Methuen Publishing

(Trochferwiisd fan Politico's Publishing)

Methuen Publishing Ltd is in Britske útjouwerij dy't oprjochte waard yn 1889 en fêstige is yn Londen. Yn 't earstoan joech it bedriuw almeast skoalboeken út, mar al rillegau waard ek úteinset mei de publikaasje fan literêre fiksje. Fan 'e 1950-er jierren ôf waard Methuen ferskate kearen oernommen, mar sûnt 1998 is it wer in selsstannich bedriuw.

Methuen Publishing
algemien
hist. namme Methuen & Co.
Eyre Methuen
nasjonaliteit Grut-Brittanje
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier Londen (Ingelân)
oprjochte 1889
oprjochter Algernon Methuen
dochters Politico's Publishing
offisjele webside
www.methuen.co.uk

Methuen Publishing waard yn juny 1889 ûnder de namme fan Methuen & Co. oprjochte troch de ûnderwizer sir Algernon Methuen, as in ferhikel om 'e troch himsels skreaune skoalboekjes út te jaan. Binnen in pear jier wreide de útjouwerij syn wurkmêd lykwols út, en it earste grutte súkses dat it bedriuw te'n diel foel wie de útjefte fan Barrack-Room Ballads, in dichtbondel fan Rudyard Kipling, yn 1892. Methuen makke in flugge groei troch, en begûn ek wurken fan oare grutte nammen út te jaan, wêrûnder Robert Louis Stevenson, Oscar Wilde en Edgar Rice Burroughs (Tarzan of the Apes).

Yn 1920 publisearre Methuen de earste Ingelske oersetting fan Einstein syn wurk oer de relativiteitsteory, ûnder de titel Relativity, the Special and the General Theory: A Popular Exposition. Ek grutte nammen as D.H. Lawrence en T.S. Eliot brochten yn dy snuorje harren wurk by Methuen út. Ek publisearre Methuen de Toefke-ferhalen fan 'e Belgyske striptekener Hergé, al easke de útjouwerij dat der feroarings oanbrocht wurde soene yn ferhalen dy't mei Grut-Brittanje te krijen hiene. Sa stjoerde men Hergé yn 1966 in list fan 131 "flaters" ta dy't oanpast wurde moasten yn it ferhaal It Swarte Eilân, dat yn it Feriene Keninkryk spile.

Nei't Methuen yn 'e 1930-er jierren al in fúzje oangien wie mei Chapman & Hall, waard it bedriuw yn 1958 ûnderdiel fan it Associated Book Publishers-konglomeraat. Nei't it letter de firma Eyre & Spottiswoode oernommen hie, stie it yn 'e santiger jierren lange tiid bekend as Eyre Methuen. Doe't ABP yn 1987 opgie yn 'e Thomson Corporation, waarden de útjouwerijen fan fiksje oerdien oan Reed Elsevier, dy't se yn 1997 trochferkocht oan Random House. It jiers dêrop, yn 1998, kocht Methuen himsels lykwols út, sadat it wer in selsstannich bedriuw waard. Yn 2003 naam Methuen de yn 1998 oprjochte útjouwerij Politico's Publishing oer.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.