe in soad fan wytmaskeribissen. De ferskillen binne dat de neakene hûd tusken de snaffel en it each by de glânsibis blaugriis is (read by de wytmaskeribis) en dat de wite râne dêrfan by de glânsibis oant it each giet en net om it each hinne, lykas dat it gefal is by de wytmaskeribis. De poaten fan 'e glânsibis binne readbrún en net read, lykas by de wytmaskeribis. De wytmaskeribis hat in reade iris, wylste de glânsibis in brún iris hat.

Fersprieding bewurkje seksje

De fûgel komt yn 'e waarmere gebieten fan Europa, Afrika, Austraalje en dielen fan Aazje en Amearika foar en is te sjen yn sompen en wetterryk lân, lykas marren, sompen, rivieren en lagunes. Oant yn 'e 20e iuw wie de fûgel in dwaalgast yn Nederlân, mar sûnt 1980 nimme it tal waarnimmings ta yn fral it noarden en westen fan Nederlân en sûnt 1999 wurdt de soarte net mear as dwaalgast beskôge.

Yn Europa is de glânsibis in trekfûgel. Yn april komt er fanút de oerwinteringsgebieten yn it Middellânske Seegebiet en tropysk Afrika yn 'e briedgebieten oan en yn augustus en septimber giet er wer.

Fuortplanting bewurkje seksje

Glânsibissen briede fan april oant juny yn beammen. Dat bart fakentiden yn koloanjes mei oare reagers. In nêst bestiet út 3 oant 4 aaien, dy't yn 20 oant 23 dagen útbret wurde. Beide geslachten bouwe it nêst en mantsjes en wyfkes wikselje inoar ôf by it brieden. Mantsjes briede fral nachts.

Status bewurkje seksje

Neffens BirdLife International nimt de wrâldpopulaasje fan 'e fûgel ôf. Yn 'e Feriene Steaten en yn Europa nimt de oantallen glânsibissen ta, mar op oare plakken foarmje it ferlies fan wetterrike gebieten en degradaasje dêrfan in bedriging foar de fûgel. Dêrnjonken wurdt der lokaal op glânsibissen jage. De fûgel is boppedat fetber foar fûgelgriepfirussen.

De wrâldpopulaasje wurdt op 200.000 oant 2.300.000 fûgels rûsd, wêrfan 28.700 oant 37.000 pearkes yn Europa. De fûgels wurdt troch IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Brauner Sichler (ferzje 25 april 2024)